[Nummer 1]
Fan 'e redaksje
It sil de tûke lêzer net ûntgien wêze dat op de binnenkant fan it omslach dit kear by ‘redaksje’ de namme fan Alex Riemersma ûntbrekt. Dat is gjin fersin: Alex hat mei yngong fan dit nûmer de redaksje ferlitten, nei seis jier redakteur, wêrfan fjouwer jier redaksjeskriuwer, west to hawwen. Wij, dy't no mei ús fjouweren noch op it omslach stean bleaun binne, sizze him graach tige fan herten tank foar al syn krewearjen foar TROTWAER, en dat is gjin lege gjalp. De bûtensteander hat der faak gjin aan fan hoefolle wurk it wol net is om alle kearen mar wer in jefte ree te meitsjen. In bulte fan dat wurk komt foar de redaksjeskriuwer op: sûnder in sekuere skriuwer is in regelmjittich ferskinend tiidskrift net yn te tinken. Soks mocht wolris wer sein wurde, tocht ús.
Alex syn opfolger as redaksjeskriuwer is, sa't al bekend wie, Goaitsen van der Vliet, en ynstjoerders fan kopij wurdt fersocht rekkening te hâlden mei de adreswiksel fan it skriuwerskip. As opfolger fan Alex as redakteur ha wy ree fûn Jan Wybenga, dy't mei yngong fan it twadde nûmer fan dizze jiergong oan TROTWAER ferbûn wêze sil. It liket ús oerstallich om him oan de lêzers foar te stellen, elkenien ken syn namme ommers wol. Mar wy hjitte him fansels ál wolkom yn de redaksje.