Steven de Jong
Oer it groeien fan in fers
Doe't ik dwaande wie mei it bestudearjen fan 'e bondel ‘hjerstreach’ fan Daniël Daen, skeat it my yn 't sin dat ik ris in beskaat soarte fan wurden ‘taboe’ ferklearre hie foar moderne poëzij (sjoch quatrebras 9e jg. nû.1). Dat wiene wurden as tear, stadich, ljocht, hôf, skruten, hjerst, dize, nacht, dream, wyn, rein, wetter, beam, blêden, fûgels ensfh. Disse wurden mocht in dichter fansels wol brûke, mar it beswier gau it feit dat poëzij hifke waard neffens de sfear, dy't dat soart wurden oproppe. M.o.w. ik krige de kribels fan 'e teare fersen, stadige fersen, ljochtfersen, hôf-skruten-hjerstfersen, en dize-nacht-dream-wyn-rein-wetter-beam-blêden-fûgelsfersen.
Dochs woe ik no sels ris in fers mei dy wurden meitsje. Benammen it wurd ‘dize’ yntrigearre my. Wêrom soe ik net ris in dize-fers meitsje kinne. En alhoewol't ik wat ironysk úteinsette, krige it spul my stadich yn 'e macht: