| |
| |
| |
Eppie Dam
It braakmiddel
Pake is tachtich, |
mar hoe lang hâldt Hein út noch út op de famyljereüny? |
Naait er aanst út nei it doarpskafee? |
Nimt er noch in beslút en keapje by Abel in nije auto? |
Nimt er überhaupt in beslút? |
Rekket er noch yn polityk petear mei Pierke? |
Sil omke Jolle noch jonglearje mei in kop-en-pantsje? |
Sjogge wy Baukje noch yn de spagaat? |
Hoe komt it mei Hein en syn ûnskuldich suske Wilmyntsje? |
Broeit der noch wat op tusken him en syn frou Elske? |
Is Sipke yndie in slûge ferpleger mei in pluzich burd? |
Dizze en oare baarnende tragen krije in antwurd yn It braakmiddel part II. |
Of net, want it kin allegear noch alle kanten út. |
Hein kennende. |
(twadde part)
Mar in âldwiif wie it. Hie ek altyd al sa west. Bemuoide him oeral mei. Moast er ek sels witte fansels. Dêr koe hy net mei sitte. Hy koe oeral wol mei sitte as er dat woe. Wat koe him it ek skille. Dêr moast Foekje op 't lêst ek mar mei rêde. Hy hie wol wat oars oan de kop. Hy moast oars nije wike al ris by Ale sjen. As er net mear yn auto's die, wist er miskien noch wol wat. It woe him net oan dat Ale him bedonderje soe. Hy soe jûn earst mei Elske prate. Dy soe wol raar guod spuie as er samar mei in nije wein
| |
| |
foar de doar stie. Dat wie ek gjin wurk fansels. Koe gjin kant út. Sa moasten se ek net. Hy moast har ek folle mear yn datsoarte dingen behelje. Se koe wol ris mei te fiskjen as dat sa ris útkaam. Wêrom ek net. Hied er eins nea net rjocht by stil stien. Hy wie eins hartstikkene gek mei Elske, at se dat mar wist, hartstikkene gek. Mar wêrom no oan dat stjoer te skuorren om sa'n gallige kat? Wie ommers dochs al dea. Koe hy ek neat oan dwaan. Hy hie wier wol remme as it dierke de wei oergien wie. Sa wied er ommers net en jei alles mar fyn wat him foar de fjillen kaam. Dat moast se oars sels ek wol witte, soe men sizze. Se koe him dochs wol in bytsje. Soe men oars al sizze. In deade kat wie ommers neat oan te bedjerren. It wie tryst foar sa'n dierke, fûn hy ek wol, mar dea wie dea. Sokke dingen, hen, as er dêr mar by koe. Dan soed er har apelûdsjes tsjin it jonkje der noch wol op tanimme. It hearde nearne nei fansels, mar hy koe op it lêst ek wol oan de gong bliuwe ommers. Oeral wie wol wat. Of wie dat te folle frege fan it stjoer ôfbliuwe. Dat koe ommers gjin kant út, sokke akkefytsjes. Koene wol ûngelokken fan komme, sokke babbelgûchys. Moast se ek net wer dwaan. Dêr hiene se neat oan. Dat wie allinnich mar stokeljen yn in goed houlik. Woe se ommers sels ek net. Se wist ek wol better. Hy soe it jûn mei har beprate, allegear. Der waard fierstente min praat hjoeddedei. Elk wie te hastich mei syn konklúzjes. It koe der allegear wol hiel oars hinne lizze. En dan mar in abortus nimme of yn skieding lizze, as wie it neat. Mar der hie earst mar ris goed oer praat wurde moatten. Dêr hie Van Agt gelyk oan. Wie ek net in beroerde fint. Hie wat in tik. Hie syn kop ek net mei fansels. Mar oars in bêste fint. Koene in protte in foarbyld oan nimme.
Harm hie syn kop ek net mei. Wie ek net sa beroerd as dat er der út seach. It kaam wol goed mei Harm. Soe oars dochs ris op de kop stean moatte. Woed er wol ris sjen, foar de aardichheid. Like pears as in reade koal, hy koe it wol bestjerre. Moast ek mar net. Woed er net heal op syn noed nimme, net heal. Wat sa'n Sipke ek beweegde. Siet ek gjin flutterke fjoer yn sa'n jonge. Wie eins skande. Hy koe it sa moai ha. Hy wie noch jong. Wilmyntsje wist ek net wat se miste. Hy soe heit aanst ris freegje hoe't it mei har gie. Hy moast dochs noch mei heit prate. Protte kâns dat er sei fan goed, hoesa. Nee, samar. It wie mar in fraach ommers. It hie fierders ek neat om hakken. Moast heit neat efter sykje. Bytsje belangstelling, mear net. Wie dochs normaal? O, wie heit net sa
| |
| |
fan him wend. Mar de tiden koene feroarje. Wêr't sa'n wicht no keare koe. Waard dochs netsjes ynpakt yn de winkel. Kaam fuort yn de doaze en klear. Siet dy man mei in klokje dat net koekoek sei. Dat koe him ek neat skille fansels, mar men woe it net ha. Hy hie miskien leaver in klokje dat net koekoeke. Soed er allinnich mar wekker fan wurde nachts. Faaks leid er it wicht der thús wol ôf. Dat hoegde no dus net, want it siet der net by. Dochs woe men it sa net ha. Der wie betelle foar in koekoek en dan woe men ek in koekoek. Dêr hie Baukje gelyk oan. Hy soe der trouwens nea wer mei hinne gean. Wat koe him dat ferroppe. Hy gie nea earne wer mei hinne. Hy kocht wat er kocht. Se hiene him bedondere mei de wein, wist er sels ek wol. Koed er net mear mei sitte. In mins koe wol oan de gong bliuwe. Ale soe him net ferlakke. Dêr koed er fan op oan.
Elske kaam deryn mei it jonkje. Hie boppe sliept seker. Moast no syn sûpke ha. De froulju stiene der omhinne. De muoikes bearden. It die him dochs wol wat. Wie syn bern ek. Gotskes, Elske makke it boarst bleat! Koe dat no net boppe of yn de keuken? Dat wiene wer fan dy dingen. Hy koe der ek net bêst hinne stowe. Dat joech gâns opskuor fansels en Elske die dochs wat se woe. Hy koe der net by. Dêr moast jûn oer praat wurde. Dat skamteleaze yn har. Dy goare Harm siet al mei lytse fûle eachjes te sjen. Hy woe dy rotkop der wol ôfmeane. Doede moast der fansels krekt lâns te pisjen, mar ûndertusken, de fuilak! Wilmyntsje hie moaie ûnskuldige boarsten, koe net oars. Moast se hiel sunich op wêze. Hy woe it har wol fertelle. Mar dat koe fansels net. Dat koe gjin kant út. Mochten se net oankomme, moasten moai en suver bliuwe, dy Sipke wie in deadeling. Wa't oan Wilmyntsje kaam, dy kaam oan him. Se mocht it weihelje litte op syn kosten. As it fan Sipke wie. Koe mei de poaten fan har ôfbliuwe. Hy woe sels wol mei har hinne. Van Agt wie ek net mei te praten. Hoegde ek net iens oer praat te wurden. As it fan Sipke wie, moast it weihelle wurde. Sa gau as it koe. Sa't er dêr siet mei syn druvesop. Dêr hied er Wilmyntsje te heech foar.
