| |
| |
| |
Frjentsjer, 28 septimber 1981.
Oan de redaksje fan Trotwaer,
postbus 3589,
7500 DN, Enschede.
Achte redaksje,
Hjirby stjoer ik jimme in ferfolch op it kostlike ferhaal fan Willem Abma yn Trotwaer 1981-4.
Hei heechachting,
Tr. Riemersma,
Gods-acker 10, Frjentsjer.
| |
| |
| |
Tr. Riemersma
Nije fragminten ut ‘De klinyk’
It is healwei trijen, besykoere. Suster Anique hat even lins. Noch hastich hawwe hja en har kollega's de pesjinten fan thee foarsjoen en no hawwe hja harren oerlitten oan de faak goed bedoelde, mar net altiten like opfleurjende praatsjes fan femylje en kunde.
Hja sitte meiinoar yn it rekreaasjesealtsje te theedrinken. It is in trochgeande striid tusken personiel en pesjinten foar wa't dit sealtsje no winlik ornearre is. Der is yn safier in kompromis sletten, dat de ferplegers en ferpleechsters it allinnich ûnder besykoere foar harren opeaskje, en dan ek ferwachtsje dat ek de pesjinten dy't gjin oanrin hawwe it mije om hjir in foet oer de drompel te setten.
Der wurdt praat, lykas altiten, en it giet útsoarte oer pesjinten, oer de artsen en oer de haden fan de ôfdieling. Suster Anique harket net nei de petearen, hja sit yn tinzen ferdjippe. It theekopke hat hja yn beide hannen en sa lit hja har hannen dele yn de waarmte fan de thee, mar hja wit sels net wat hja docht. Yn gedachten is hja werom op kr. 109, by menear Loeres, dy't noch ûnferwachts oan in ynoperabele tumor stoarn is. It hat har oangrypt, mear as oare stjergefallen. Hja hat der al safolle meimakke. De ein oankommen sjoen, en dan de dea. En dan waard it routine: waskje, skeare - as it in man wie, - opmeitsje - as it in frou wie -, watten yn de anus, skjinne piama of nachtjûpe oan. En dan wie it dien, en de oare pesjinten wienen der wer en de mannichfâldichheden fan it libben. Mar Tamme kin hja net kwyt wurde. Tamme, skreaut it faak yn har, wêrom do ek? Is it omdat hja troch him echt frou wurden is en it grutte lok foar it earst preaun, ja letterlik syn sied preaun hat, de soere krêft fan de superieure manlikheid, of om syn geasteskrêft dy't de pit fan har iensumheid trochboarre hat? O, Tamme Loeres, wêrom moast ik dy sa hurd wer misse? Mar dan slacht hja mei skamte de tsjin it needlot opstandige tinzen del: hokker rjochten hat hja om fertrietlik te wêzen om de dea fan in troude man? It is net folle earder de iensum oerbleaune widdo dy't har oerjaan mei oan triennen? Hja fielt dat it bloed har nei de wangen stiicht - hat hja net de hân tusken beam en bast stutsen en fan de ferbeane apel biten? Mar wêrom hat hja ek noait in man troffen dêr't froulje fan dreame, in folsleine, echte man, helendal foar harsels? Hja hat in skoft skarrele mei in homofyl, dêr't hja oars tige mei prate koe, mar as it der oan ta wie om it heechste fan de leafde te belibjen, dan liet er it ôfwitte. Op in stuit dat hja har net mear behearskje koe, hat hja him de
| |
| |
broek fan it gat skuord en syn manlikheid streake. Mar der wie gjin ferhef yn te krijen. Wyld snokkerjend hat hja har doe op de divan smiten en it kessen trochweakke mei har triennen. En doe't hy har treaste woe, hat hja útroppen: ‘Ferlit my, ast doch net fan my hâldst!’ En wat hja net ferwachte hie, hy gyng, as in sleine hûn. Letter hie hja wol tocht, hie hja net te hurd west? Hie in homoseksueel it net al slim genôch mei syn tsjinnatuerlike driften, dy't der ta laten dat er ûngeskikt wie om in gesin te stichten? Moast men sokke stumpers leaver net mei geduld temjitte komme? En doe, dêrnei, hie hja in skoft gedoente hân mei in eks-ofsier dy't yn de Libanon fochten hie. Stikje by bytsje waard hja gewaar wêrom't er ôfkard wie foar de tsjinst: in granaatskerf hie him ûntmanne en doe wie alle kriich út him gien. Yn in momint fan gemiensumheid hie er it har sjen litten, it lege, skronfelige sekje. Hja hie it útmakke, hja hie it net oankinnen. Djip yn har wie in skreau nei it memmeskip, hja woe bern ûnder it hert drage en op de wrâld bringe, oan de side fan in soarchsume, sterke man, en dy dream koe hja gjin ôfstân fan dwaan. Leaver noch soe hja dea wêze, as it grutte lok har foarbygyng. Wêrom kaam it dan net, wêrom wie der foar har gjin leafde en lok? Fragen, allinnich mar tragen, dêr't hja mei omtiesde en sa ûngelokkich ûnder wie. Wannear soe it antwurd dan komme yn de foarm fan in pear sterke manljusearmen dy't har omklammen?
