Trotwaer. Jaargang 13
(1981)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 69]
| ||||||||||||||||||||||
Geart van der Meer
| ||||||||||||||||||||||
[pagina 70]
| ||||||||||||||||||||||
patroan’. Mar it boek hjit net fan God en Minsken, en dat hie men dan dochs wol ferwachtsjen meien. En myn eigen lêsûnderfining mei GeM hat mij leard dat der fan dy striid tusken God en minske net folle te finen is, sa't wij hjirûnder noch sjen sille. Van der Ploeg liket him trouwens fierderop yn syn stik ek noch tsjin te sprekken at er seit: ‘it djipgeande petear, de wrakseling mei God, dat bliuwt oan it oerflak’. Dan soe yn GeM de striid mei God it grûnpatroan wêze dat oan it oerflak bliuwt. En dat is wol wat nuver. It twadde punt dêr't Van der Ploeg him yn fersint is de saneamde ûnminsklikheid fan de haadfiguer Danjel. At je it boek goed lêze, kinne je mei gjin mooglikheid sizze dat Brolsma hjir in ûnminske foar ús delset hat. Dat Van der Ploeg net goed lêzen hat, docht ek kleare bliken at er seit dat Danjel syn ûnminsklikheid ta utering komt at syn soan Lammert in kear mei it hynder op 'e rin rekket. Van der Ploeg is hjir sels op 'e rin rekke, want dat is gewoan net wier, en ek dat sil ik hjirûnder sjen litte. Nammers, it boek hjir ek net fan Groun en Unminske, en dat hie men dan dochs wol ferwachtsje meien. Groun en Minsken dus. En lit ús net te folle harkje nei Van der Ploeg, dy't ek oars noch wol ris sjen lit dat er troch in matglêzene bril lêst. Sa seit er noch dat Danjel syn heit troch in traap fan in hynder bij einsluten oan syn ein komt. Mar dat is net wier, want âlde Lammert hat him ferklomje litten bij it makaderiden (sj. side 77), en dat is al wat oars. It wurdt heech tiid om út te sykjen wêr't it boek no al oer giet. | ||||||||||||||||||||||
1.
| ||||||||||||||||||||||
[pagina 71]
| ||||||||||||||||||||||
skriuwer sels libje der noch wol min ofte mear wide, ferhevene idealen yn him (186). Al wie Danjel beslist net in ideale heit, ek as heit wie er net in ûnminsklik meunster. Lês disse moaie beskriuwing mar: Daniël, as er dêrta roppen waerd, mûnstere de bern ek, sei goed noch kwea, soms lei er in hân op in waarm holtsje, soms kniep er in dopke yn in read wang, mar syn wurden wiene tige sober - dêr't lykwols syn ynderlik fielen as heit biljeaven (sic!) net nei (sic!) lekke wurde mei. Sa't er syn bern mei rêst liet bij har boartsjen, lyksa ûntkaam him gjin ‘ûnfortogen wurd’ tsjin syn dochter Doutsen bij it fûle skreppen yn striemin waer op it lân. Krektoarsom, hij beart fan har fûlens (197). At dyselde Doutsen letter seit dat se net mear op it lân wol, begjint er ek net poerrazend te skellen, mar rint er swijend fuort (200). Danjel, dy't him sa slim uteret (dêr kom ik noch op werom) hellet op in stuit de harmoanika wer foar it ljocht: ‘Daniël bisiket ris om iens mei syn eigen jongen (sic!) (= Lammert) to wurden’ (223). Oarssein, mei