It bier kaam him op. Hy siet oars noch mar oan it twadde fleske. It trêde stie klear. Hy koe aanst ek noch wol ien keapje yn it kafee. Hy soe it Elske allegearre útlizze jûn. Moast se begryp foar ha. In mins wie gjin masjine. Hy hie likegoed syn ferline. Miskien trof er noch ien fan de jonges. Koed er noch even prate. Wie wol lekker. Wiene miskien ek wol troud, dy
| |
| |
jonges allegear. Seach er dan ek wol. En har skûlliif moast suvere wurde mei hysop. Har skerte moast reinige wurde fan alle ûngerjochtichheden. Der wiene dokters hjoeddedei dy't har in nij flues meitsje koene. Hy woe it allegear wol betelje. It mocht him wol barre ommers en dy auto koe it him noch wol dwaan. Hy moast dy Sipke oars net allinnich treffe. Koed er him wol ûngelokkich traapje. Ja, dêr kamen ûngelokken fan. Hy wie wol by steat en begean in moard. Hy soe him de hiele saak troch de hals jeie. Dy Van Agt moast him ek net foar de fuotten komme. Dy soe syn master ek thúsfine. Soe raar foar de hearen komme, dy man. Wie mar better fan net.
Hoe kaam er no hieltyd op dy fint. Hy wist it net. Koe him ek net safolle skille. Wie net sa wichtich. Dit fleske bier soed er earst soldaat meitsje, dan koed er der wol even út. Heal oerke of sa, langer net. Wat moast er ek de hiele middei yn it kafee. Der wie miskien wol neat oan. It like altyd moaier as dat it wie. Der koene wol fuotballers sitte. Nee, mei sok waar net. Wie fierstento hyt om te fuotbaljen. Hied er ek gjin ferstân fan, fan fuotbaljen net. Hie ek net safolle om de hakken. Hy koe wol wat meilulle. Hy hoegde ommers ek net oeral ferstân fan te hawwen. Hy koe wol oan de gong bliuwe. Koene ek wol fiskers sitte fansels. Soe wol aardich wêze. Hiene dochs neat fongen, hied er wol tocht, it wie gjin waar om te fiskjen. Wat soed er dan gnize. As der mar gjin Grinslanners sieten. Dy praten sa blaai-achtich altyd. Koene se ek neat oan dwaan fansels. Siet der no ienkear sa yn. Seine se oarsom ek. Fongen altyd fan dy moaie platters. Pladders wie it Zoon Pladder, mynjong. Mochten ek gjin bearenburch. Dau my noch mor 'n heller. Sûpten allinnich mar jenever, dy knakkers. Ferrekt moai fiskark hiene se altyd, dat wol. Koene ek wol in bytsje fiskje, dy mannen. Soene wol gjin fiskers mear sitte. Wiene al lang nei hûs ta. It woe fuort al net bite fan 'e moarn. Koene oars oeren sitte te fiskjen, Grinslanners. Hy seach it aanst ek wol. As it Grinslanners wiene, woed er dochs net prate. Wat hied er mei dy minsken noadich. Hy hie genôch oan himsels.
‘Praat my der net fan, dy Den Uyl hat der ek neat fan bakt, dy ûle net, wol dan?’
Se hiene 't oer de polityk, Doede en Pierke. Hie Doede ek gjin ferstân fan, koe noait. Elk koe wol wat swetse oer polityk. It waard der ek net oars fan. Hy gunde it Doede ek wol. Elk moast mar tinke dat er oeral in
| |
| |
bytsje oer meiprate koe. Wie fierwei it bêste. Foar sokke lju teminsten. Hy woe net in ferkeard wurd fan Doede sizze, gjin hier op syn kop soe dêr ek mar ien momint oer prakkesearje. It wie mar it bêste dat soksoarte minsken in bytsje gelyk hiene foar harsels. Hie men der it minste lêst fan, joegen se har wol del. Wie noait wei. Fan Pierke, ja, dat koe him muoie.
Pierke wie sa net. Pierke wie in twivelder fan hús út. Dat wie gefaarlik as sokke minsken ynienen wissichheid fûnen. Krekt as klampen se har earne oan fêst. It foel fansels ek net ta, twivelriedich wêze in minskelibben lang. Hy soe him aanst ris freegje wat er stimd hie. Doede wie CDA, koe hast net oars. Wied er ek net minder om. Allinnich dy partij wol fansels. Pierke hie PPR west doedestiids. Dat koed er no net mear meitsje, sa't er niis prate. Wiene ek in steltsje healwiezen ommers, dy radikalen. Siet wol wat yn miskien, mar oeral siet wol wat yn. Partij wie no ek neat mear. Hy hie der sels noch in kear op stimd. Hoegde er him ek net skuldich ûnder te fielen. Hie sa wêze moatten. Minne leeftyd, giet wol wer oer. Wie ek wol wer oergien. Alles gie wol oer op 'en doer, as it mar lang genôch duorre. Moast allinnich even syn tiid ha. Dêrnei wie it in kwestje fan wennen. Sa wie it ommers.
No wist er hoe't er op Van Agt kommen wie! Doede en Pierke praten oer de polityk. Van Agt wie grif ek wol neamd wurden. Hied er opfongen miskien, even mar, sûnder dat er it sels wist. Mar fuort, tak, siet fuort even fêst yn de harsens, hen. En dy giene har gong wol. Wie der wol wer útkommen ek, seach er no mar wer. Dy harsens diene hjir of dêr wat op en dat kaam dan letter wer foar it ljocht. Koe noch wol mear yn sitte dat der ea ris ynwaaid wie. Koe dêr wol smoarfol sitte mei allerhande dingen dy't er miskien net iens tinke woe, mar dy't der samar in kear útklapten. Wat er no allegear byinoar prakkesearre bygelyks. Dat hie dêr ek al withoe lang sitten, jierren alfaaks. It moast dochs begjinne. Kaam net samar út de loft tallen. Der wie safolle mei him bard, hy hie sa'n soad meimakke, oeral west en sa. As er troch de stêd rûn, koe it wol barre. Waard ek wat ôfpraat yn de stêd. En hied er de radio net altyd oan hân by it learen? Net dat er wat hearde, mar it siet wol even behoarlik fêst, guon dinkjes. Dêr hiene dy grize seltsjes wol even foar soarge. Dat har neat ûntkaam. Sa wiene se wol. Kompleet kompjoetersysteem wie dat dêrre. Lei alles opslein, dêr koed er donder op sizze. Hy moast mar oppasse,
| |
| |
koe noch wol ris tsjin him brûkt wurde. Koed er noch wol ris kjel fan wurde wat er allegear tocht. Soe him noch wol raar oer it mad komme kinne. It wie der ailegear yntreaun fansels en klik! dêr wie it al. Krekt in stik bôle út in bôleruster. Spatten ek sa ûnferwachts omheech. Hy wie him wol ris lammenadich skrokken. Ferrekte dingen. Hy moast noch oppasse mei wat er tocht. Miende oars dat dat noch wol aardich fertroud wie wat er beprakkesearre. Dêr wied er sels by. Wiene dus ek net te fertrouwen, syn eigen tinzen. Moaie boel wie dat. Hoe krigen se in mins sa kompliseard yninoar. Hy koe him dus net allinnich ferprate, hy koe him ek fertinke. Gotskes! Pierke en Doede moasten oars net tinke dat er har ôfharke hie. Sa wied er net. It wie him in soarch wêr't se oer praten. Hy wist net iens wêr't se it oer hiene. Mar it wie der dochs mar even moai ynslûpt, sa stikemwei. Hy hie oars wol sin oan in stik rustere bôle. Hjir wie ek net folle fretterij. In pear kûmkes mei wat nuteboel, mear net. Siet ek gjin smaak oan, wie sa wol te sjen, hoegde er net iens te priuwen. Der soe aanst wol wat oars op de tafel komme. Baukje hie de hiele wike warber west. Oars koed er aanst yn it kafee wol in flaubyt nimme. Dêr soe dochs wol wat te iten wêze. Wie doe net sa. Mar yn al datsoarte kafees wie hjoeddedei wol wat te iten. Dy âlde kafees, dat waard ek allegear minder. Ferkochten se patat yn in kafee. Dêr soe eins wat oan dien wurde moatte. Wa gie no nei in kafee om patat.