En wer gyngen har tinzen werom nei Tamme Loeres. It hie net allinnich lichamelike leafde west, alteast fan har kant net. Mar... hja twivele doch djip yn harselme, oft hja net te hastich it lichamelike aspekt yn har ferhâlding behelle hie. O, hja wist heel goed wat har dreaun hie: hja woe him ha, hja woe him bine. Mar mocht dat, wie dat goed? Wie it net better om earst geastlik ien te wurden? Doch, dat hie der ek wol by west. Hja hienen hiele nachten praat oer it djippe ferstean tusken minsken, oer it Bhoeddisme hienen hja praat en oer literatuer. Mei in skok waard hja har wer bewust fan de haikû dy't er har de lêste oere foar syn dea jûn hie. Se hie der om gûle moatten, sa yntryst wie syn libbensfilosofy, en hoe sarkastysk hy it ûnder wurden brocht:
Bestie der dan oars neat tusken har as it lichamelike? O nee, dat wie wol oars dúdlik wurden. Achter dat hurde pânser fan sarkasme skûle in meilydsum en nei leafde hunkerjend hert. Safier hienen har eagen wol troch dat pânser boarre. Mar de libbensûnderfining hie him leard om him net iepen en earlik oan in oar te toanen, omdat dêr sa faak misbrûk fan makke waard en oaren oer jins ynderlikste fielings hinne wâden mei rauwe en botte wurden! Hie syn frou har dêr ek net skuldich oan makke? Wie sìj net de grutste oarsaak fan syn uterlike hurdens en fan syn sa- | |
| |
beare oerflakkigens? lenkear hie er dêr tsjin har, Anique, wat oer útlitten, syn frou begriep him net, hie er sein. Se hie der net op ynfreegje wollen, omdat de dingen tusken man en frou sa tear lizze kinne, en in oar it mei syn goede ried ek faak noch bedjert. Der binne safolle teare fielingen yn it libben, dêr't men net oer prate kin.
