tille, dan kin hy prinshearlik soeikje tusken himel en ierde. Tusken himel en ierde is it libben te hurdzjen.” “Mar, pake, wy binne hjir dochs yn de himel,” woe ik hawwe. “Jawis,” sei pake dan, “hoe koe ik ek sa. Dat hy it pake noch fertelle moat hoe en wat!” Hy sette my op de touter dy't oan de tûke fan de apelbeam hong, en wylst er my sjongendewei optreau, sakke de sinne yn it westen read en rûn efter de einder. Dan wie it tiid om op bêd: wite lekkens, waarme tekkens, en gjin oantins mear oan de wreedheden fan it deistich ljocht.’
Hy krige de touwen en it plankje út de kast, hong de touwen oan de ringen yn de souderbalke en lei it plankje oan de úteinen yn de lussen. Mei it kreaze pak oan, de strik foar en de sierlike fiters yn de skuon, bestiigde er syn touter, fâlde de earmen om de stringen hinne en mei de hannen gear, lit er him súntsjes hinne en wer soeikje tusken souder en flier. Sa rekke er yn de sliep. Doe't er wekker waard, tilde de merke op fan lûdroftich gerop. Hy liet him fan it plankje sakje en rûn hoeden nei it rút. In leger demonstranten, wapene mei spandoeken en megafoanen, marsjerre mei muzyk troch de strjitte. Fan de oare kant kamen plysjemannen mei skylden en stôken, soldaten mei plestiken maskers foar, út it museum weistapte harnassen op skombekjende hynsten, en tanks, sa foar it each sûnder bestjoerder, mar lykwols wis fan harren doel. Ear't er syn dizenige tinzen goed en wol oardere hie, wie it ynienen in slaan en saaien fan stôken, kneppels, tegelbroazels en stiennen. Tafels waard omkeard, bokjes kantelen, tintseilen ferskronfelen. It grientewiif stie wiidskonkich efter har kiste mei hurdgriene apels. As wiene it bommen, sa liet de tsizeman, fan syn frachtweintsje ôf, de tsizen delreine op elk dy't him te nei kaam. Net langer as in pear menuten seach er it oan, doe griepen syn hannen de gerdinen en skuorden se ferheftich ticht.
‘Hjoed moat ik hjirwei,’ tocht er. ‘Hjoed moat ik werom nei it paradiis. Ik haw my skeard en nea net haw ik der better op klaaid west as no. Ik sil it sulveren fytske krije -earne moat noch myn sulveren fytske stean- en núnderjendewei ta de wrâld útride, my meter nei meter út it gefang fan myn eangstme weitraapje, werom nei it skûlliif efter de homeiepeallen, dêr't de kaai ûnder de klok leit, de kat yn it finsterbank en it pluzen kleedsje foar de ivich súntsjes gluorkjende kachel; dêr't de thee mei molke dronken wurdt, it waskwetter waarm is en pake ûnder syn burd de tiid yn de bûse hat oan in gouden ketsje.’
Ynienen krige er it hiel dúdlik foar him. Earst no hellen de harsens de dream nei boppen, dy't er dreamd hie doe't er niissakrekt op syn touter siet: Hy fytste yn de netsjese klean op it sulveren fytske mei de skitterjende speaken. Al fan fierren seach er, lykas altyd, de wite homeiepeallen, mar dizze kear stie der in tredde, swarte peal tuskenyn. Neigeraden dat er tichterby kaam -it fytske bejoech it omtrint ûnder syn gewicht-,