ne mear as tachtich nammen fan, nei men oannimme mei, echte dichters, faklju dy't der serieus mei dwaande binne poëtyske teksten te meitsjen. Dêr binne der guon by, dêr't bondeltsjes fan útjûn binne, al of net mei stipe fan C.R.M., F.U.F. of X.Y.X.. Hieltyt kreazer, hieltyt tinner boekjes liket it stribjen te wêzen.
As men nêst de boppeneamde blomlêzing, in tal bondeltsjes en de produksje yn de lêst jiergongen fan Fryske literaire tydskriften derop neigiet, sjocht men dat it dichtwurk foar it grutste part bestiet út koarte teksten: tweintich rigels is al gâns in protte. It frij dat de dichter hat om sels de rigellangte te beskieden, brûkt er meast om se koart te hâlden.
Fierders docht bliken dat de dichters it dúdlik derop oerlein ha begryplike teksten te meitsjen. Lyryk yn de betsjutting dat der noteard stiet wat der út it ûnderbewêste opwâle is, is der net by. Dy't fan betinken is, dat allinne sokke teksten echte lyryk, poëzij, binne en alle oare rederikerij, sil yn de Fryske koarte-tekste-produksje fan de lêste jierren net oars oantreffe as dat. Mocht der alris in ‘echte’ kearn west ha, dan is der neitiid sa mei de tekst ompankoekbakt, dat er rasjoneel liket. Mei ‘pankoekbakke’ wurdt dan bedoeld, dat it ferstân de einregy fiert en de dichter weromfalt op wat er fan oaren leard of sjoen hat, dat er nei in tradysje weromtaast. Oan in protte teksten kin men sjen dat der flyt op dien is, dat der stribbe is nei in produkt dêr't wurdearringen as ‘moai’ of ‘sterk’ foar jûn wurde kinne.
Safolle teksten, safolle kreaze opsteltsjes oer libben en dea, frijerij, natuer en lânskip, âld en nij sear, familymythology, de swierrichheden fan de dichterlike kreaasje, neam mar op. Elk stikje ferheget it kultureel credit fan de naasje, skôgers kinne it skôgje, skoalmasters it útlizze en der fragen by opmeitsje. Oan in stikmannich teksten kin men sels ferhannelingen oer ‘poëzij’ of aspekten derfan ophingje en dan is men al gâns in ein op reis nei sabeare wittenskip en soe men hast ferjitte, dat dichtsjen in frijbliuwende en net sa'n slimme manier fan skriuwen is en it meitsjen fan in ferske fantusken de tsien en tweintich rigels net sa'n heikerwei.
Tsjin dat lêste stiet dan al oer, dat men oan it einprodukt frij hege easken stelle mei. As dat net wat ‘aparts’ hat, hat de dichter alle muoite fergees dien. ‘Apart’ is in tige subjektyf kritearium, mar wol it iennichste dat ús foar de evaluaasje fan it einprodukt oerbliuwt. Objektive kritearia binne der net, al wurd hieltyt wer besocht prejudysjes, foaroardielen, dêrfoar trochgean te litten.
Wat Reinder van der Leest oant no ta publisearre hat oan proaza en poëzij kipt der hast altyt út trochdat it wat aparts hat. Hy is sonder mis de meast originele Fryske skriuwer en dichter fan de lêste fyftjin jier.
Hy is, leau'k, begûn mei twa folderkes, ready-mades en semi ready-mades, dy't ‘patates mei mayonaise’ en ‘flardeguod’ hjitte en hearre ta it nijsgjirrichste, dat yn de jierren sechstich yn Fryslân ferskynd is. It measte is letter opnommen yn ‘boartersbûkje 1909 en sextich’. Benammen typografyske tipelsinnichheden as bgl. ‘UORF ROAF ED LEGEPS’,