Wer moast hja tinke oan de lêste oere. Hy hie witten dat it ôfrûn, al hienen de dokters en de ferpleechsters it foar him ferburgen hâlde wolle. Sis it mar earlik, Anique, hie er sein, it rint ôf mei my. Hja hie net anderje kinnen, en stille triennen wiene ûnder har eachlidden weigliden. Ja, dus! hie er allinnich sein. Hja hie him sa graach treaste wollen, wat dwaan om him op te fleurjen, mar hja fûn neat, en hja skriemde sûnder wurden. Heel hoeden hie hja har hân ûnder de tekkens stutsen en syn ljisken beroerd, om him wat ôf te lieden. Mar hy hie skodholle en sein: Yn it oangesicht fan de dea sil men de manlikheid net oprjochtsje. Syn betrouwen op it bibelwurd wie foarbeeldich! Hoe faak hie hja dat net oars meimakke, dat leauwige minsken bearden en flokten as hja de dea oankommen seagen. O, soms hie hja de earen wol tichtstopje wollen om de godslasteringen net te hearren. Mar Tamme bleau himsels doe't de dea him wonk. Tear hie hja syn lid streake, wylst hja tsjin him sein hie: Ik wol noch ienkear it moaiste mei dy belibje. En dêr hie hja sels fûl om skrieme moatten. Hja hie har wite jurk útdien en har bh losmakke. Foarsichtich sloech hja de tekkens op en bûgde har oer it bêd hinne om syn hearlik manlik wapen tusken har boarsten te bringen, ticht oan har hert. En wylst de triennen har fan it gesicht dripten, hie hja him ta it hichtepunt fan de leafde brocht. Hy utere in smoarde gjalp doe't it sied tusken har boarsten spuite. Syn holle skodde as gyng der in kramp trochhinne. En doe wie it ôfrûn. Hja hie de tekkens oer him hinne slein en wie stil sitten bleaun, as moast hja noch oer him wekje. De triennen sakken by har kaken en hals lâns en rûnen oer har boarsten om har dêr te fermingen mei syn sied. Triennen en sied, wie dat net it hele frouljuslibben? Op it lêst hie hja har fan it bêd losmakke en it
waarnimmend haad warskôge. Tamme Loeres is dea, hie hja sa neutraal mooglik sein. Wat gyng in oar har emoasjes oan? Winlik hie dat de greate oerienkomst tusken har beiden west, ek hja doarst net maklik te uterjen wat op it djipst fan har hart lei. It wie har wol ôfleard, earst yn it weeshûs en letter by de ûngefoelige en stienhurde pleechâlders dy't har allinnich yn de hûs nommen hienen om de finansjele fergoeding. Wa hie him ea bekroade om har ynderlik en har dreamen fan it grutte lok? Tamme, ja, dy wol, mar dy wie dea.
‘Anique! Anique, toe ju! Sitst te sliepen?’ Wreed waard se út har prakkesaasjes wei nei de werklikheid weromskuord. Ferskillende waarnimmingen twongen har oan har op. Hja sieten allegear nei har te sjen, en hja laken, en hja hie in kopke thee yn 'e hannen dêr't hja noch net fan dronken hie, en der wienen stimmen om har hinne, en boppe-al: yn de
| |
| |
doar stie de nije plastyske siruch, dr. Van de Kruk, dy't hjir no sûnt in pear wike wurke, mar dêr't hja noch net mei yn de kunde kommen wie omdat hja yn de nachttsjinst sitten hie. Syn brúnferbaarnde kop en syn al justjes griizjend hier wiene har de ienige kears dat hja him út de fierte sjoen hie daliks opfallen. Mar hy seach der jeuchliker út as hja doe tocht hie. No seach er har wat gnyskjend, wat spotsk oan.
‘Jo binne suster Anique?’
‘Ja dokter.’
‘Dan woe ik graach dat jo om healwei fiven even by my kamen. Ik woe in pear dingen mei jo beprate. Ik hoopje dat jo de sliep dan út ha’.
En fuort wie er. De oaren laken derom. Bah, wat in aakliksma om hjir yn it bywêzen fan elkenien har te skande te meitsjen. En wat koe hja werom sizze, wat hoe hja útlizze? Soe hja fertelle fan har fertriet om Tamme Loeres? De oaren soenen derom laitsje. Kom, foar dizze in frisse. En dan in kearel mei in tumor yn de kop! Ik woe leaver! Foarst it witst hast útsieddingen nei de testikels, en dan witst it wol: kastreare dy handel! En dan kinst wer fierder mei it fingerke of mei in fibrator! Sa praten hja, de oaren, hurd en gefoelleas. Nee, hja soe swije, der wie ommers doch nimmen dy't har langjend herte ferstie. Beret sette hja de kâldwurden thee del doe't de haadsuster kwânskwiis it rekreaasjesealtsje ynkaam en de oaren oerein spatten. Ja, oan it wurk, dat wie it bêste dat hja dwaan koe. Har leafde dy't foar in man en foar bern ornearre wienen, soe hja oan de pesjinten jaan, lykas hja altyd al dien hie. Mar koe dat op 'en doer stânhâlde? Koe dat it hert foar jimmer befredigje? Och, hja wist it net, har kutlipkes trillen soms as in bernemûltsje yn de winterkjeld - dat langstme, o dat ivige langstme! Mar moedich biet hja de tosken opinoar, wylst hja in karke de seal opried om de lege theekopkes op te heljen. Hja soe har der wol troch slaan. En aanst by dr. Van de Kruk soe hja de koele en saaklike ferpleechster spylje. O nee, hy soe gjin spyn oan har fine.
