Trotwaer. Jaargang 13(1981)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 246] [p. 246] jac. dykstra kremaasje deasketten ljocht brekt grizich op dyn just beklomme lea en mei in lêste stille huver ferwaait de lette, wurge dea. sediminten, sân en jiske, bekuolle waarmte tusken stien, it ferstoot ûnder de loften, wurdt wer mei de ierde ien. djip yn my, ûder de tearen, wol ik dy roppe, kear op kear, mar sels boppe fûgelkloften libbet no ús heit net mear. Vorige Volgende