wurden falt soks him net ta, mar hij besiket it dochs wolris op in oare manier. At Lammert letter âld genôch is om mei Danjel op it lân, dan driuwt er syn jonge ek net yn it wurk (230), mar besiket er him krekt wat te mijen (232): ‘Daniël kin dochs wol bisteklik en mei fordrach to wurk gean, as it moat’. In rabber en in kweasprekker is er ek net, lykas in protte oaren, dy't ûnderwilens wol ‘krite en beare kinne oer God en de Ljeaven Heare en dat hja sokke swiere sûnders binne en dan meiïens wer in oar fan 'e ra rinne litte’ (240-1). Bij de ferneamde scene dêr't beskreaun wurdt hoe't. Lammert op 'e kletter rekket mei in hynder beskriuwt Brolsma dúdlik hoe't heit en soan tsjin de bûtenwacht oer neat skine litte wolle. Beide beare dat it neat is. Mar dat seit neat oer de saneamde ûnminsklikens fan Danjel, want sagau't er syn jonge wer tsjin komt op 'e dyk bart der dit: Nimmen sjocht, dat efkes letter by it wikseljen de beide, heit en soan, in skoft by inoar steane. | ||||||||||||||||||||||
[pagina 72]
| ||||||||||||||||||||||
Danjel is no net in gesellich man, en soks kin him ek neat skille, mar hij wol it de bern lykwols net ûntkeare; en hij hat begrutsjen mei har at har de hún treft dy't winliken foar him omearre is (289). Likemin gedoocht er it dat Lammert ungemurken húnd wurdt (293). Wij hawwe al sjoen dat er grousum yn syn leafde-uteringen is: hij hantearret Frouk dan ek as in hoer, mar hij kin wol in hynder popkje (317). ‘Is der fan sa'n ien wol in goed wurdt to sizzen?’, freget Brolsma him op s.317 ôf, en foeget dêr oan ta: ‘Jit is it de tiid net om dêr útslútsel oer to jaen’. Dat útslútsel krijt de lêzer net, alteast net eksplisyt; it sit tinkt mij ferskûle yn de lêste rigel fan it boek: ‘Hwat haw ik west: in wyld... of in minske?’ (338). Danjel, de grutte, de sterke, de rûge, hat hjir sterker west as ien dy't in stêd ynnimt: hij is ta selsynsjoch kommen. Hij hat himsels oerwûn, en bewiist dêrmei (at dat nei it boppesteande noch nedich wie) dat er gjin wyld mar in minske is (al is it dan net sa'n nofliken ien). Sa besjoch ik it hjir teminsten. | ||||||||||||||||||||||
2.
| ||||||||||||||||||||||
[pagina 73]
| ||||||||||||||||||||||
Hy hinget ûntsettend oan it jild, mar hat der nea hokfor geniet fan smakke, hy hinge jit mear oan syn soan, mar it is him net slagge dit to bitoanen (...)’. Danjel hinge dus mear noch as ‘ûntsettend’ oan syn soan Lammert, mar koe dat net fernimme litte. Hij is in man dy't ‘stiif en steil stean bliuwe, mar net skrieme’ kin (336). Syn dochter Doutsen seit him oan it ein fan it boek de wierheid, en dat is hiel wat: Doutsen fiert it wurd tsjin him, lyk as jit nea immen dien hat. Dan, at er no foargoed wit dat frou en bern him ferlitten hawwe, giet er fuort nei hûs ta, en popket it hynder bij it ynslaan (337). Wat him net slagget om te toanen oan minsken, slagget him bij hynders wol. | ||||||||||||||||||||||
3.
