5.
De lift (op 9: twa froulju - op 4: in man) stoppet ûnderweis twa kear. Dunnik slacht nimmen acht. De opljochtsjende sifers boppe de doar fascineare. Hy besiket de hiele trits (...11, 10,9 -, 8,7,6,5,4 -, 3,2,1, B) sûnder eachknipperjen te folgjen. It slagget net.
- Is der wat, menear?
- Lêst fan 'e eagen, menear?
Dunnik glimket, skodhollet.
- Ik die in spultsje.
Twa froulju sjogge him forbjustere, dan lilk oan.
- Dizze froulju triuwe elkoar oan 't skouder nei bûten ta. Mûskopjend. Dunnik folget harren oan de doar ta. In jonge frou fearret de bûtetrep op, komt op him ta. Dunnik draait tagelyk mei har troch de doar. Bûten sykhellet er djip. Dan, hookstrooks, draait er him om, falt tsjin de doar oan, twa, trije stappen yn de hal:
- Marijke!?
De lift is ûnderweis nei boppen ta.