| |
| |
| |
Teije Brattinga
Yn it jier fan it bern...
It jier fan it bern (yn de ieu fan it bern) is bedoeld, om oandacht te freegjen foar de posysje fan it bern. It is hielendal net de bedoeling dat ien of oare organisaasje, noch in bedriuw noch in feriening, út sa'n manifestaasje jild of eare slacht. Dat is fansels samar klear, dat lêste: wy jowe in moaije katalooch út fan ús berneboeken! Of: wy mjuksje in fijn lêsboek byinoar foar de bern (en dat dan as ‘boek van de maand’ bygelyks)! Beide foarbylden lizze miskien noch yn it ideéle flak. It hoecht net iens om de sinten te gean. Mei it Jier fan it Bern hat it lykwols neat te krijen. Mei literatuer en lektuer al. Dy saken moatte net trochinoar haspele wurde. Dêrom skriuw ik deroer yn in literair tydskrift. Boppedat: literatuer sawol as it frysk hawwe it nedich, dat der ris oer wat oars skreaun wurdt as... en nou folje jo sels mar yn. Literatuer is in nijsgjirrich ferskynsel, mar it gefaar is great dat beûfeners fan literatuer har yn in ferhipt lyts wrâldtsje bewege. Dêr komt noch by dat it gebrûk fan de fryske taal beheind bliuwt, noch altyd, ta bepaalde ûnderwerpen. Sjuch dêrfoar de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd, mar ek Frysk en Frij mar op nei, hokker stikjes yn it frysk skreaun binne. Oer de oaljeprizen en oer Bestek 8,1 fine jo yn it frysk net folle. Nou mien ik dat in literair blêd de wrâld fan de skriuwers en dichters wol wat greater meitsje mei. As dat ta gefolgen hawwe soe, dat in skriuwer earne troch rekke wurdt, wat sûnder filosofearjende en eachweidferbreedzjende bydragen net bard wêze soe, moat men alhielendal tefreden wêze. Dan wie it direkte nut oantoand en foar it nut binne wy dochs altyd gefoelich.
| |
| |
It bern komt yn de fryske literatuer, oer it algemien yn 'e literatuer, net sa folle foar. It is de wrâld fan de puber en de wrâld fan de folwûchsene dy't útskreaun wurdt. De wrâld fan it bern is foar in aparte seksje: it bernebûk. Mar yn it bernebûk slacht it avontoerlike foar master op; der komt miskien noch wat psychology by mar oan in skôging oer it plak fan it bern tusken de oare minsken komt it krekt net ta. Op syn bêst jowt it materiaal dat brûkber is yn in skôging oer it bern.
It jier fan it bern, proklamearre troch de Feriene Naasjes, is benammen bedoeld om de fakentiids swakke posysje fan it bern yn de saneamde tredde wrâld ûnder de oandacht te bringen. Dat hat alle sin. De sifers dy't dêroer bekend binne, lige der net om. Mear as twahûndert miljoen bern ûnder de fiif jier hawwe honger, echte honger, dat is: tomin iten. Dat iten is der wol. Mar dat frette de hûnen en katten te uzes op en oars wol de keallen en bargen, dy't ús fleis besoargje moatte of de kij dy't de molke produsearje dy't wy tefolle hawwe of de tûzenen hynsders dy't foar ús plezier yn de greiden dartelje. En wat der dan noch oer is, dêr is gjin jild en gjin organisaasje foar om it te bringen wer't nedich is. De wrâld, wy dus, jowt elke oere hûndert miljoen goene út foar de bewapening: Nederlân elke dei al fiifentweintich miljoen. De prioriteit fan de bewapening leit heger as de prioriteit fan de honger en dat is in great skandaal soe Laurens ten Cate sizze. Mar mei de sinten binne wy der noch net. Wy hawwe noch altyd gjin organisaasje om de honger effektyf te ferhelpen. De export fan wapens giet ús folle liniger ôf, ek dy nei de tredde wrâld. Nederlân stiet as tsiende op de ranglist fan wapensexportearjende lannen. In lyts lan kin dêr great yn wêze! Mar helpe, dat is heel wat oars. Dy't dat ‘samar’ efkes docht, makket de greatste flaters. Bangladesj is dêr in goed foarbyld fan. It lân hat allinne mar lêst hawn fan it saneamde t.b.m.-syndroom, dat wol sizze: fan tekkens - babyfiedsel - molkepoeijer. Fergees, dat wol, mar benammen de riken hawwe profitearre. En de earmen? Wat betsjut it as minsken allinnich mar de hân op hoege te hâlden? Wat bart der dan? Yn hokker posysje wurde sokke minsken manûvrearre troch dy allerbêste bedoelingen fan
ús?