Elske pakte it spul yn. Har boarsten soene der op 'en doer wol net moaier op wurde. Stiene noch wol aardich spand no. Dat wie aanst oer, moast er mar rekkenje. At se ien kear droech wie. Foekje hie ek fan dy jubeljaren. Hiene ek seis bern oan hongen fansels. It wie dochs wol bespotlik as er der goed ynkaam. Dat Elske dat no net even yn de keuken dwaan koe. Hie ommers foar 't selde kind, it wie dêr ek waarm. Sintrale ferwaarming, hen. Dat wie wat wurdich. Sa hiene je der net folle oan fansels. Hy moast it oars mar gewurde litte jûn. Gau ferjitte en net wer oer prate. Hy koe har dochs net oan it ferstân bringe dat dy manlju dat boarst net seagen as in kertontsje mei drinken. Wie ommers gewoan it objekt fan har gleonens. Koene se wol mei op bêd strûpe fannacht, de fuilakken! Trouwens, dy Sipke wie fansels hiel wat wend. Moast neakene froulje waskje ommers. Duvekaters, hie hiel wat sjoen, dy Sipke. Waarden der op it lêst hyt noch kâld fan, dy lju. Waard der altyd beweard teminsten. Soe ek wol sa wêze. Koene se wol oan de gong bliuwe om- | |
| |
mers. Der wie oars ek sa'n ferhaal fan in ferpleechster, hy wist net krekt hoe en wat. Wie ek al lang lyn dat it him ferteld wurden wie. Dêr hied er it wer. Hie dêr al jierren sitten. No kaam it boppe. Hied er oars miskien nea wer gedachten op hân. Dy wie flaufallen. Samar derhinne kwakt doe't se in jongkeardel waskje moast. Sokken hiene ek noch nea in keardel sjoen fansels. En dy fint wie him deaskrokken fansels. Lei dêr mar mei it apparaat omheech. Hiene se noch fuortsjouwe moatten, dat frommes. Koe ek wol in mop west ha. Hy wist it net mear. It wie al te lang lyng. Sa wie it net in mop fansels sa't er it no optocht. De dingen kamen faak ek oars út it ûnthâd as dat se der yn rekke wiene. Koe ek wol gefaarlik wêze fansels. Wie ek nea mear nei te gean hoe
en wat krekt. Dan soed er earst witte moatte wa't it him ferteld hie. Dêr wie gjin begjinnen oan. Hy koe wol fersûpe as er dat al opdjipje moast. Koe der ek wol oare rotsoai nei boppen komme. Der siet grif hiel wat. Koed er mar better gewurde litte. Siet dêr wol goed, gjin harsens dy't der weet fan hie. Hiene se ek gjin duvekater mei noadich. Net oan steure. Hy woe it sels miskien net iens witte. Moai gewurde litte. Wie it alderbêste. Mar dan koed er alles wol gewurde litte. Dan hoegde er him nearne wer drok om te meitsjen. Wied er ek gau dea fansels. Elske koe it him oeral wol flikke. Hy koe it ek op in foarsichtige manier sizze, der in bytsje dimmen mei oankomme. Skilde in stik. Krekt as wist er it sels ek net sa goed. Fûn se ek net dat, sa. Mar ris sjen hoe't it kaam. As se it jonkje nei boppen brocht koed er moai fuort. Se soe it dochs wol fernimme at se wer ûnder wie, sa net, mar it lei even makliker. It jonkje moast earst noch krôkje. Stiene in soad bern omhinne. Hy wist net fan wa allegear. Dy mei dy grutte broek oan soe wol ien fan Harm wêze.
Hy dronk it glês leech. It kaam him al wer op. Nuver, hied er oars nea gjin lêst fan. Pake siet dêr ek mar wat. Hy hie de oanlieding west foar it feest, mear ek net. Wat soe der allegear yn de âld man omgean. Hy koe it hiele hear oersjen, hy hie by elk syn gedachten. Miskien wied er wol bliid dat alles sa goed beteard wie. Hy koe ek wol oan beppe tinke fansels. Died er miskien ek nea mear. Wied er miskien al te âld foar no. Faaks tocht er hielendal net mear. It koe dêr wol hielendal leech wêze yn dy kop fan him. Alles wat tocht wurde moast wie al lang tocht wurden. It systeem hie himsels opjûn. Syn harsens wiene útdroege. Rôten droegen ek sa moai út at se fergif hân hiene. Rûkten je ek neat mear fan. Sa soe
| |
| |
it wol sawat wêze. Koe bêst. Gie miskien mei elkenien wol sa. Bleau eins allinnich wat bonkjeguod fan oer, fan dy rôten. Wie oars wol maklik fansels, gewoan in ballontsje yn de kop ha en mear net. Moai yn de stoel lizze, swimbadsje derby, bytsje smoke, pilske, en wachtsje oant it kâlder waard. Gjin inkelde prakkesaasje. Dat like him wol wat. Wie sa raar noch net iens. Hy siet hjir oars ek noflik, moai op de skieding fan manlju en froulju. Froulju hoegde er dochs net mei te praten. En Pierke prate wol mei Doede.
Hy gie bytiden wat foaroer sitten en seach even nei de mannen. Like it krekt as died er ek mei, foar de oaren. Foel it ek net sa op dat er hjir mar wat siet te sitten. It foel eins bêst ta sa, bytsje sitte en wat neitinke. Dêr kaam er thús ek nea net oan ta. Wa gie der no ris foar sitten om nei te tinken. Die gjin mins. Koene je ek net oan begjinne fansels. Died er nea in slach wer. Wie ek net sa'n soad te beprakkesearjen thús. It draaide dochs faak op itselde út. Oer Elske, it jonkje, himsels tocht er wol ris nei. Benammen as er allinnich thús wie. As Elske in jûne fuort wie. Dan woed er noch wol ris neitinke, oer himsels benammen. It smiet nea wat op. It waard der faak allinnich mar beroerder fan. En dan in min sin at Elske wer thús kaam. Dêr wie foar har ek neat oan, sa'n keardel mei in sin as in baarch. Sy woe ommers dat se it in bytsje leuk hiene meiinoar. En se koene it sa leuk ha. Mar Wilmyntsje, pake en sa, dêr hied er thús fansels nea gedachten op. Dat kaam gewoan net yn him op. Dêrom wie alles ek sa fier, fan beppe en it lokaaltsje. De bylden wiene beterzen. Begûn stadichoan in bytsje te ûntteien no't er hjir sa siet. Mar it soe nea útteie, hielendal. It soe nea wer wurde lykas doe. Hy wist ek net mear hoe t it doe wie, koed er ek net mear witte. Wie ek mar better fan net. Wie it net nuver dat dit no allegear opkaam? Hy hie ommers wol faker wer thús west, ek yn syn trouwen wol. Hy hie der nea weet fan hân dat sokke dingen wiene om oer nei te tinken. Unbewust wol faaks. Net sa ferheftich as no. Hy moast fersichtich wêze. Hy koe him wol oer de kop tinke. Kaam er noch yn it gesticht telâne. Dan siet Elske mei it jonkje. Wied er dan wêr't er wêze woe? Hy hie der ommers sels om frege. It wie gekkewurk, sok prakkesearjen!
‘Wat is der mei Hein, jonge? Sa stil.’
