Trotwaer. Jaargang 13(1981)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 198] [p. 198] geart van der meer szene am bach in dei fan skrouske wyn, lang lang reinen brocht neitins oan ús tocht fan rothenburg nei weikersheim, en oan dat brechje oer de tauber, dêr't we eefkes ôfstapt wiene. en ik bin dêr wer, en ek myn oankomst wekket fleurigens, en yn creglingen sil we it riemenschneideralter besjen, en yn weikersheim it schloss. mar do komst nêst mij stean, wij hingje oer de râne te sjen nei ús ronflich byld yn 't sljurkjend wetter. streamend. nea gelyk. is duorjend it alter? it slot? kin keunst oerwinne wat ús oerwint? nee. ienfâldich beton is dit brechje. beethoven syn koekút en kwartel hear ik net. dochs -: ien menút libbens keunstwurk: do drinkst út dyn bidon. [pagina 199] [p. 199] hurdfytse fûl set er ta op syn fytske fljocht mei in needgong alles foarbij wat stilstiet sjoch heit! letter op syn 10-fersnellingsfyts stoot er ek noch foarbij wat beweecht, mar giet dochs stadiger - gjin heit dy't it sjocht. Vorige Volgende