De tredde wrâld is in haadstik apart. En it bern yn dy tredde wrâld is it earste slachtoffer. It bern is de swakke. Ien fan de earste sizwizen dy't ik bûten it taaleigen dat ik fan hûs út meikriich learde, wie: ‘it bern is der, it moat rêdden wurde’. Wy brûke dy sizwise net foar bern, mar it jowt wol dúdlik oan wat de posysje fan it bern is: it is ôfhinkelik fan de folwûchsenen. Sa stiet it ek yn de préambule fan de Ferklearring fan de Rjuchten fan it Bern dy't de Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes yn 1959 oannaam (en oernaam fan de Geneefske Ferklearring fan de Rjuchten fan it Bern út 1924). En ik tink dat it gjin ferskil makket of it bern yn de tredde wrâld of yn ús wrâld yn ús skôging betrutsen wurdt. Wat hjir mei it bern bart, bart dêr ek. De omstannichheden binne oars. Hjir is gjin honger en dat is in posityf punt. As der iten by 't soad is en klean by de rûs en snobbersguod en boartersguod, dan hat it bern it wat dat betreft troffen Dat wol net sizze dat dermei de saak ynoarder is. Sawol hjirre as dêrre moatte wy der rekken mei hâlde dat de konsideraasje mei de
| |
| |
swakke noait net sa great is. Dat is allegear gjin kwea opset. Omdat it gjin kwea opset is, hat it sin en bliuw even stean by de fraach: hoe sit it winliken mei it bern yn ús eigen omjowing.
Der is yn de ieu fan it bern wat eigenaardichs bard dat net de bedoeling wie: de infantilisearring fan it bern. It bern, dat foartiid mear in jonge folwûchsene like as bern, mocht bern wêze. It krige eigen klean, eigen boartersguod, eigen lektuer. De klean, it boartersguod, de lektuer mochten net in ferlytsing wêze fan de greatminskewrâld. It bern hie syn eigen wrâld en dy mocht it hawwe. Sûnt Rousseau syn Emile ou de l'éducation skreau (yn 1762) en even letter Pestalozzi syn Lienhard und Gertrud en Christof und Else kin men sizze dat it bern ‘útfûn is’. De twa wrâlden, fan it bern en fan de folwûchsene, groeiden út elkoar. Ik bin bang dat de folwûchsenen it bern tsjin de idee fan Pestalozzi yn net earnstich nommen hat, it gjin rjuchten joech mar oars net as in hûke om te boartsjen. De wurden bernich, berneftich, infantyl, hawwe in negative klank. Bern-wêze bleau in foarstadium fan it folwûchsen-wêze. De ieu fan it bern, dy't it bern syn gerak jaan woe, isolearre ûndertusken it bern fan de ‘greate’ wrâld. Binnen syn isolemint krige it bern konsumpsjemooglikheden, mar de bedoeling wie dochs, dat it bern klear makke waard foar de wrâld fan de greate minsken. Dat it bern yn feite net akseptearre waard, blykt út it gegeven, dat de greatminskewrâld primair bleau. Ik bern mocht net steure. De âlderen woene wol foar in jiermennich it bern mei rêst litte, op betingst dat hja der sels gjin lêst fan hiene. Dat waard sa net sein, dat waard sa dien. Men kin dat ôflêze oan de romte dy't de greate minsken mienden nedich to hawwen foar it wenjen, it wurkjen, it ferkear dertusken en ûnder mekoar, de ferdivedaasje, ensfh. Dêrby is it bern fergetten. Dat koe net oars, sille de
bestjûrders sizze. Yn gjin inkel bestimmingsplan fan gemeente, ryk of provinsje wurdt de romte fan it bern earnstich nommen. De romte fan it bern is syn fantasij, der't er de hele wrâld om him hinne tichte by him hellet: it hús, de strjitte, de stêd, it doarp, it fjild, de bosk. It bern experimentearret, it foarmet, it oarderet. De folwûchsene hat it net yn 'e gaten hawn. Yn hûs krige it bern syn eigen hûkje of keammerke, fan de djûre útris fan heit en mem moast it fierder ôfbliuwe. Op strjitte, dêr moast er ferdwine. Der waard yn it bêste gefal in boarterstúntsje foar him makke en it bern moast leare binnen it stek te bliuwen. En krekt dat leit him net. It bern siket it avontoer, Dêr heart it ûnbekende by. As wy by ússels neigean, wêr't wy ús as bern it bêste fermakke hawwe, dan is dat net op it boartersplak. Dan hat dat de lange fuotteltocht by de opfeart lâns west of it avontoer by dat heimsinnige hege bolwurk, de greft yn 'e bedelte, gjin greate minsken om 'e teannen. Mar it stedsbern fan nou hat gjin paad mear yn 'e stêd. It hat it kwaliks op in doarp. Yn it doarp der't wy wenje, steane moarns en joens de memmen yn healwize giele jassen mei in foech stôk yn 'e hân ré om de bern feilich fan skoalle ôf of nei skoalle ta oer de doarpsstrjitte te loadsen. De strjitte waard it slachfjild foar de auto, it bern waard it slachtoffer (yn Nederlân elke dei ien), sadat sels in organisaasje oprjuchte waard mei de