Doede lei him de hân op de knibbel. Fiis gefoel wie dat. Der wie neat mei him. Hoe sa, hoe kaam er dêr sa by.
| |
| |
‘Nee, tocht ik samar. Moat ik noch in fleske bier foar dy krije?’
Hy woe gjin bier mear ha. Oft er lêst fan de lever hie. Hied er net, hy lake mar wat. It wie him nea net sa opfallen, dat Doede sa oan elkenien omklaude.
‘Jim ha ek wol sin oan wat waarms, tink. Ik sil ris by Baukje sjen hoe fier at se it hat. Ik leau dat ik al wat rûk. Jim prate wol even tegearre, hen?’ Hy knypeage nei de froulju, Doede. Fielde him wichtich ek noch. Dat er dit organisearje mocht. Wêr hied er dat oan fertsjinne. Wie mar sa'n gewoane fint. Sa rûn er in bytsje, Doede. Koed er him el wol ferbeeldzje. Hy ferbeelde him wol faker wat.
‘Hee, Doede!’
Dat wie omke Jarich. Siet dêr ek wat ûngelokkich by omke Jelle. Siet gjin praat oan dy man. Doede wie al yn de keuken. Hy stiek de holle om it doarskezyn. Wat wie der.
‘Kin der net in muzykje by oan, jonge?’
Doede soe wol even sjen. Moast earst Baukje freegje seker. Dan koed er it wol ferjitte. Wie oars al in feestnûmer, omke Jarich. Siet dêr allinnich wat beroerd yn de hoeke mei omke Jelle by him. As er ien kear los wie, dan wie it in rarenien. Wie miskien ek mar better dat der gjin muzyk by oan kaam. Dy fersierings wiene al slim genôch. Elske hie it jonkje yn de ruften. De muoikes sieten derby mei pamper-smile. Hy moast syn sigaretten oars net ferjitte aanst. Wêr hied er syn sigaretten no. Soene noch wol yn de auto lizze. Hy hie it jaske ommers op de efterbanke delsaaid. It jonkje moast earst noch by de âlde wiven op de skoat. Himen altyd sa, dy froulju at se wat âlder waarden. Wie by beppe ek sa. Kreake der oer yn it kersjet. Fûn er doe miskien wol lekker. Koe bêst sa wêze, wêrom net.
‘Ik ha fan 'e wike noch nei in boateshow west dêr by ús.’
‘Moaie boatsjes seker,’ sei er.
‘Ja jonge, watst dêr sjochst, dêr sjochst noch ris wat.’
‘Wolst in boat ha dan?’ frege er,
‘Nee jonge, witst wol hoe djoer at dy dingen binne. Dy dingen binne net te beteljen, man. Dêr is gjin libbene rie foar. Mar samar even sjen, hen. Fyn ik wol moai, mei in kollega fan my.’
‘Ja wis,’ sei er.
‘En boaten, jonge, boaten! No, dat binne gjin boaten mear, hen. Kom- | |
| |
plete skippen leine dêr.’
‘Dat sil wol,’ sei er.
‘Ja, jonge, komplete kastielen!’
‘Ja, ik ha der wol ris in plaatsje fan sjoen,’ sei er.
‘Jaja, mar dêr fersjochst dy raar op, hear, Hein. Ast dêr bist is it allegear folle grutter, hen. Dat sjochst op sa'n foto noait sa, dat bestiet net.’
‘Wie drok seker,’ sei er.
‘Ofgryslik! Mar do bist der even út, hen. En ik ha fierders ek net folle te ferstriken. Mar drok! Jonge, do koest wol oer de koppen rinne.’
Hy wist it wol, Pierke wie Pierke net mear. Hy hie der sels frede mei. Moast miskien ek wol. Wie faaks mar it bêste. Hy gunde 't him oars net. Pierke hie der wol bealch foar en haw te lijen fan it libben. Dat sokken it oerjoegen wie skandalich. Hy gunde elk syn rêst en tefredenheid, mar net dy't wol better wisten. Hy koe noch wolris raar foar de hearen komme as it safier wie. Dat er it himsels sa maklik makke hie. Woed er syn libben noch wol ris oerdwaan miskien. Inkeld om te lijen. Elske makke risselwaasje en bring it jonkje nei boppen. De Man fan Smerten hie ek in massogist west miskien. Hie inkeld mar libbe om op de bealch te krijen. Hied er ferlet fan hân. Hied er net foarwei kind. Dat hied er sels ek wol yn him faaks. Leaver ûntskuldigingen meitsje en oannimme. Hy woe alle rottichheid fan dizze godgânske kloatewrâld wol op him nimme. Hied er dien ek. Hy. As it dan mar oer wie. Wie net oer fansels. Sette doe noch fûler útein. Hied er nea witten. Wie mar goed ek. Hy hie wol frege oft de drinkbeker foarby gean koe, mar hy woe it sels net. Hy wist ommers hoe ticht at er der by wie. Alle lijen en ellinde moast yn him konsintrearre wurde. As wetter yn in spûns. Oan it krús dermei! Hy moast hjirwei. As er it no net die, waard it neat mear. Even pisje. Woed er him ferdeald ek noch ûntskuldigje by Pierke. Pier koed er better sizze. Seine se allegear, Pier. Wie wol lekker, even de fuotten stappe lite. Boarten bern bûten. Wisten ek net wat se oars útfrette moasten fansels. Wie miskien dochs net sa leuk foar dy bern as dat er yn it earstoan tocht hie. Fûnen it faaks ek wol wer aardich, hjir even wat boartsje meiinoar. Seagen inoar oars ek al net folle, dy bern net. Dy mei dy grutte broek oan wie oars al ien fan Harm. Krekt in astronaut, sa't er derhinne rint. Wâde as
in oaljefant troch it hege gers. Mocht Doede ek wolris meane. Wat koe him dat ek skille. Hied er neat mei noadich ommers. Moast Doede sels mar wit- | |
| |
te, elk moast mar mei syn eigen rêde. As Baukje der neat fan sei, wie it wol yn oarder. Koe Baukje seker net sa folle skille. Hied er oars net tocht fan Baukje. Hy stapte yn de auto. Se soene ek wol hearre dat er fuortried fansels. Hied er sa hurd ek net by stil stien. Hie better sizze kind dat er even sigaretten helje moast. Stiene wol guont op de tafel ommers. Wie syn merk net. Wie no al te let. Koe net bêst weromgean en sizze dat er sigaretten helje moast. Wie ek net earlik. Baukje hie alle war dien en meltsje it elkenien nei it sin. Dan moast er net begjinne te kankerjen oer in sigaret. Hy starte de motor. Woe oars net bêst rinne. Moai lûdsje wol, sa stasjonêr. Oars mar yn de tredde fersnelling fan it hiem ôf. Dan wie it hast net te hearren. Miskien hie Doede krekt de muzyk oan. Koe noch in hiel feest wurde as omke Jarich ien kear goed los kaam. Dy bern koene him ek wol ferklikke. Mem, ome Hein is fuortgien. Dy fetkûgel fan Harm seach er der wol foar oan. Moast Elske alles wer rjochtbreidzje. Mar hy koe it jûn allegear útlizze. Hie se wol begryp foar. Se wist dochs wol in bytsje hoe't er wie. Hy hie him oars al knap hâlden hjoed. Hy skeakele werom en ried de wei út. Dy sitting wie dochs noch hyt oan de kont. Holp ek net folle, auto ûnder de beammen. Wie altyd sa mei learene sittings fansels. Hy koe der oars wol in slúfke omhinne keapje. Miskien woe Elske it ek wol meitsje. It wie mar krekt hoe't it foel. En oars kocht er ien. Dan wie der noch neat stikken. Hy koe earst noch wol in blokje om ek. Siet no dochs ien kear yn de auto. Protte nijbou hjir ek. Wie ek oeral itselde. Soene hjir ek wol frjemden wenje. Wêr wennen gjin frjemden hjoeddedei. Hied er neat mei yn
de pet, mei dy minsken fan de stêd en sa. Moasten har mar rêde. Se hiene it sels wold by einsluten. Siet Abel noch wol yn it kafee? Soe wol. Nea wat fan heard dat der in oarenien yn kommen wie. Hie heit him oars ek wol ferteld. Hy moast noch mei heit prate. Hartstikkene geskikte fint, dy Abel. Soe skande wêze as dy der net mear wie. Hy koe altyd goed mei Abel prate doedestiids. Fielde de jeugd ek oan. Wie miskien wol in behâld foar it doarp. Sûnder dat er it sels wist. Wie ek al in parkearplak kommen. Hy stapte út en krige syn jaske. Sinten hied er.
