Dêr moat eltse poezijleafhabber dochs wol efkes stil fan wurde tinkt my. Of faeks hastou net safolle affiniteit ta geiten, Douwe? Ek oer Douwe Tamminga hie ik bettere forhalen witten, mar ik jou ta datst it as skriuwer/gearstalder fan dy bondel net sa noflik hiest fan datoangeande.
By Jan Jelles Hof mis ik smertlik in forhael dat ik dy fortelle kinnen hie, mar hwat ik foar it neiste nea dien haw.
Net sa lang nei de oarloch, it sil yn 1948 west hawwe (doe't de parsesuvering en sa, dêr't Anne Vondeling ien fan de wichtichste figueren yn wie, in striidpunt útmakke), mette ik foar it Kânselarijgebou yn Ljouwert de hear Hof, dy't dêr mei krûme rêch en o sa stadich oansetten kaem. Ik frege hoe't it him gie en it andert wie: ‘Bêst, mar ik haw it sa yn 'e rêch. En in pine, in pine..... Dat winskje ik..... dat winskje ik..... dat winksje ik Anne Vondeling sels net ta’.
Tableau. Nou haw ik altyd oanstriid om hjirby útlizze to wollen hoe yn wiere sin great ik dit fyn en hwerom, wylst ik tagelyk bisef dat dat idioat is, dat it ôfbrek docht oan it forhael.
Hwerom 't dat sa is bigryp ik net. Yn it algemien haw ik der net sa folle lêst fan eat útlizze to wollen, en as ik it al wol dan doch ik it. Mar net yn dit gefal; sûnder dat ik krekt wit hoe't dat sit.
Ienkear haw ik foar myn gefoel wol aerdich útliz dien. It wie yn Boalsert op in literaire heechtiiddei, dêr't ik ek in pear wurden sizze moast. Wylst ik bigoun seach ik it hear ris oer. Ik seach al dy glânzgjende bliere en fatsoenlike gesichten en op itselde stuit foei my it wurd dêrfoar yn. Ik sei dêrom dat it in dei wie, dat hiel de fine fleur fan Fryslân oanwêzich wie. Ik spriek dat gewoan Frysk út en sei mei in tuskensintsje nei de heechst oanwêzige pommerant: ‘Dat is Frânsk, minhear de Kommissaris’.
Somlike dingen fynt men sa goed dat men se sels bitocht of sein hawwe soe; wolnou dit wie nou sa'n ien.
Mar hwer't ik dy winliken oer skriuw is it folgjende. Under Anne Wadman fortelst oer de Armenyske oersetting fan Jelle Brouwer syn fers Kastanjes troch de Transkaukasyske dichter Mechit'ar Maleachi, dy't yn 1955 yn de Tsjerne forskynde. Dan setst er ek noch in ‘Noat 1981’ by, dy't ik mar eefkes yn syn hiele hear en fear oernim: ‘It origineel hat Brouwer mei de oersetting yn 1963 jitris yn in apart bondeltsje útjown. Der wiene doe noch fjouwer bykommen, ntl. yn it Hollânsk, it Sölringer Noardfrysk, it Deensk en it Sweedsk, meiinoar 13. Mar Maleachi sines wie der net by’.
Dat is wier, Douwe, mar like wier is dat der letter nochris in aparte bondel forskynd is dêr't noch gâns mear yn stiet. De ‘Armenyske oersetting’ is der ek by, njonken û.o. myn parody ‘Karamboals’. Brouwer hat my nochris ekplisyt frege oft ik ek skuldich stie oan de Armenyske oersetting. Ik moast bikenne dat myn Armenysk mar sa sa wier, skraech goe-