relaasje vot óm de hakken? Onares binne de kóntakten nochol frustrjerjend. De haiten havve areghyd oan har bên, vólle graag ópgean yn de bennebwatterijen en besykje óm ut de bên nai ut sin te maitsjen, mar de bên fyne de hait gek of oerstolleg. Ut kóntakt tusken mon en frau is yn de regel steord: de mon besyket óp un ónhondege, nochal benleke vize ta un goede ferhôring te kómmen; de frau, dyt te faak stómprón is, sit fól rankúnne. Fonsels, dut is net yn olle ferhalen lyke dúdlek oanviisber, mar jir kómt ut yn grutte halen, en voneart mun de losse ferhalen beskôget os diggels fon ien mozayk, óp del. Op himsels binne dut verkenbere sytevaasjes: vit mun ut net fon junsels, don vól freonen of bwórlju. Ut nijskjirrege is útsoate: vot dógt de ferteller jirmai, hókker oarysynele óplossingen, vêrt munsels en juns freonen en kunde net óp kómmen binne, hat ur fwar dusse spêkrónne sytevaasje betocht.
Ut teloarstellende fon dusse ferhalen is, dot de ferteller hielendol gin óplossingen hat. Yn de réalytijt berêst un minske yn de regel yn un beroede sytevaasje, de mon hat syn hóbbys en syn pils, de bên gónne nai de bar en de frau ferfret har argevaasje. De ferhalen fon Boersma binne fragmentarysk, se jaue un momentópname fon un sytevaasje en havve gin defynytyve, of sels mar fwarriedege sin. De technyk is fonsels de kar fon de skrjower en ut logysk gefólg fon syn ópset: hij voe de problemen net óplosse. Vêróm net? Ik tink ómdot ur - ik bedoel Boersma net, mar de ‘ymplysjerre auteor’ - bang is óm de kónsekwinsjes te lûkken út vot ur os réalytijt vaarnimt.
Dêrmai kóm ik óp myn tredde punt: de oerheasking fon de verklekhyd tróch de nwarrem. De personaazjes sjugge de verklekhyd vôl: bên havve gin ferlet fon har bemwóisucht, frôlje binne óp har ôknapt, se havve un oar net fólle te bieden. Mar sadreet se dot kónstatjerre havve, óppenjerret him har gevisse of har Ueber-ich: ja, mar sa jert ut fonsels net te vêzen, ik soe vot fwar viif ten bên betsjutte matte, ik soe un oar vot te bieren havve matte! De haadpersoan út ut lêste ferhaal fon de bóndel sit yn dot dylemma: ‘yn my is bûten myn eigen ik, myn eigen universum, bûten dingen dêr't men net oer prate kin, bûten myn mankelikens, myn iensumens, myn selsmeilijen, neat’ (129). De meast fwar de hôn lezende kónklúzje soe don vêze: ik nim mijsels sat ik bin, en sa matte de minsken mij nimme, en oas litte se ut mar. Mar dy kónklúzje vól dusse haadpersoan - en mai him olle oare haadpersoanen út de ferhalen - net oan: ‘it hiele probleem is dat ik soargje moat de se [de minsken] wat by my fine’ (129). Mai dutsoate flauekul sitte vij gefaarleke ticht bij tryvyale leafdesromontsjes vêrynt de personaazjes ‘oltyt fwarenwar libje’ of ‘olles fwarenwar betsjutte’ sille - dy romontsjes ainegje meast óp de traudai, en dot lait fwar de hôn, vont sansoate ópfokte ‘leafde’ is gjin trije dagen te fernearen. De personaazjes út dusse ferhalen besykje óm de forsjerring te normalysjerjen; ut risseltaat dêrfon dógt óp gôns syden blyken.
Oan de iene kônt binne dusse ferhalen anty-ydéologysk: se ferinne-