Trotwaer. Jaargang 12
(1980)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 73]
| |
[pagina 74]
| |
Winter
De einen steane op 'e snie
de hiele dei al yn birie:
soe ik noch komme mei it brea?
it is it libben of de dea.
O einen, 't makket sa'n forskil
as ik der aenst net wêze sil.
| |
[pagina 75]
| |
Thús
Hwat stil, hwat rêstich de lânsdouwe -
is God hjir thús?
de swellen om it hûs
fordriuwe pine en de neven;
as aenst de moanne komt
fordwynt ek it fortriet.
| |
[pagina 76]
| |
Enkhuzen yn maert
in aard fan snijen -
iggen lykas eilannen
yn roerleas wetter
| |
[pagina 77]
| |
Fryslân
de ljochte moanne
boppe de meande greiden -
hwat rûkt it lekker!
|
|