pe, mei sinlike stapkes op my ta. ‘Sit er dêr moai op syn eilantsje?’ frege hja dan. Ik
glimke, knikte en seach ûngemurken altyd wer even omheech nei de kris. Hja moat it murken hawwe, myn ûnbestimde eangst foar it heimsinnige wapen, want op in middei doe't ik op it pluzen kleedsje stapte en appèl hood ûnder de skoarstienmantelstikken, wie de kris derwei.’
Hy krige it breamês út it oanrjochtslaad, snie him in stikje brune bôle ôf en formearre it mei de wite treppot, it theeglês en it hinneaaike ta it deistich stillibben op it breaplankje. Hy rûn dermei nei it keammerke en, de rêch tsjin de râne fan it bêd, joech er him del op de flier. By de bêdspoat lei de lege wynflesse, de koark dernjonken. Him hielendal konsintrearjend op iten en drinken, waard er even, folslein gedachteleas, wei yn in tiidleas wjek, in gat yn de dei. Doe stiigden de lûden op fan de strjitte: it oanriden fan frachtweintsjes en disel-besteltsjes, ja, sels it útladen en stâljen fan de waar wie by him boppen te hearren. Hy rûn nei it rút en bekipe, heal efter de gerdyntsjes wei, it hinne en wer drafkjen fan in leger drokke mantsjes en wyfkes. As foarmen hja in folk fan bijen, sa hecht en rjochte op itselde doel wie harren lytse maatskippij. De man fan it boartersguod sleepte mei in earmfol sjitgewearen, liet se op de batting kletterje en begûn doe de wapens soart by soart te sykjen. Dêrnei helle er syn sjekpûde ûnder de trui wei en rôle in sigaret. ‘Fang!’ Mei foelen him it floeike en it topke tabak út de fingers, wylst de griene apel fan syn skoech stuitere en meters fier oer it asfalt hinne hobbele. ‘Fang dan ek!’ It readfleizige wiif fan de grienteboer krige in nije apel út de kiste, wreau him, de tonge heal ta de mûle út, glêd oan har skelk en smiet oppenij. Behindich heinde er it projektyl, hifke it mei ien erchtinkende eachopslach as hied er in granaat yn de hannen en sette syn tosken deryn. Doe griep er ûnferwacht in gewear en fjurre in koark op har ôf. De kûgel spatte, krekt ûnder de nâle, fan har grouwe liif werom en rûgele ûnder de tafel. ‘Te heech, jonge,’ rôp hja en
rôle gleon mei de eagen. ‘Bisto no gatsjetûk, of net?’ Hy draaide him om, krige de koark fan de flier en treau him op de flesse. Mei it theeglês, it aailokje en de wynflesse op it breaplankje, rûn er starich nei de keuken. Hy seach dat it ljocht wie, liet it ôfwaskbakje fol kâld wetter rinne en begûn him by it oanrjocht te waskjen.
‘Nei it jûnsmiel moast ik my hielendal útklaaie,’ tocht er. ‘Hja hie gjin tel de eagen fan my ôf, at ik ien foar ien de stikken klean fan my ôfstrûpte en op it flierkleed falle liet. Swijend wosk hja my de holle, earmen, boarst en rêch, mei waarm wetter en woldiedich rûkende sjippe. Foar ûnderliif en fuotten holp hja my dan altyd op de hege stoel. Doe dy iene kear - ik sil krekt tsien west hawwe -: wylst har hân heech tusken myn skonken rêd hinne en wer gyng, fielde ik hoe't it bloed út de allerfierste