De reduksje fon de kómplekse verklekhud ken tige fier gean, safier dot vij un swat-vyt-tsjinstelling fon goed en kwea krije - de tryvyale lyteratuer vurket mai dotsoarte apsolútte óppesysjes.
Vij kenne lyteratuer net los fon de tiid - ahistoarysk - skôgje, dus ek net beskate ferskiinsels - verklekhydsreduksje yn un ekstreme graad bijgelyks - dêryn. Yn needsytevaasjes ken de skrjower twóngen vurre ta un hontjerjen fan swat-vyt-skemas (fersetslyteratuer bijgelyks).
4. De meast autentyke lêsmotyvaasje is ut ópdwan fon kennes dyt mun óp un oare menier net of sónder ryzyko krije ken. Jirmai rêgje ik lêsmotyvaasjes os ‘ik hôr fon lyteratuer’, ‘ik vól graag maiprate kenne oer lyteratuer’ ensfh. os net-autentyk oan kônt. Dyt de kunst óm de kunst vedjerret is un fetysjinst. De grinzen dêrt de lêzer yn de daistege verklekhyd net oerhinne gean ken of dwar, vurre fwarme tróch persoanleke behainingen of tróch vetten en tabûs. Yn de lyteratuer kryt de lêzer de kôns óm ryzykoloas vjerfaringen óp te dwan. Achter dusse lêsmotyvaasje stjit de vinsk óm tróch mear kennes un bettere greep óp de verklekhyd te krijen.
De autentyke lêsmotyvaasje ken fertuteazje os - ik simplyfysjerje - de lêzer besyket un bettere greep óp de verklekhyd te krijen tróch syn kennes mai ópsetsin te behainen. Hij lêst bûkken dyt befêstegje vot ur ol vist, en óm vis te vêzen dot ur net bij óngelók vot yn honnen kryt dot syn vissegheden yn gefaar bringt, lêst ur searjes: detectives, streekromans, kristleke romons, doktorsromons.
5. De lêzer vurt net ollinneg dreon tróch yntelektúele hónger, mar ek en tagelyk syket ur de befêstiging fon syn prymytyve veadefwarstellingen: ut goede mat beljenne en ut kweade mat straft vurre. Dusse prymytyve fwarstellingen skyne ûgrysleke djip te sitten, en os de lêzer him net mai ham en gram dur tsjin ferset, don aktúalysjerret ur flotvai de emoasjes, dyt dusse prymytyve veadefwarstellingen fwar ut meastepat beskiede: dot vól seze, ut binne gin yntelektúele, mar emoasjonele veaden. Us simpaty gjit út nai ut stómme trutsje en net nai ut vrôdvize gaile kring, nai ut leafhavvende pear en net nai de hait dyt ut net lije vól, nai de earleke klwatsek en net nai de tróchtrape rotsak, ensfh.
6. Goede bûkken binne bûkken dyt mij krytysk maitsje oer de verklekhyd en mij ta selskrytyk oansette.
Ut sil no ol gin ferrossing mear vêze dot ik De Hoara's fen Hastings oas vedjerje os Breuker. Kloosterman hat tinkt mij yn haadsaak twa verklekhydssegmenten beskreon: a) de libbensrin fon un rare kearel dyt him vjerspegelt yn de libbensrin fon syn soan, b) ut ópkómmende soasjalisme, kwat: psychology fon de rotsak en klossestriid. Baide simplyfysjerringen, mar vot vji anno 1921 ut vichtegst óm de vrôd yn te stjoeren? Breuker sait: de libbensrin fon dy rare kearel (‘De roman soe der by wûn hawwe as't syn wredens en hate skerper tekene wiene, as't er útgroeid