| ||||||||||||||||||||||
[pagina 74]
| ||||||||||||||||||||||
rêden. Dat is wat oars as striid mei dy god, liket my ta, Ik ha sa troch it hiele boek hinne it gefoel dat de skriuwer hjir eins wol oan 'e kant fan Danjel stiet. Lit dy god mar waaie, dat blykt ek út: Daniël hie in great man wurde kinnen; en jit hat er eat yn him, mocht it wêze, dat God de Heare ienris mei him yn 'e pleit giet, deselde dêr't syn heit binnenmûls fromme wurden oer mompele, mar dêr't nea immen flink en frisop oer bigoun, sadat in bluisterige jonge wol tinke mochte, dat dy Heare net folle to bitsjutten hie en maklik forswetst wurde koe’ (187). Danjel hat dy god op in pypfol: hy ferwachtet ‘neat fan boppen, mar (...) mei al syn sinnen en bigearten út de groun’ (144). Dat hat er nammers mei de measte oaren mien. It ferskil is dat Danjel sa earlik is dat foar himsels en oaren te wêzen, wylst oaren, al dogge se har noch sa kristlik foar, dat net wêze wolle, en nimmen ris seit ‘o Heare’ at er bij it dollen ‘seach, dat syn ierappels skoan joegen’ (161). De iennige kear dat sokken de Heare tanksizze is in ‘oerdeiskoft (...) yn 'e lette hjerst, dat hja tankstoune neame’ (162). Yn dy lêste fjouwer wurden priuw ik in bittere irony, sa't men dat komselden bij Brolsma fynt. It is nammers opfallend hoe faak at Brolsma wiist op it wûnder fan de natuer, dêr't de minsken sa blyn foar binne, sels dy't har kristen neame en foar wa't dat dochs in wûnder fan harren god wêze moast. Wat Danjel net ‘forswetse’ kin is de grûn, want ‘dy is sa as er is, wreed en sêft, kâld en salvich, toar of fruchtber, en yn it einsluten nimt er ús allegearre yn 'e bisnijing’ (220). ‘As de groun sprekt oer minskene wurk, dan is Daniël foroardiele’ (220). Dat is in opfallend wurd fan Brolsma: hij komt nearne wezentlik ta in feroardieling fan syn haadpersoan, mar hjir komt er dêr noch it tichtste bij. De bewûndering fan Obe Postma foar Brolsma is net samar, mar komt (bij alle ferskil fierders) neffens mij fuort út inselde fizy fan de natuer, en de grûn, as eat godliks, wreed mar ek aljaand. ‘De sûnde fan Daniël fan Kuken’ liket te wêzen net allinne dat er syn meiminsken net syn ynderlik fielen toane kinnen hat, mar ek dat er de grûn ûnthoden hat wat him takaam: tawijing en leafde. At er dy al hân hat, is it him alteast net slagge dy te betoanen. | ||||||||||||||||||||||
4.
| ||||||||||||||||||||||
[pagina 75]
| ||||||||||||||||||||||
en ‘de twang nei in gnap hynder’. De twang nei it jild hat him ek gjin baet brocht, hwant syn eigen fûlens wie him yn ‘e wei’ (296). Danjel, dyt bij de slimme sykte fan Frouk wrychtich ta in soarte fan gebed komt, ferjit dat ek al rillegau wer as Frouk wer bij de wâl opklaut, en dan begjinne de dokterskosten him ek slim te begrutsjen (145-6). Lyksa hat er mar amper sinten oer foar in dokter at syn mem slim út stel rekket (151). De begraffenis fan syn heit hie him nammers ek al danigen argewaasjes jûn om de kosten (103). Wij seagen hjirboppe ek al dat er ‘ûntsettend’ oan it jild hong, mar dat er bij einsluten noch mear as ûntsettend oan syn soan hong (317), en dat seit yn dit ferbân dochs hiel wat. De ‘fan stagen her ynwoartele bigearte nei bisit, jild en goed’ wie destiids it iennige dat syn ‘toarre heit’ noch libben bijbringe koe (19), sadat thús allinne mar oer lân en oer wurk praten waard (54), en Danjel (yn sa'n fermidden opgroeid) is letter al net folle oars wurden. Der hawwe wis wol idealen yn him libbe (186), mar der is sa't skynt net folle mear fan oerbleaun as de benypte begearten dy't hjirboppe neamd binne. Syn ‘hoarsriden op prachtige simmerdagen troch in lân fol bloei en fruchten’ is er folslein fergetten (187), en dêrmei, wol ik hast leauwe, ek syn twang nei frijwêzen fan it benaude yn syn âlderlik hûs, en nei hegere idealen, al hoe ûnbeneamd dy ek wêze mochten. Danjel is in wrotter wurden as safolle oaren, mei syn gesicht nei de grûn ta keard, sûnder dêrfan de skiente en gruttens te sjen. | ||||||||||||||||||||||
5.