Tiden lyn dat er hjir west hie. Miskien wie it wol fiif jier lyn. Nei syn trouwen hied er eins nea wer in kafee oan de binnenkant sjoen. Ja, mei Elske in pear kear yn de fakânsje. Mar dat wiene winlik mear restaurants. Echte kafees net, nee. Allinnich hielendal net. Soe Elske oars net iens
| |
| |
safolle kapsje op meitsje. As er it al die, ien kear yn de wike of sa. Mar hy die it net. Wêrom eins net. Bleau der gewoan by. Soed er oars wol dwaan kinne, gewoan wer in kear nei it kafee gean. Makke Elske gjin spul om. Gewoan wer in moade fan meitsje. Dwaan en net seure. Hy die de doar iepen. Dochs in moai gefoel. it spul wie ferboud wurden. Harrekrammele. Hie oan de bûtenkant net te sjen west. Hy stie yn in lyts foarhúske. De muorren wiene mei hout betimmere. Siet fan dy glêde lak op. Yn de planken wiene koperen jasheaken skroeve. Eartiids kaam men yn ien kear fan bûten yn de kafeekeamer. Hy koe ek gewoan weromgean en him alles út de kop sette. Koe no noch. It wie no noch net opfallen dat er fuort wie. Hie even in eintsje te riden west. Wie wat beroerd. Gie no wol wer. Hy krige der ommers allinnich mar gesoademiter mei. En hy siet dêr net iens raar dêr't er siet. Hy skode de doar iepen. Abel wie der noch, dat wie in gelok. Siet by de grutte tafel te krantlêzen. Wie dochs wol in stik âlder wurden. Wie oars mar fiif jier. Mar fiif jier wie hiel wat op sa'n leeftyd, waard der altyd sein. Wie meagerder wurden, ferbeelde er him. Soe wol net sa wêze. Koe sa hurd hast net. Se âld wie Abel ek noch net, of wol. Siet noch in jong frommes ek. By in taffeltsje by it rút. Knap ding. Hy koe har net. Nea sjoen. Net dat er wist teminsten. Foel him ôf dat der net mear folk siet. Hy seach op syn horloazje. Wie ek in minne tiid. Soe aanst wol drokker wurde.
‘Jou my mar in jonkje, Abel,’ sei er. Ynwindich moast er gnize. It hearde wol lekker, sa't er dat sei. Wie der ek samar útflapt. Eins wie it him ûntkommen foar't er der erch yn hie.
‘Gotskes, wat sille we no belibje! Hein, hie ik tocht!’
‘Hein,’ sei er.
‘Wat dochsto hjir, jonge?’
‘Even ien keapje, hen,’ sei er.
‘Even ien keapje, seit er, krekt as komt er hjir alle dagen oer de flier. Gean sitten, idioat.’
Abel wie like oerallich as hysels. Hy seach der dochs net bêst út. Koe wol wat ûnder de lea ha. Koed er ek net bêst nei freegje fansels. Fertelde er miskien aanst sels ek wol. Sa't er ek nei de taap ta sokkebolle, as died er dat doe ek al? Sokke dingen foelen him doe ek minder op miskien. Hy gie sitten. Ferrekt moai frommes wie dat dêr. Se siet te smoken, oars ek net. Se hie in bearenburchje foar har stean. Wat like dat hartstik- | |
| |
kene moai, sa'n prachtich frommes mei in bearenburchje. Hy seach Elske al. Koe ek noch wol bessen wêze. Nee, wie bearenburch, wie sa read net as bessen, dit guod. Abel sette it jonkje del. Hie himsels der ek ien yndien.
‘Smoke?’
‘Graach,’ sei er.
‘Dat is grif wol in jier as fjouwer-fiif lyn dat wy dy hjir foar it lêst sjoen ha, of mishaw ik my no sa?’
‘Nee, dêr sit it wol sawat. Dat tocht ik niis noch doe't ik hjirhinne ried,’ sei er.
‘Binne jim by jim heit-en-dy it wykein?’
‘Nee, allinnich hjoed, wy gean jûn werom. Pake is hjoed tachtich wurden, dat wy ha de hiele famylje byinoar,’ sei er.
‘Is dy âld man al tachtich? Ja, de tiid giet ek hurd fansels. Dan is Jaring der ek fansels. Woe Jaring net mei?’
‘Ik ha noch net mei Jaring praat, ik wit it net, it is ek gekkewurk en praat mei elkenien sa'n dei,’ sei er.
‘Jawis man, dus do bist de drokte even ûntflechte, ha'k wol yn de gaten. Hoe is it dêr by jim, jong. Alles goed mei de frou en sa? Ek al bern fansels, of net?’
‘Ien, in jonkje. Alles bêst, hen. Alles bêst, jong,’ sei er.
‘Dat jim mei sa'n keppel yn dat húske fan jim heit-en-dy kinne.’
‘Nee, wy sitte by Doede en Baukje. Miskien dat we jûn noch even nei heit-en-dy geane. Sil ek wol net. Proast!’ sei er.
‘Proast, Hein! Nee, ik hie begrepen, jim wiene by jim thús, sjoch.’
‘Nee,’ sei er.
‘Dy binne ek al net sa jong mear, jim heit en mem. Ik sjoch jim heit hjir ek net sa faak mear. Kaam hjir oars noch wolris even oan.’
‘O, wit ik net. Ja, aanst al sechstich, tink. Dat sil de helte net skille,’ sei er.
‘Ja, wy wurrde allegear âlder, hen.’
‘Ja,’ sei er.
‘Ik leau dat ik de tillefoan hear...’
