[Piter Boersma (vervolg)]
dêr de útdrukking fan is. As er yn ‘de taal’ ‘syn taal’ fûn hat, mei eleminten fan ‘de tael’ ‘syn taal’ kreëard hat, hat er it eigen sels bemachtige. It ynstrumint wermei't de dichter yn ‘de tael’ ‘syn taal’ fynt is syn bewustwêzen, syn tinkkrêft. Mei syn tinkkrêft fynt, bemachtiget er ‘syn taal’, it eigen sels. Yn de kenmerken fan syn taalgebrûk en syn dichtsjen, dy't hjirboppe oan 'e oarder kommen binne, is dat bewustwêzen, dy tinkkrêft, sichtber. Dat ynstrumint strielt troch Krol syn poëzy hinne. En dêr wurkje bepaalde begripen dy't de dichter brûkt oan mei, sa as basso continuo, sedimint, fibraasje, chemysk, gegevens, hermeneutica, anorganysk, autistysk, osmose, agressor, autarky, perspektyf, matearje, mikrokosmos, transponearje, neutralisearje, strategy - termen dy't hearre ta de taal fan de wittenskipper en de fakman.
Ik sei hjirboppe dat Krol omsichtich formulearret, eangstfallich hast. Dêr foegje ik no oan ta dat er sunich mei wurden is. En de toan fan syn poëzy is helder en licht. En dat dat sa is, is gjin wûnder. Dat meitsje de omskriuwingen dy't er jout fan wat er moai fynt, fan wat him dierber is, fan wat him gelokkich makket en omskriuwingen dy't er fan syn wêzen jout, moai dúdlik. Ien fan dy omskriuwingen is it wurd ‘brekber’, dat fjouwer kear foarkomt. Ik sitearje:
en brekber de timpels dy't ik boude (s.8)
foar wat ik mei dy woe (s.37)
By ‘brekber’ tinkt men oan licht, fragyl, fyn, rank, want om't eat dat is, is it brekber. En dêr tinkt men ek oan - en oan brekber - by de folgjende wurden dêr't wat moais, dierbers, of eat dat gelokkich makket mei omskreaun wurdt: ‘in hege timpel’ (s.21) (yn ien fan de sitaten hjirfoar hiene wy dy timpel ek al); ‘tear’ en hoeden boarterij' (s.21.); ‘kein(e)’ (s.21, 37); ‘trinten’ (s.30); ‘slank’ (s.37); ‘dimmen’ (s.39).
Dan hoe't er syn wêzen omskriuwt. Op side 18 hat er it oer ‘myn bisearber wêzen’; op side 39 skriuwt er ‘faeks grif / bistou like kwetsber as ik’; en yn it gedicht pake(sizzer) (s.26), dêr't er begjint mei it jaan fan in portret fan syn pake ‘op dizze twa pounsmiet / wie pake baes / en feint