Oer ôflate benaderingen
Yn ús nijmoadrige kultuer hâlde wy der in soad nuveraardich ôflate lês-en bestudearringsgewoantes op nei, dêr't se yn de slim earme lannen de útdrukking ‘de peuk fan de peuken’ foar brûke soene.
Bygelyks:
. | Je lêze de resinsjes oer de film fan in boek oer de ideeën fan Van Gogh. |
.. | Je bestudearje de sosjale ynteraksjes fia de theoryen fan lektor X oer de theory fan Habermas oer de theory fan Marx oer de yndustryele maatskippij. |
... | Je hifkje in polityk dilemma oan de hân fan in stúdzje oer in brief fan in Apostel yn antwurd op in fraach fan in Cappadocens. |
(Der binne fansels wol ‘feredelings-mûnen’ warber, at it goed is)
Porisme: At je rekkenje, dat by elke skreaune kommunikaasje 75% goed begrepen wurdt, en oer 25% misbegryp lintstiet, dan komme je by trije stappen (¾×¾×¾×=27/64) al ûnder de 0,5 en dat betsjut dat kommunikaasje suver gijn doel mear hat. |
Stelling: In tierige kultuer stipet syn oarspronklike boarnen (ûndersyk, ûnderfining, persoanlike kontakten ensafuorthinne) en syn, nei oardiel en ûnderfining, meast weardefolle klassiken. |
Jargonaut