Trotwaer. Jaargang 13(1981)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 124] [p. 124] geart van der meer strânljip de moamtydswyn kaam, de skaden flechten. heech boppe it hûs in iere strânljip rôp. it waarme ljocht, dat troch de finsters kroep joech jonge der, en jonge langst rjochte syn waarmte op har jonge, waarme lea - mar se sliepte, yn dreameleaze sliep wie se fan langsten frij, en blier lei op har foarholle it lichte ljocht, sá blau en myld, dat reade driften fertwirren yn dy klearens, as reek ferwaaiend yn 'e simmerwyn. hoeden har azemwyn drinkend ut fynreade tsjelken, wist er, dat de leafde net wekke wurde wol ear't it harsels haget. en berûze fan dy wyn is iere langst weisûze ta neat as 'n iere fiere strânljiprop. [pagina 125] [p. 125] ljurk letter, doe't de wyn al waarmer waaide en de sinne heger stie, de skaden oer de ierde koart en swarter waarden, elk popelblêd in fûnkje hie, saaide mei swang út 'e stannen de ljurk omheech, en, de sinne nimmend as syn doel, rjocht nei boppen warlewjokjend, yn 'n omsjoch neat as stipke yn 'e loft, fier omleech de wrâld syn grienens littend, sûgde syn longen fol mei krûdige maitydslucht, dat se knapten hast yn dy hege flecht, en hij syn hertfol heech liet oer de wyn stoarte moast, om yn fleagen te hymjen nei de sinne - fier, o ûnbefleanber - 't ljocht yn te ranen - o, ûnbesteanber - fallen, dél saaien, hearlik ferbline. Vorige Volgende