[Eppie Dam
Tusken himel en ierde (vervolg)]
dei ferskil, wie oars net as in touter, en wat er letter ek besocht om it iene mei it oare te fermoedsoenjen, it slagge him net. Al dy jierren hjirre is er ommers net fierder kommen as it oanienwei iepen- en tichtlûken fan de gerdinen: de grinzen dy't er fuortfage, hat er hieltyd eigenhandich wer hersteld, benaud at er altyd noch wie foar it ynelkoar oerrinnen fan dy beide net-besteande wrâlden. Twa keunstmjittige, troch minskeharsens wanstaltich skepen, skynwerklikheden stiene it begjin fan de wierheid yn it paad: dat it bestean der sa net hinne leit, dat alles oars is en gjin ding mei wissichheid te sizzen. Ienris moast de earmoed fan it prinsdom ek wol klear en ûnwjerlisber oan it ljocht komme, ienris dúdlik wurde dat syn impotinsje folle fierder giet as it ûnbekwaam-wêzen fan syn fleis en bloed. Syn geast is, knikt en knoeid yn it oanbegjin, te lyts hoden om no, wat bûten it direkte eachweid tahâldt, op te nimmen yn ferbylding en mei tinkkrêft te befiemjen. Hy komt de doar net út, oars as om spinaazje, heale bôlen en de lêste searje postsegels foar syn sammelboek. It paradiis hat him ferplakt fan apelhôf nei souderkeamer, mar is der wol ferskil? In prins mei in keninkje wurde, in mins wurdt er nea, want syn bewâld bliuwt like leech en lyts. Hy theedrinkt yn syn glêzen paviljoen, wylst oan alle kanten om him hinne de grutte jonges him finzen hâlde yn massale besingeling. Ja, ien grut ferskil is der mei doe: dat er it no ynienen helder foar him hat. Hja hawwe him bepopke, wylst hja him hurdzje moatten hiene. Hja hawwe it lijen by him weihoden en it kwea bûten him projektearre op it minskdom, sûnder him betrouwen te jaan yn eigen mooglikheden en dy fan oaren. Hja hawwe him geastlik amputearre, syn fantasije om hals brocht mei har fêste ritmes en rituëlen, syn pine mei tûfkes bomwol bedutsen noch foar't hja te fielen
wie. Hja hawwe him deasmiten mei hieltyd deselde sechjes en ferlechjes, lege wurden, mei deselde yntonaasje sprutsen tusken deselde stiltmes troch. Hy hat noch nea net libbe, inkeld fegetearre. Dy wittenskip sil al syn libben net mear wei te prakkesearjen wêze. Hy is wekker wurden út de dream. Hja hawwe him bedoarn, hja hawwe him ferdomme foar ivich bedoarn. No is it te let om noch útein, om fierder of werom. At him ien ding goed foar eagen stiet, dan is it wol dat alles no foargoed te let is en foarby’.
Hy kaam oerein, helle in doek oer de skuon en skode yn de skearspegel de strik in bytsje stiver om de hals. Doe krige er it plankje út de touwen fan syn touter en makke de linkerstring mei mear as de helte koarter. Hy himme even en makke it middelste knoopke fan syn jaske fêst. Kalm en sûnder omwegen klantere er op de stoel en lei de lus om de nekke. Nei de stap yn de bedelte en it kanteljen fan de stoel, hong er, behyplik soeikjend, tusken souder en flier. Mar it wie yndie te hurdzjen. Wjerssiden de rits loek de broek him strak yn spande tearen fanwegen de ereksje.