wol, sa as yn it fers hermeneutica (s.8). Yn dat gedicht stjit de lêzer op de rigel ‘fossyl fan fjûr’, de titel dus ek fan de bondel. Yn Hjir (nr. 5, 1979) hat Piter Yedema ek in besprek oan Fossyl fan fjûr weage, en hy seit dêr dat in besprekker útfine moat yn hokker tekst de karakteristyk fan it dichterlik wurk syn heechste yntinsiteit fûn hat. En dy tekst is foar him dan dat hermeneutica fan side 8. De dichter fernijt ús yn dat fers
bisykje ik mysels to finen
Neffens Yedema is dat de dichter yn it sitearre fers goed ôfgien. Ik wol my hjir oars net mei Yedema syn analyse fan it gedicht en syn konklúzje dwaande hâlde, mar wol mei dat eigen lûd dat Krol besiket te finen. Is it dêr? En wat hâldt it dan krekt yn? De dichter seit dat er is ‘finzen yn de tael’. Finzen, soe men tinke kinne, om't de taal no krekt syn medium is, en ek, om't er ferslingere is oan de taal. Dat mei men der miskien ek wol yn lêze, mar de dichter giet nei ‘myn eigen lûd’ fierder mei:
dat prysters. predikanten
spraet hawwe oer de oarsprong
‘Myn eigen lûd’, ‘fossyl fan fjûr’ en ‘myn tael’ binne hjir synonym. Yedema komt ta de konklúzje dat ‘fossyl fan fjûr’ in belicheming fan it eigen sels oantsjut en ik stim him dêr yn mei. De dichter stelt him as opjefte ‘syn tael’, d.w.s. it eigen sels, mei te dielen, mar ta syn beskikking hat er dêrta ‘de tael’, dy't al troch prysters, predikanten, wiisgearen en healwizen mei betsjutting laden is. Wat stiet him te dwaan? Mei eleminten fan ‘de tael’ ‘in taal’, ‘in formulearring’ kreëare dêr't it eigen sels út opriist. Hy moat him dy eleminten taëigenje. Hy moat de wurden in nije lading jaan, lade mei it eigen sels.
Ien fan de middels dêrta is de metafoar. Dy mooglikheid grypt Krol faak oan. Yedema leit dêr nei oanlieding fan it gedicht hermeneutica de klam op. Yn dat gedicht jildt dat ûnder oaren foar it wurd ‘fjûr’, dat twa kear foarkomt, earst as metafoar en de twadde kear yn syn eigentlike betsjutting. En dat bringt my op in oare mooglikheid dy't de dichter tapast om de wurden te laden. Yn it net titele fers op side 14 stiet twa kear it wurd ‘glês’