Suster Anique sit yn de medysynkeamer mei de hân oan de holle te prakkesearjen. Tusken har fingers stekt in sigaret dêr't de jiskekegel al langer fan wurdt en foar har stiet in kop kofje. Ik nim wol even foar dy waar, hat hja tsjin har kollega sein, dy't graach bekje mei en dy't mei in tankber knikje nei it rekreaasjesealtsje strûsd is. Hjirwei kin Anique har skatterjen hearre. Dy Brenda, sa'n float frommis, altyd fleurich, altyd wille. Wêrom kin hja sa net? Wêrom siket hja leaver de iensumheid? SusterAnique tipt de jiske fan de sigaret en riert yn de kofje. Aanst moat hja mei dokter Van de Kruk de rûnte dwaan, en it is oer him dat se yn prakkesaasjes sit. Hja begrypt him net. Soms koel en spotsk, lykas de earste kear dat er har oanspriek, soms jongeseftich oerdwealsk, en in inkelde kear is der in suver wanhopige blik, as fan in beest yn it nau, yn syn eagen. Wa en wat is dokter Van de Kruk? Hja kin him net bedjipje. Elke kear hâldt hja harsels foar dat hja in suver formeel kontakt mei him ûn- | |
| |
derhâlde moat, dat net fierder rikt as de mienskiplike soarch foar de pasjinten, en dat hja har priveegefoelens net sprekke litte moat. Mar dat slagget har net. Iderkear wer betrapet hja har derop dat hja har ûnwis en famkesachtich fielt yn syn bywêzen, dat hja ûnhandich is en neitinke moat by routinehanlingen. En bûten de wurktiid prakkesearret hja oer him hja wit sels net hoe en wat. Wat is der mei dr. Van de Kruk, of leaver: wat is der mei harsels.
Hja wit noch goed dy earste middeis dat hja mei him prate. Hy hie har ûntbean yn syn wurkkeamer. Koart en saaklik hie er it har útlein: Ik bin fan doel om de ôfdieling dêr't ik it bewâld oer krigen haw helendal te reorganisearjen, en om't ik my dêryn net behinderje litte wol troch behâldsuchtich personiel, ferfang ik in part fan de krêften troch nije, dy't ik folslein nei myn hân sette kin. Wat in trochdriuwer! hie hja tocht, wat in eigenwiis stik potiten! De ôfdieling plastyske sirurgy hie doch ûnder lieding fan dr. Kloatstra ek goed draaid? Doogde der fan dy syn wurk no ynienen neat mear? Har foarnimmen om har koel en saaklik op te stellen drige al neat fan op de hispel te kommen. Hja moast harsels behearskje om net út te roppen: Sykje dan mar in oaren, doe't er har frege hie, of winklik hie it mear in konstatearring west: Jo geane dermei akkoart, nim ik oan? Hja hie knikt, en ta har eigen argewaasje der noch skoalfamkeseftich achteroan sein: Ja, dokter. En fuortdernei stie hja ek al wer op 'e gong, want it ûnderhâld wie ôfrûn. Hy hie in list fan it buro krigen en in streep set - grif achter har namme, gyng it troch har hinne. Ja, jo kinne gean, sei er noch, krekt as hied er ferûndersteld dat hja al út harsels fuort gien wie. Har groet wie net beantwurde. Lilk op harsels wie hja fuortrûn nei har wurk ta. Wat in selsfersekere aakliksma! En... wat wie hjasels in sûle!