Se hie wol wat wei fan Wilmyntsje, dat frommes. Wie âlder fansels en wist ek folle better wat der te rêden wie, dat wie sa wol te sjen. Mar dochs itselde typke sawat. Bytsje stil, hy wist net krekt hoe. Sa soe Wil- | |
| |
myntsje mlsklen ek wol wêze mei in jier as wat. As har ûnskuldigens plak makke hie foar it besef dat se in man oermânsk wêze koe. Want dat wist Wilmyntsje net. Dit frommes wol. Soe fan Elske har jierren wêze sawat, in jier as twa-en-tweintich. Wie net troud, dat wie sa wol te sjen. Siet hjir ek net at se troud west hie. Miskien tocht se no wol oan him. Sjocht er ek nei mei? Dat koe se bêst yn har omgean litte. Wie sa gek noch net iens. Sa'n frommes wie ek net fan stien. Koe dêr no wol sitte, mar it die har dochs wol wat dat hy hjir siet. Dêr koe se nea kâld ûnder bliuwe, bestie gewoan net. It gefoel dat der ien nei har seach. Koe se ek wol ferfelend fine fansels. Dêr hied er gjin sizzen fan. Miskien fûn se it ek wol noflik. Dat koe likegoed. Se smookte sjek. Soe Wilmyntsje nea dwaan fansels. Dy wie dochs wer oars. Mar der wiene ek gjin twa minsken gelyk. Hy moast ek net oerdriuwe. Oan it pûdsje te sjen wie it healswiere. Wie in bytsje ferknûkere, dat pûdsje. Se hie it altyd yn de kontbûse seker. Joech ek gjin foech fansels, filtersigaretten yn de kontbûse. Sa wie se ek net. Dêr wie se it frommes net nei. Moast hast wol healswiere wêze oan it pûdsje te sjen. Wie net sa dûnkerblau. Hied er fansels ek noch nea sjoen, in frommes dat swiere sjek smookte. Wie ek gjin gesicht miskien. Handige oars wol moai by de bearenburch. Wie gjin bessen. Dêr wie it te dûnker foar. Hy seach om him hinne. It wie hjir dochs wol feroare. Hy koe net iens sizze hoe en wat krekt. Siet gjin hout op de muorren doe seker. Stuollen en taffeltsjes wiene
ek oars no. Leine ek gjin kleedsjes op doe. Dat wist er sekuer. Koe ek wol in oare taap yn kommen wêze. Hy soe Abel der aanst ris nei freegje. Dat foarhúske wie der doe ek net. Der stie in peal by de taap doe. In houtene peal mei seis earmen omheech. Like wol in beam. Doedestiids tocht er al: koe wol in beam wêze. Dat er dat no noch wist. Wie meastentiids net sa wichtich wat yn it ûnthâld siet. It wiene skytdinkjes, hie neat om hakken. Hongen de jassen ban, oan dy beam. Wat echt wichtich wie, dat wie nea wer te bedjipjen. Der wie miskien ek wol neat echt wichtich. Hongen dochs nea net safolle jassen oan. Meastentiids hâlden se de jassen oan. Winters ek. Winters siet de hiele ploech der mei winterjassen oan. Prakkesearren der net oer en doch de jassen út. Wie doe net sa. Seagen je ek net in soad mear, guon dy't earne sieten mei de jas oan. Jas gie hast altyd út op 't heden. Nuvere dingen. Moast er him de harsens mar net oer brekke. Koed er oeral wol in punt fan meitsje. Dondere ek wolris om, dy
| |
| |
âld beam. Foaral as der in brout jassen oan hong. As it kaarten wie, dan giene de jassen út. Wie ek gjin gesicht fansels, de hiele jûne kaarte mei de jas oan. Rûn ek wolris ien tsjin dy beam oan mei de dronken hûd. Wie net iens dronken miskien, mar kloate der gewoan tsjinoan. Koe elk barre. Waard ek neat fan sein. Waard wol ôfgryslik om lake. Miskien wie de taap allinnich mar beklaaid. Mei vinyl, perspeks, spaanderplaat, formika of hoe hiet dy rotsoai allegear. Dêr hied er ek gjin kloaten ferstân fan, wie neat foar him. Nee, formika net. Like hiel oars fansels no't dy taap mei dat guod beklaaid wie. Wie miskien wol makliker skjin te hâlden. Hout wie dat nochal bewurklik miskien. Hy hie Tryntsje ek noch net sjoen. Stie faaks ek net mear yn de saak. Dy koe der oars moai by komme, Tryntsje altyd. Krekt geskikt om yn sa'n kafee. Koe der ek better mei ôfweve as Abel. Abel wie fierstente goed as it der op oankaam. Liet net mei hoazzen en sokken oer him hinne rinne, sa no ek wer net, mar Tryntsje koe it spul ta de doar útkrije as it moast. Abel net. Mocht sels ek wol ien. Dat wie it miskien. Wie oars nea misbrûk fan makke, nee. Net yn dy sin. Hy mocht ek graach oer Abel. Elk mocht graach oer Abel. Wie ek in fijne fint. Seagen je net folle, sokken as Abel. Dan wiene der wol oaren. Sy draaide noch in sjekje. Har romer wie sawat leech. Hy koe har oars wol ien jaan. Hoegde se ek neat efter te sykjen. Siet ek neat efter. Wie de gewoanste saak fan de wrâld. Lekker tonkje, flibe altyd sa lekker by it sjekjedraaien, by manlju likegoed. Wie eins ferrekte moai om nei te sjen as ien in sjekje draaide. Ien dy't it in bytsje koe teminsten. Nuver eins dat soks sa'n fijn gefoel jaan koe. Wie ommers neat, in sjekje piele. Koe elkenien. Hy makke de romer leech. Smakke him goed. Elske koe jûn wol ride. Duorre ek noch
wol even ear't er ride moast, wie it al lang wer oerbettere. As er mar in bytsje te iten krige. Skilde in stik. En oars moast Elske mar ride. Dêr wie se ek neat te goed ta. Koe har ek neat skille om in kear riden. Se moast it oars net yn de kop krije en meitsje spul jûn. It wie dochs hiel normaal dat er hjir even siet. Hy bleau ek mar in oerke wei. En de dei wie noch lang. Dan koe se ek oeral wol in probleem fan meitsje. At se sa woe, dan koene se fuort wol ophâlde meiinoar. Dan hied er gjin libben by har. En hy liet har ommers ek frij. Se koe gean en stean dêr't se mar woe. At se gjin fjoer hie, koe se him wol even oansjitte. Hy hie de oanstekker by him. Fuort even kontakt. Soe wol moai wêze. Koe Elske ek neat skille. Doarde er har sa wol te fertellen. Siet fierders
| |
| |
ek neat efter ommers. Dan koe se ek oeral wol wat etter sykje. Gewoan even in fjoerke, as dat al slim wie. Dan wie der safolle. By Wilmyntsje wie it dochs wer oars as by Baukje. Baukje wie in haaibaai. Baukje hie de broek oan. Dat se eartiids net meiprate mocht, ferhelle se no op Doede, de siel. By Wilmyntsje soe it sitten bliuwen, it ûnderskikt wêzen oan elkenien. Se koe net oars. Miende dat it sa hearde, wie har aard miskien ek wol. Al dy grutte keardels. Wie ek de jongste fansels. En al dy keardels derby. Se koe noch bêst yn de ferpleging bedarje. Wie krekt wat foar har. Soe se ek nea ûndertrochgean. Hearde der sa by klear stean foar in oar en se koe it har oars net yntinke. At se mar net yn it sikehús fan dy gallige Sipke telâne kaam. Sipke wie net heal te fertrouwen. Wie in poerbêste jonge, mar koe net fan Wilmyntsje ôfbliuwe. Mar hy soe mei him ôfwêve. Ach, it waard ek neat mei Wilmyntsje yn de ferpleging. Soe gjin keardel waskje kinne. Koe har wol it lazerus skrikke. Miskien hie se it ek net iens yn de gaten. Miskien wiene it foar har wol allegear lytse jonkjes mei moaie wite pimeltsjes dêr't gjin ferkeard yn siet. Krigen ek wolris in ereksje, dy hufters. Under it waskjen. Krekt as dy fint by dat frommes dat derhinne foel yn dy mop dêr't er no net mear fan sizze koe wa't him wannear en wêr ferteld hie mei wa derby. It wie fêst gjin mop. Wie har deaskrokken fansels. Moasten dy hufters by Wilmyntsje net flikke en krij in ereksje. Wist Wilmyntsje miskien net iens wat dat wie, in ereksje. Koe har ek wol deaskrikke. Wie ek neat wurdich, Wilmyntsje yn de ferpleging. Wie ek mar better fan net, kamen allinnich mar ûngelokken fan. Se hie winlik ek neat wei fan it frommes dat hjir siet. Sa soe Wilmyntsje ek nea wurde. Dêr hie se de harsentsjes net foar. Foar guon wie it ek mar better
dat se gjin mear harsens hiene as dat se hiene. Hy gunde Wilmyntsje dat se bleau wat se wie: ûnskuldich. Dan soe se ek nea ûngelokkich wurde kinne. Dit frommes wol. Wie miskien wol ûngelokkich. Wie der miskien wol op út en wês ûngelokkich. Besefte faaks ek wol dat der oars ek net folle wie as ûngelokkich wêze. Unbestimd, wa wit wie dat it wurd. Mar it wie bewust. Sokke minsken wiene der, dy wiene der op ôfjage, op it pessimisme. Twangmjitting faak. Miskien hie se ek wol gjin famylje mear. Se wist net wêr't se hinne moast aanst. Dêrom kocht se hjir noch mar ien. Hie hielendal gjin pake mear dy't tachtich wurde koe. Dat soe se miskien wol wolle. Woe miskien wol ruilje mei him, lykom. Hy koe har wol meinimme nei it feest.
