[Nummer 5]
Skriuwen is ek in fak
Over de bossen van Hooghalen - dat is ook iets waar je niet over schrijven kan,
tenminste niet als je er geweest bent.
Wy hiene it witte kind, wy wisten it ek: Oer it skriuwen as fak falt net te skriuwen, teminsten net at men it sels by de ein hân hat - om op boppesteande rigels fan de dichter Gerrit Krol (Polaroid, Querido Amsterdam, 1976, side 95) mar even te parafrasearjen.
Dochs ha wy hjir in nûmer gearstald mei bydragen fan skriuwers, wêryn't hja skriuwe oer har eigen wurk en it ûntstean derfan. In ûnmooglik nûmer dus. Yndie, dêr komt it op del. Om't it skriuwen sels yn wêzen in ûnmooglikheid is, wat it ûnderwerp ek wêze mei. Nim allinnich mar ‘de bossen van Hooghalen’. Nim, om nochris wat te neamen, in fytsfakânsje troch Dútslân hinne bygelyks. ‘...nei de fakânsje wachtet de neitins dy't ik hjir prebearje (al is it dan mar o sa breklik) fia de typmesine op papier te krijen.’ (Geart van der Meer, side 291). O sa breklik, ja. Skriuwen bliuwt behelpen. Skriuwen ‘kin wêze in besykjen om mei de taal it oarspronklik loksfielen benei te kommen. Dat is dan tsjin better witten yn, omt dat fielen net-talich en net-tinkend is, mar dus echt in fielen.’ (Geart van der Meer, side 292). Tsjin better witten yn. Goed besjoen is skriuwen gewoan in spul fan neat. ‘It grutte probleem is om de erfaring oer te dragen op papier, mei deselde djipte, deselde skientme, itselde rotgefoel. Ik bedoel it sa: de skriuwer belibbet wat, de byldzjende keunstner sjocht wat. Men wol it op papier sette, op it doek fêstlizze, yn hout of stien fykje. Mar dat direkte momint, dyselde erfaring driuwt fuort en wurdt ta in oare wurklikheid op it momint dat men it besiket fêst te lizzen.’ (Oene Spoelstra, side 317). Skriuwen skept in oare wurklikheid. It skriuwen oer skriuwen dus ek. ‘De dichter kin stomwei net alles sizze wat er tinkt. Hy nimt, sûnder euvelmoed, yn syn harsens al beskate beslissings. Wat bliuwt ûnbewust? Wat wurdt bewust? Oan dy swierrichheid is net te ûntkommen, dêr