Trotwaer. Jaargang 13
(1981)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 122]
| |
[pagina 123]
| |
wyn komt
giet syn wei troch beammen
om it hiem
wy hearre him lústerjen
yn cottontrees en prairygers
dan komt er ús sirkel yn
hy lit de koallen fûler baarne
sealje seder tabak geurje
wy brûke ús earnfearren
wyn nimt reek mei
ûnder tsjuster en stjerren
bûge wy foar wyn
nacht is boppe oklahoma
en lûden fan coyote rûnom
|
|