| |
| |
Hied er oppikt ûnderweis. Hie yn gjin dagen iten hân. Wie in gast oan tafel. Moast dochs aksepteard wurde soks. Koe dochs gjin mins omhinne. Moast Elske har ek yntinke kinne. Miskien woe se net iens mei. Wa wit woe se wol mei him fuort. Gewoan fuort en mar sjen wêr't se bedarren. Dat wie allegear net sa wichtich. At se mar ien hie dêr't se in bytsje mei prate koe. Seach se it fierder wol. Bytsje ite en drinke, bytsje smoke, bytsje frije en sa en wat wekker wurde út en troch, mear net. Koe sy it wol mei dwaan, frege net mear, wie har wol genôch, soe har fierder in soarch wêze, se koene foar har allegear barste, de godgânske santemeklyk! Drank wie al lang wer besakke as er jûn ride moast. As er al ried teminsten. Der wie hjir noch mear feroare. De gerdinen faaks. Mar dêr hied er doe nea net sa by stilstien. Koe him ek net safolle skille. Feroare wie it dochs, de hiele sfear en sa. It hie gjin doel en beriddenear it fierder. Hy wie sels ek feroare.
‘Dêr wie ik al wer.... ferfelende kwezel! Moatst dyn fatsoen hâlde, hen. Ik moat my wolris ynbine, mar oars, it baarnt my wolris yn, hear.’
‘Hoesa,’ sei er.
‘No jonge, guon minsken dy ha sa'n geseur, hen. Dêr kin ik langer net oer. Guon kinne har sa drok meitsje om neat, dat ik tink, minsken minsken, wêr binne jim mei dwaande.’
‘Ja, hen,’ sei er.
‘No hiene wy justerjûn kaarten. Bellet sa'n idioat no oer op. Koe it net ferneare dat hjir justerjûn even ien siet om in slokje. Wol de saak tiisdeitejûns ticht ha foar it oare publyk, sei er, at dat ek koe. It is hjir noait drok tiisdeitejûns. Elk wit dat wy kaarten ha. Mar it komt wolris foar dat der even ien oanwaaien komt om in slokje. Dat kin ik dochs net wegerje, sis no sels. En se hiene totaal gjin lêst fan dy man. Siet dêr allinnich, dêrre, wêr't dat frommes no sit, dêrre. De man hat hjir miskien in kertierke sitten, langer net. Bellet sa'n healwizeling no oer op.’
‘Moatst dy neat fan oanlûke,’ sei er.
‘Do hast maklik praten. Do stiest der fierders bûten.’
‘Moatst dy net sa drok om meitsje,’ sei er.
‘Nee, doch ik ek net, mar lit sa'n man dat justerjûn fuort sizze, net? Dan wit ik wêr't ik oan ta bin.’
‘Dus noch altyd kaarten tiisdeitejûn,’ sei er.
‘Ja, dat giet wol sa'n bytsje troch, moatst rekkenje. Hat ek altyd sa
| |
| |
west, wy witte net oars.’
‘Hoe giet it oars,’ sei er.
‘Och, syn gonkje, moatst tinke. It is net mear wat it doe wie. Wy ha ek minder wurk no. Of nee, dat mei ik eins net iens sizze. Wy ha in oar publyk hjoeddedei. Nim no simmers, lykas no, dan komme hjir in soad frjemden. Binne even te toeren en wolle even oanstekke, dát, witst wol? No sit hjir gjin kop. Mar it kin bêst wêze dat it hjir mei in oere fol sit. Dát, snapst? Hast der gjin sizzen fan. Ik hie hjoed ek mear ferwachte, moai waar en sa, dan wol it noch wol. Mar it kin ek bêst wêze dat it aansent ynienen begjint te rinnen. It komt wol faker allegear tagelyk. Dat sis ik ek faak tsjin Tryn.’
‘It Tryntsje noch yn de saak?’ frege er.
‘Allinnich as it drok is. Simmers en sa en tiisdeitejûns as wy kaarten ha. Dan kin ik it allinnich net oan, jong. Dat is gekkewurk.’
‘Hoe giet it oars mei Tryntsje,’ sei er.
‘Och, giet wol. Wurdt ek âlder, jong. Dat kinst op it lêst wol fernimme, hear. Oan dysels ek wol, dat wol ik net sizze, sa net, mar Tryntsje, dêr binne de bêste puntsjes wol ôf. Dan oerdriuw ik net.’
‘Wy nimme noch ien, op myn kosten,’ sei er.
‘Nee, gjin kwestje fan, dit wurdt ien fan de saak. Ik fyn it moai datst hjir even bist. Hast it kreaze pak mar oan, as ik dat sa sjoch.’
‘Ja, wat wolst ek, de âld man wurdt mar ien kear tachtich, hen?’ sei er. ‘Is ek sa.’
‘Hee, Abel,’ sei er doe.
Abel hâlde even yn en bûgde him nei him ta.
‘Jou dat frommes in bearenburchje fan my,’ sei er.
Abel frege net hoe en wat. Hy soe har in bearenburchje ynjitte, mear net. Elk syn fak. Koe Abel net meitsje en freegje oft er kunde oan dat frommes hie. Koed er net oan begjinne. Dan hied er al lang nerges mear west. Hy geat twa jonkjes yn en in bearenburchje. Sa hearde it ek. Hy waard der foar betelle op it lêst. Hied er wol genôch sinten by him? Dan soed er ek ôfgean foar dat frommes. Soed er moai stean te skutterjen mei syn grutte hannen yn de bûsen. Och, wie dat frommes miskien ek al lang fuort. Faaks moast se mei de bus hjir of dêr hinne. Hy koe har oars ek wol even thús bringe as it net al te fier wie. Se hie de bus fersitten om't hy har noch sa noadich in slokje ta ha woe. Moast er der fierder ek
| |
| |
mar mei rêde. Hy koe it ek wol opskriuwe litte fansels. Skriuwst wol even op, Abel hen? Dat wie wol wat. Komt yn oarder, Hein. Dus hy hiet fan Hein. Sy hiet fan Inez. Wie Ineke seker. Ja, wie Ineke. Fûn er in moaie namme, Inez. En sy fûn Hein ek moai. Abel sette de romer foar har del. Hy preuvele in pear wurden. It wie net te hearren wat er krekt sei. Wie wol te rieden fansels. Se seach syn kant even út. Knikte net. Lake ek net. Seach likehurd wer foar har.
‘Ien foar menear!’
