Trotwaer. Jaargang 13(1981)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 234] [p. 234] geart van der meer pavane foar in ferstoarne prinses do bist sa tsjep, sa fyn, sa kein, sa tear, dyn lipkes bin sa bleek, sa blaube-iere dyn hantsjes, dyn teisterkes sá ynfieren, dat ik mei skerpe kâldens dij begear. dyn klieren fuotsjes triptrapkje net mear, dyn boarstkes sil gjin dreameprins beriere; nea sil er dij nei 't himelbêd ta fiere, omt ik mei skerpe kâldens dij begear. dyn amper jong-bloeien sil nea fergean, dyn deade laits bliuwt as koel moarmer stean. nea sil dyn fammeflues foar 't libben wike, mar mij hast mei dyn wite kjeld ferrike. sjoch, hoe't ik dyn sulvren koarde brutsen ha, mei myn wite leafde dij tadutsen ha. [pagina 235] [p. 235] twa poalen it is al let. do rinst in eintsje om. de dyk is leech. do bist folslein allinne mei dijsels en mei de stilte om dij hinne en hatest har en witst presys wêrom. let is 't. en bij dit krúspunt kinst noch om- keare, nei har ta. soest har sizze kinne, ja wat eins (witst it net), of fierder rinne - wêrhinne? hâldst fan har? do giest werom, en as in omdraaide magneet wurdst lutsen, nei har ta. do hâldst fan har. 't is noch ier, kinst wer opnij begjinne. dochs silst leare moatte. kinst nei leafde haat net keare, en ek: fan haat nei leafde is net sa fier -: twa poalen binne it, sûnder wrâld dêrtusken. Vorige Volgende