| ||||||||||||||||||||||
Oereiding en beslút.No't ik inkelde aspekten fan de persoan Danjel, sa't dy út it boek nei foaren komt, beljochte haw, kin ik ek besykje om in andert op de fraach te wêrt GeM no oer giet, want at we witte wa't Danjel is, de haadfiguer, witte wij ek fierhinne wêr't it boek oer hannelet. Brolsma hat yn GeM in minske beskriuwe wollen dêr't de bûtensteander | ||||||||||||||||||||||
[pagina 76]
| ||||||||||||||||||||||
sa foar it each net folle oannimliks yn ûntdekke kin, mar dêr't de skriuwer yn 338 siden foar syn lêzer hieltyd mear minsklikheid yn wit oan te toanen. Dy minsklikheid is lykwols net ta folle waaksdom kommen, en kin him net, of allinne mar breklik, oan de oare persoanen yn it boek iepenbierje. Disse Danjel is yn oanlis beslist gjin ingel, de skriuwer past der wol foar op om ús dat oan te praten. Hij is lykwols ek net de ûnminske, dy't er liket - en it is yn dit ferbân opfallend hoe faak at Brolsma der op wiist dat oaren maklik oer Danjel oardielje soene, wat er as skriuwer eins net docht. De minsklikheid yn Danjel wurdt ek net om 'e nocht sa faak yn 'e beskriuwingen yn it ljocht set (foar wa't in bytsje lêze kin), en it skrinendst wol bij de ferskate kearen dat skreaun wurdt dat Danjel oan bisten (hynders) wol wat fan dy minsklikheid jaan kin, en dat sûnder de skamte dy't him blykber behinderet ek tsjin de meiminske ris sa te wêzen. Ien fan de oarsaken fan dat uterlik mislearjen fan it minskwêzen liket foar Brolsma te wêzen it fermidden dêr't de haadpersoan út fuortkomt, dat yn it betoanen fan gefoel en iepenens foar minske (én God) no just gjin tsien fertsjinnet. Yn sokke omstannichheden lûkt it spontane en it iepene en it leafdefolle, dat der dochs wol wie, him werom as yn in skulp, en dy is foar oaren net iepen te krijen. De skriuwer is it slagge om ús yn dy skulp sjen te litten. Syn boadskip liket te wêzen: lit jim yn sokke gefallen net ferrifelje, en oardielje net te gau. Op de fraach dy't Danjel himsels oan de ein stelt, jout Brolsma sels gjin antwurd, mar sa't ik boppe al sein haw, út it boek kin wol lêzen wurde dat Danjel perfoarst net allinne in wyld west hat. Sjoen fan 'e bûtenkant hat er dat faak al west (en sa oardielje de lju dan ek), mar at men wat better sjocht, wit men wol better. Wat de striid mei God oanbelanget, dêr't Van der Ploeg it oer hie, ik leau dat út it koarte ûndersykje dat ik hjirnei dien haw, bliken docht dat Danjel earder ûnferskillich is as dat er mei God striidt: hij leaut it wol, soene wij sizze kinne. Fan syn âlden harren leauwe hat er earder in minachting skipe foar de skepper as ferearing. At Van der Ploeg seit dat der ek in striid beskreaun wurdt tusken minske en grûn, moat ik him dêryn fansels meistimme. Mar der is mear: Danjel syn relaasje ta de grûn hat deselde tekoarten as dy mei de meiminske. Hij kin ek de grun syn leafde net jaan, wat fan dy gefolgen is dat er stadich mar wis de striid mei de grûn ferliest. Brolsma hat hjir in type minske delset dat Piebenga wol neamd hat ‘in iensume, fan nimmen bigrepene, rûge wrotter’ (Piebenga 19572: 218), en út dy wurden blykt mear begryp foar GeM as Van der Ploeg opbringe kinnen hat. Dat Piebenga GeM ‘in tryst en tragysk epos’ achtet, is mij wol goed salang't it om de eigenskipswurden giet, mar oft it no in epos is... no nee. Ik soe alteast earst wolris sjen wolle wat der mei ‘epos’ no bedoeld wurdt. Fan Piebenga kin ik sok in útlis fansels net mear fer- | ||||||||||||||||||||||
[pagina 77]
| ||||||||||||||||||||||