‘Bist wol even foarsichtich, hen? Ik bin gjin menear en ik wurd ek gjin menear,’ sei er.
‘As ik dat pakje oars sjoch. Stiet dy wol, sa'n pakje.’
‘Hast wolris in dreun hân?’ sei er.
Se koe wol tinke dat er dat stomme idioatepak altyd oanhie. Se moast hielendal neat ha fan manlju yn sokke pakken. Miskien tocht se wol dat er fertsjintwurdiger wie. Dy koe se hielendal net ferneare, fertsjintwurdigers. Waard se beroerd fan. Se koe wol koarje at se in fertsjintwurdiger seach. Sa hie se it mier oan fertsjintwurdigers. Hy ropte de strik foarwei en knope it boesgroen boppe iepen. Wie mar goed dat er fan 'e moarn gjin himd oanlutsen hie. Dêr koe se wol fan spuie, fan keardels mei in himd oan. Koed er him wol yntinke ek. Wiene ek dikke kloatsekken, keardels mei in himd oan. Winters, dan wie ik noch wat. Mar op in dei as hjoed, gean wei, like wol fleanen.
‘Ja, wy ha hjir wat oan it ferbouwen west, hast wol sjoen. Elk moat mar wat mei de tiid mei, hen. Tryntsje ornearre, it wie hjir allegear wat âldfrinzenich. Dat wie ek wol sa, dat wol ik net sizze, mar ik wit net oft it der wol better op wurden is sa. En tsientûzend is ek neat op 't heden, hen. Mar it kafee-eftige is der wat ôf, fynst ek net? Wy ha der ek wol lang tsjinoan skytskoarre hear, mar wy ornearren, it moast dan dochs mar trochgean. En doe ha we in pear wike yn de rotsoai sitten, want dat krigest dan ek noch.’
Se hie de bearenburch noch net oanrekke. Stie der ek noch mar krekt fansels. Wie gjin ferpleechster, och hearken nee. De ferliking mei Wilmyntsje sloech nearne op. As Wilmyntsje al ferpleechster wurde soe. Want dat moast allegear noch. Soe wol neat wurde. It wie ek mar better fan net. Se hie wol wat artistyks, sa't se dêr siet. Miskien skildere se wol. Skriuwe, koe se wol. Se wie ek net by it ûnderwiis. Seach er sa. Dêr
| |
| |
sieten ek wol fan dy typkes tusken, mar dy wiene allegear wat weaker. Dit wie ek gjin typke, dit wie in persoanlikheid. Dat koe net fan elkenien sein wurde, fan froulju teminsten net. Hoewol, guon keardels hiene der ek wol oan. Like faak ek mear as dat it wie. Mar dit frommes spile har eigen spul. Hie se ek grut gelyk oan fansels.
‘Mar krekt wat ik sis, oft it no drekt in ferbettering west hat, dat wit ik net. Ik tink fan net, as ik myn sin sis. Sjoch, de âlderein hat it altyd sa wend west, hen. Dy hat der gjin ferlet fan dat alles feroaret. Ik ferbeeldzje my ek dat dy fêste klanten wat langer wat mear weibliuwe. Ja, dat mien ik dan mar. Wat ik dêr niis fan jim heit sei, dy sjoch ik hjir suver net mear. It kin wol neat mei dy ferbouwerij te krijen ha, mar it eigene is wat fuort, hen. Dat sjogge de minsken ek wol. Skuldich is oars in hiel wurd, mar do meist bêst witte dat ik mei dy dingen omraak ompankoekje kin. It sit my net lekker, lit ik it sa sizze.’
‘Alles feroaret,’ sei er.
‘No, dêr seisto in wier wurd. Dat toch ik krekt noch doe't ik dy de romer folgeat. Ja, dan ha je ynienen wolris fan dy gedachten, ik wit net wat dat is. Mar doe tocht ik noch, wat is der in bult feroare, ast dat goed neigiest allegear. Doe't jim noch wat jonger wiene, jim hiele ploech sil ik mar sizze, jonge, dat wie allegear hiel oars. Dy jongerein fan tsjintwurdich, dêr sil ik net in ferkeard wurd fan sizze, sa net, dat witsto sels ek wol, ik bin de lêste dy't op de jongerein kankerje sil, mar se binne oars. Jout neat, se binne oars.’
‘Hoe bedoelst, oars,’ sei er.
‘Ik wit net hoe't ik it sizze moat, ik wit ek net krekt wat it is, mar lykas doe mei jim, sa'n ploech, dat haw ik nea wer meimakke. Bliksem Hein, wat wie dat in moaie tiid, jonge. Ik sil dy ien dinge neame, dan begrypst miskien wat ik bedoel. Jim dronken doe jenever as bearenburch. Ek wolris in pilske fansels as it hyt wie. Mar oer 't generaal wie it dochs in slokje. Dêr kamen jim ek foar. No, dêr moatst hjoed net mear om komme. Allegear bier wat der oan is. Sis ik neat fan, hear, ik taapje graach in gleske bier foar dy jonges. Mar hjoeddedei sjochsto net ien fan dy mannen dy't jonge drinkt, net ien, en no oerdriuw ik wier net. En dy jonges binne dochs fan jim jierren, sa âld as jim doe wiene. En it is ek gjin ploech mear, hen. Dat is der hielendal út, jong. Ik wit net wat dat is. Ach, it is allegear de tiid, wolst wol leauwe?’
| |
| |
‘Ja,’ sei er.
Wie dochs in hartstikkene bêste fint, dy Abel. Wie ek gjin wûnder dat er der wat minnich útseach. It wie de âlde Abel net mear. Hy hie nea net fan dy problemen doe. Net dat er wist teminsten. It wie allegear de tiid. Die Abel wol even goed dat er hjir even siet. Himsels trouwens ek. Hy koe doe al goed mei Abel opsjitte. Wa net doe. It wie krekt sa't Abel sei, in moaie tiid.
‘En dan sitte se my om de kop te seuren, dat ik hjir papat bakke moat. No, sa âld krije se Abel fansels net, dat ik hjir stean gean te patat bakken. En dat sis ik dan ek, dan sis ik, jonges, it kafetaria is oan de oare kant fan de wei. Mar dat sokke jonges dat wolle, dêr kin ik net by, do wol? Ik wol bêst in aaike bakke as dêr om frege wurdt, dat fyn ik noch dêroanta. Mar om hjir no in restaurant fan te meitsjen, nee, en dêr bin ik de man ek net nei. Dat is elk syn wurk ek net.’
‘Ja, dêr moatst al krekt geskikt foar wêze,’ sei er.
Miskien hie se al twa as trije op doe't hy derynkaam niis. Oars hie se der no dochs wol in slokje fan nommen. Hoe lang hie dy romerfol dêr no al net stien. Of hie se der neat mei op dat in keardel har in slokje oanbea. Gotskes, at it no dochs mar gjin bessen west hie! Bestie net, bessen wie folle reader. Faaks moast se noch efter it stjoer. Brocht hy har ommers even. Wie hielendal gjin punt. Mar de auto dan. Dat seagen se letter wol wer. Dy auto bleau dêr wol stean. En oars mar net. Wie in grapke. Moast se noch even oan wenne. Sy soe likegoed wol har apartichheden ha. At se no fuort al sa begûn. Dan koene se daliks wol ophâlde.
‘No ha 'k miskien in rare fraach,’ sei er.
‘Ik bin benijd.’
‘Soest miskien in aaike foar my bakke wolle?’ frege er.
‘Jawis, altyd, in útsmiter bedoelst. Dûbeld as inkeld.’
‘Doch mar inkeld,’ sei er.
‘Komt klear, ik sil it Tryn even trochjaan.’
|
|