Dy yndruk fan him wie de wiken dêrnei net heiendal weinommen, mar der wienen oaren foaroer kommen. Hja hie dokter Van de Kruk sa njonkenlytsen ek fan oare kanten kennen leard, in mear minsklike kant, en, ja, ek in wat frjemde, hast beeangstigjende kant fan syn wêzen hie him oan har iepenbiere. It makke har suver wat bang, net bang fan him, mar bang om him. Krekt as wie der in driging yn syn libben. Hja wist net wat it wêze koe. It koe net mei it wurk te krijen ha, want dêryn wie hy in meunster. Hja koe it no wol billikje dat er de ôfdieling reorganisearre hie, want hy hie mear yn 'e marse as dr. Kloatstra, ja, mear as hokker plastyske sirurch ek. Waard der net grute dat er út it Akademysk Sikehús út de Haadstêd kaam, en dat er dêr tige goed oanskreaun stie? Mar wêrom wie er dan nei dit streeksikehús gien, dêr't safolle minder takomstmooglikheden foar him wienen? Dêr swijden de praatsjemakkers fan, dat like nimmen te witten. Doch, hoewol't suster Anique oars in hekel oan rabjen hie, it woe har diskear oan dat der in grûn fan wierheid yn de praatsjes stiek.
No in goed wike lyk hie hja foar it earst wat wiidweidiger mei him praat,
| |
| |
it hie om in oere as alve west, neidat hja tegearre by de pesjinten lâns west hienen. It wie net drok, der wienen gjin nije opnamen. Miskien dêrom hie dr. Van de kruk it him mear oan tiid dien. Hy hie har in stoel wiisd, wylst er de paperassen op it buro oardere en doe hie er har in sigaret oanbean. Hja wist net goed hoe't hja soe, moast hja dy formeel net ôfslaan? Mar hja hie doch mar ien út it tastutsen pakje nommen.
‘Foldocht it jo, hjirre?’ frege er sûnder ynlieding.
‘Och,’ sei hja, ‘ja, no op 't heden skoan. Doe't ik noch learling wie, is it wurk my wolris swier fallen.’
‘Ik bedoel: by my,’ sei er, ‘by my en op myn ôfdieling. Foldocht jo dat?’ ‘Ja, dokter, ik bin...’
‘Gjin gedokter mear. Richard hyt ik. Ik hâld net fan dat formele gedoch. Dêr't ik weikaam, waard op kwaliteit let, en net op oerlibbe etikette.’
Hja wie fuortdaliks de tried kwyt. Wat hie hja sizze wollen, wat moast se him anderje? Foldie it har? Of doch net sa tige?
‘Jo moatte my wat langer tiid jaan, it is no noch wat gau foar in oardiel.’
‘Unsin! Do hast in yndruk, en dy kinst sizze.’
‘Ja, dokter.... ik bedoel....’
‘Wat bedoelst?’ frege er glimkjend.
‘Ik bedoel... Richard...’ Hja sloech de eagen nei de grûn.
‘Ja!’
‘Ik... leau fan wol goed, mar ik moat fansels tige omskeakelje.’
‘Moatte wy dat net allegear?’ frege er. ‘It hie foar my ek makliker west om yn Amsterdam te bliuwen. Mar soms hat men gjin kar en wurdt men twongen om earne oars opnij te begjinnen. Of.... opnij? Wannear begjint in minske ea opnij? It ferline bliuwt by jin, dat kin men net ûntrinne.’
Der wie bitterens om syn mûle, en syn eagen stoarren it rút út. Hja folge syn blik nei it tún dêr't de tulpen yn folle bloei stienen. Hy drukte syn sigaret út en seach har oan.
‘It hat syn goede kanten om út de sleur skuord te wurden, moatst mar tinke. Oars ruostket in minske fêst.’
‘Ha jo my dêrom fan myn ôfdieling helle?’ weage hja.
