ek fon belang fwar it lyterêr lêzen fon de fersen. Wy hûgge by Postma net bang te wêzen dot de poly-ynterpretabylyteit fon de fersen tróg de kennis fon lyterêre kóntekst en werklikhyd ferlern gean sil. Tróg it derby beheljen fon Van der Goot syn tekst waarden de mooglikheden fon ynterpretaasje fwar my jerder grutter os lytser.
Van der Meer hat der dúdlikemôg ferlet fon hôn óm him yn syn réaksje óp my wot út te tjirgjen, mar it nut fon ditsoarte útteringen lyket mear óp it flak fon it terapeutyske os óp dot fon it diskusjenyvo te lizzen. It hat yn olle gefollen dit foar dot de Trotwaer-redaksje nei sa'n stik fon Van der Meer net sa maklik mear beswier meitsje kin tsjin stikken fon oaren fonwegen de ‘gelykhawwerige toan’.
Gwón punten út de diskusje binne ol genôg taljochte yn myn brief fon 23 jonnewaris. Ik sil net óp olle slakken sôt lizze, mar gwón bewearingen wól ik dochs graag even ûnder Van der Meer syn beswarrende honnen weihelje óm se nogris yn it gewoane deiljocht te besjen.
Van der Meer syn neiere ynterpretaasje fon ‘beheinde ûnderfining’ by Postma (= beheinde útterlike ûnderfyning) soe by fjirder trógtinken aardig regaad meitsje kinne yn de besteande lyteratuer: der binne net sa'n soad dichters dy't generaal of soldaat west ha by de slag by de Marne of dy't by de eksekúsje fon Mata Hari west ha, en sa soene wy nog wól even tróggean kinne... Dy ‘beheinde ûnderfining’ hat faaks dochs net sa'n goede set west fon Van der Meer.
Van der Meer stelt hiel wot yn it wurk óm te bewizen dot er mei de sin ‘dat er (...) - en dat fral yn de lettere fersen, leau ik, as er ûnder ynfloed kommen is te stean fan filosofyske streamings - syn taflecht nimme moast ta grutte, swiere wurden (...)’ net bedoeld hat dot Postma earst yn de tiid fon syn lettere fersen ûnder ynfloed kommen is te stean fon fylosofyske streamings, sa't ik it yn myn earste artykel werjûn ha. Van der Meer syn ómynterpretjerjen fon syn eigen wurden (parallel mei un feroaring fon ópfetting?) hat my óp gjin inkelde wize oertsjûge. Ik krij mear it ydee fon un gûchelkeunstje. Om it ris dichterlik te sizzen: ‘Lees maar, er staat niet wat er staat.’
Oer it ‘moai en suver’ ha ik ol it ien en oar sein yn myn brief. Ot Van der Meer noris sein hie dot de wurden fon Postma tsjutten óp un stribjen nei autentyskens of sókssawot, soed er don net tichter by it gedicht kómmen wêze os mei syn ‘moai en suver’?
Yn syn besprek fon de rygel ‘Né, dy dagen...’ hellet Van der Meer trógenwar de jónkhyd fon Postma en de dichterlike jónkhydswrôd fon Postma. De jónkhyd sa't Postma dy echt belibbe hat, is wot oars os de jónkhydswrôd dêr't er oer dichtet. En yn dy dichterlike jónkhydswrôd posse gjin tsjusterens en fertriet. (Sjóg ek de tróg Postma mei ynstimming oanhelle fysy fon Töpffer óp it dichterskip). Dot is olles.
Os Van der Meer syn karakteristyk fon Postma os ‘tragysk’, subsidiair