wachtsje, mar Van der Ploeg, dy't dit wurd ek brûkt, soe ús dêr faaks ris mei gerive kinne. Oft der behalven it wurd ‘type’ ek noch it wurd ‘symboal’ brûkt wurde mei, bin ik net net sa wis fan. Piebenga docht dat wol (Piebenga 1954), en at er dêrmei itselde bedoelt as mei ‘type’, dan haw ik dêr net sa folle op tsjin: Danjel stiet neffens my yndie foar in bepaald slach minske. Lykwols, Piebenga liket noch mear te bedoelen, nammentlik ‘de minske’, en dêr haw ik al beswieren tsjin. At yn dit ferbân it wurd ‘symboal’ falt, dan hat dat in wearde-ferheegjende útwurking. Bij al myn wurdearring foar GeM kin ik lykswols gjin oanlieding fine om Danjel as symboal fan ‘de minske’ (yn hokker betsjutting dan ek) te sjen. GeM is foar mij in ûnferjitlik boek, mar it giet leau 'k te fier om achter it konkrete fan dit boek it al te abstrakte fan sa'n wiidfiemjend symboal te sjen. Al hoe ûnferjitlik GeM ek wêze mei, der is ek in earnstich beswier. It boek liket fan begjin oant ein skreaun te wêzen út in kristlike fizy: Brolsma (dat is: de ferteller yn it boek GeM) praat hieltyd oer de god fan de kristenen as wie it ek syn God. Der is yn it boek sels eksplisyt nearne in oanwizing te finen dat de ferteller net yn dy god leaut. De minske Brolsma, sa witte wij, wie gjin kristen. Sûnder dat dat lêste in argumint wêze mei bij de analyse fan it boek, moat dochs fêststeld wurde dat dat te femimmen is. De kristlike bûtenkant fan GeM is ek net mear as bûtenkant, en dat kristlike liket geandewei yn it boek ek stadichoan nei de achtergrûn te ferdwinen. Nettsjinsteande de poze fan de ferteller is GeM net trochlibbe as kristlik wurk, en de ferteller hat de minske hjir net ferskûlje kinnen. Ik sil net besykje dat hjir konkreet te bewizen, dat soe nammers ek in aparte stúdzje fergje, mar al eefkes wize op wat Folkertsma nei oanlieding hjirfan skreau. Neffens him hat Brolsma Danjel net allinne yn it konflikt set mei de natuer en de minsken, mar ek in konflikt beskriuwe wollen mei it leauwe. Dat lêste is net folle wurden, en (seit Folkertsma) ‘ik haw sterk it idé dat hy der al skriuwende foar tobekskrille is’ (Folkertsma 1941). Yn alle gefallen, sa fart er fuort, ‘it godstsjinstige spilet frijhwat in ûnbilangrike rol yn Groun en minsken (sic)’. Ik bin dat fansels mei him iens, mar wol der wol bijsizze dat dy kristlike poze fan de ferteller, dy't it hiele boek troch yn striid is mei de werklike teneur fan GeM, de wearde fan it boek gâns ferswakket. Ik haw earne lêzen (mar wit spitigernôch net mear wêrre) dat Brolsma GeM skreaun hat as andert op in útdaging fan in goekunde om no ris in kristlik boek te skriuwen. We kinne fansels bliid wêze dat troch dy útdaging Groun en Minsken (dat earst yn ôfleveringen yn Frisia ferskynd is) der kommen is; we sille ek earlik tajaan moatte dat it wol tige spitich is dat Brolsma dy útdaging sa letterlik opnommen hat. Dat Groun en Minsken dochs wurden is wat is is, in yn hopen opsichten ûnferjitlik boek, tsjûget fan de útsûnderlike kwaliteiten fan de op 23-5-1882 te Stiens berne skriuwer: Reinder Brolsma. | ||||||||||||||||||||||
[pagina 78]
| ||||||||||||||||||||||
Taheakke: koarte list fan literatuer oer Reinder Brolsma (benammen Groun en Minsken). Disse list is net folslein, al liket it oan 'e oare kant ek sa te wêzen dat der oer Brolsma navenant net sa folle stúdzjes wijd binne dy't de namme fan ‘stúdzje’ fertsjinje. Om krekt te wêzen: neffens mij hat it wurk fan ien fan de belangrike proazaskriuwers út 'e earste helte fan disse ieu net it omtinken krige dat it fertsjinnetGa naar voetnoot1..
|
|