‘Nee,’ glimke er, ‘ik hie dyn steat fan tsjinst lêzen, en ik tocht dat ik dy brûke koe.’
‘En ha jo in goede kar dien?’ doarst hja te freegjen.
‘Do,’ sei er. ‘Ik bin net jo, mar do. En wat dyn frach oanbelanget, it is noch wat te gau foar in oardiel.’
‘Dat is flau,’ sei hja.
‘Eigen skuld, fanke! Beantsje om syn leantsje!’
Doe wie er wer earnstich wurden. ‘Wy sille it wol rêde, Anique. En wy sille ek wol moatte, in minske hat it nou ienris net foar it útkiezen, en miskien is dat ek mar goed. As al ús winsken útkamen, dan wienen wy grif ek net tefreden. In minske moat mar net tefolle
| |
| |
dwaan, dêr bliuwt er it sûnst by.’
‘Ja,’ sei hja, ‘mar dochs binne der dingen, dêr kin men min ôfstân fan dwaan. As men dy dream opjaan moat, watfoar sin hie it libben dan noch?’
‘Dêr hast gelyk oan,’ joech er as antwurd, ‘mar soms is it noadich om de dream te ûnderdrukken, oars soe men raer mei de holle wurde. It libben kin sa ûnfoarstelber leech lykje, Anique, sa treasteleas en útsichtleas. Mar ik fertel dy gjin nijs, nim ik oan. Dou bist ek gjin bern mear.’ Nee, dat wie hja grif net, mei seisentweintich jier is it bernige derôf. En it wie wier, der hienen ek yn har libben dûnkere skaden en tsjustere riten west, mar de dream opjaan, dat koe hja net, en dat soe hja ek neat kinne, tocht har.
Doe wie de tillefoan gien; dr. Van de Kruk moast daliks fuort. Hja hienen ôfskied nommen. Winlik wie se bliid dat it petear net fierder gien wie. Hja fielde dat it har op de lippen lein hie om tige persoanlike dingen te sizzen, en hja wist net hoefier hja gean koe en mocht. Syn gemiensumheid betieze har. Hja wist net wêr't dr. Van de Kruk op oanstjoerde. Hja moast tiid ha om hjir oer nei te tinken.
| |
Neiskrift
Oan de redaksje/oan de lêzers,
Willem en ik binne fan doel om dizze rige ferhalen oer suster Anique dy't it sa slim hat mar by einsluten it Grutte Lok fynt fuort te setten, as dêr teminsten fan de kant fan de redaksje en benammen fan de lêzers(essen) belangstelling foar is. Omdat der foar it earst echte dameslektuer yn it frysk publisearre wurdt - en ús tinkt mei dit inisjatyf hat de Trotwaerredaksje himsels ûnstjerlik makke - en Willem en ik ús ek op ûnbegiene paden bewege, woenen wy graach (opbouwende) krityk, goede ried en winsken fan ús lêzers(essen) hearre. Wysels taaste foar in grut part yn it tsjuster wat de smaak en de foarkar fan de lêzers(essen) betreft. Bygelyks: is it goed dat wy in doktersroman skriuwe, of is der mear belangstelling foar kesteel-, mem-en-bern-, stewardesse- of streekromans? Wy hawwe wat soft porno yn ús ferhaal bemongen, omdat ús tinkt dat de moderne tiid dat freget, mar ha de lêzers(essen) dêr genôch oan of wolle hja echte hurde porno? Ferkrêftingen en neukeraasjes mei apen en bearen? Lit it ús witte en wy skriuwe it, want Willen en ik steane foar neat.
Fan ús kant binne der ek in pear winsken. Foarst woenen wy graach dat Trotwaer in oar omslach krige, bygelyks in foto fan in brúnhierrich frommis mei op de achtergrûn, wat dizich, in manljuskop. En dêr in gouden râne omhinne. Twad, de titel fan it tydskrift is ús fierste plat-by-de-grûn; kin dy net wizige wurde yn ‘Stille langstmen’, ‘Gouden dreamen’, ‘Heftige begeartens’, ‘It longerjend hert’ of sokssawat?
R.
|
|