gloede troch de lea hinne. Ik seach om my hinne. Faaks wie der yn de keamer noch in bewiisstik fan syn oanwêzigens te finen. Op de tafel fûn ik in bôge skriuwpapier. Ik lies, mar koe út de wurden gjin wiis wurde. It hie wei fan in boadskip, mar ferbân en betsjutting ûntgiene my folslein. Om't ik let wie, treau ik it stik papier hastich yn de broeksbûse. Likehurd helle ik it der doe wer út. It hânskrift wie mines!
Under de wiskundeles krige ik it papier op 'en nij út de bûse. Ik hâlde it ûnder de bank en ferwisse my derfan dat net ien sjen koe wêr't ik mei dwaande wie. Dat it hânskrift mines wie, makke my oerallich en benaud. Myn fingers trillen deroer en foar't ik it gripe koe, waaide it papier my út de hannen wei. Mei in machtige swaai belâne it ûnder de bank fan Germ Grypstra, Goare Germ. Syn grutte skoech klapte op it papier: sines.
Doe't Braaksma him nei it boerd ta draaide, krige Germ syn proai op fan de flier. Ik hie in kop as fjoer. Germ lies. Efkes stie syn gesicht skram fan ferheardens, doe begûn er te gnizen. Hy nokkere sa lûd dat elk koe it hearre. Braaksma draaide him om en seach Germ oan. Dy lei it papier foarsichtich tusken de siden fan it wiskundeboek en makke syn ekskús. By it wikseljen fan de lessen kaam er lykwols op 'en nij mei it papier op de lappen.
‘Jonges stil, ik ha wat, ús jonkje skriuwt gedichten,’ rôp er, ‘en hy wol ha, ik sil se jim foarlêze.’
‘Ik fleach op him ta.
‘Jou hjir do!’ skreaude ik.
Hy lake spotsk en liet it papier boppe syn holle hinne en wer wapperje. Der wiene no ek oaren dy't laken. Germ fielde him sterk. Hy gie op de stoel stean en lies. Ferheven. Dramatysk. De wurden stieken my as flimige messen troch de earen. De triennen stiene my yn de eagen.
‘Jou hjir, kring aste biste!’ raasde ik.
‘Hâld dy de bek,’ sei Germ en lies fierder. Doe't it út wie makke er in bûging. Guon klapten yn de hannen. Stielen tromstôken roffelen myn earfluezen.
‘It is net fan my!’ rôp ik noch.
‘It is dyn hânskrift oars al,’ lake Germ. Hy hâlde it papier omheech. ‘Jonges, is dit syn hânskrift, ja dan nee.’ Fan alle kanten waard ja raasd, ik koe net mear.
‘De Bolle!’ rôp ien. It wie in stommeljen fan tafels en stuollen en yn