| |
| |
dúdlike namme ‘Stop de kindermoord’. It fjild waard omwille fan de ekonomy in fize wrâld en it bern waard ferwezen nei it sterile swimbad mei syn miereheap op in ‘speelweide’. It bern soe in goede oplieding hawwe moatte: skoalle is in foarrjucht. Mar it gefolch is, dat er fan syn fjirde jier ôf yn in systeem twongen wurdt, dat by einbeslút, bedoeld of net, rjuchte is op seleksje foar de maatskippij, yn wierheit: seleksje fan de sterkste, fral de yntellektueel sterkste. Dramatisearring? Oerdreaun? Der hawwe Friezen sa'n hekel oan, n't wier. Nou ja, as men it tapast op it iene bern, al. Dat rêdt him faak wol. Yn elk gefal: it seit neat. It lit him foar de televyzje sette of troch mem nei skoalle ride. It stapt elke moarn op 'e fyts en giet gedwé nei wat wy as jonges it bargehok neamden, de skoalle. Mar de dramatisearring is nedich, wol men de struktuer ûnderkenne, dat wol sizze: hoe wurket de ferhâlding folwûchsene - bern. En dy wurket yn it neidiel fan it bern, sûnder dat de folwûchsene dat neidiel rjuchtstreeks bedoelt. Krekt omdat er dat net bedoelt, is de mooglikheit oanwêzich dat de folwoechsene oer de kwestje neitinke wol.
De ûndertoan yn de relaasje folwûchsene - bern is posityf. Ek al is dat hast in natuergegeven, dêr bliuwt it like posityf om. De greatminskewrâld hat, gefoelsmjittich, in soad foar it bern oer. By de heiten en memmen is dat sa klear as in klûntsje. De bern moatte it altyd better krije as sy it hawn hawwe. De koartsluting is, dat dit tefolle op 'e takomst rjuchte is, op de greatminskewrâld. De noed om it bern moat rjuchte wurde op de wrâld fan it bern sels. It bern moat út it isolemint wei, der't de ieu fan it bern him brocht hat. It bern wol dat ek. It wol meidwaan. It is it leafst in faktor binnen de greatminskewrâld. It moat dêr net te gau de rol fan folwûchsene spylje, mar it moat al meidwaan. De skieding tusken de generaasjes is gjin sûne saak. Dat jildt foar de generaasje op it ein, de minsken op jierren; dat jildt ek foar de jonge generaasje. It skoalle-wêzen mei al syn foardielen, hat ek it neidiel dat de jong-folwûchsene salang útsletten is fan it maatskiplike. It gefolch is dat de jong-folwûchsenen har eigen wrâld kreëarje, hokker wrâld yn de koartste kearen exploitearre wurdt troch de konsumpsjemanipulaasjes fan de maatskippij. De jong-folwûchsene is ynteressant foar safier hy oer in stik jild beskikke kin of foar safier hij of sij klear rekket foar in flot meidraaijen yn dizze bepaalde maatskippij. Is de jong-folwûchsene ek yn himsels ynteressant? Wat is syn eigen wearde? Kinne wy se safolle jierren ôfhâlde fan it gefoel dat se meifunksjonearje sûnder skealike gefolgen? Kinne wy der dêrnêst noch in foarse jeugdwurkleazens op neihâlde? Ik leau der neat fan.
Mar de oast sit al yn de relaasje fan de greatminskewrâld mei de bernewrâld.
Yndividueel hat in great-minske wol wat foar it bern oer, maatskiplik is it ús net slagge om plak foar de bernewrâld yn to romjen, dêr't de folwûchsene in part fan syn territorium foar priis jaan moat. It is dochs net to leauwen dat in maatskippij jn tsien jier tiids fiiftûzen deaden tusken de alve en tweintich jier oer hat foar har mobiliteit? Wat is dat foar maatskippij dy't it soasjale boartsjen
| |
| |
fan bern, sa as dat eartiids op strjitte pleats fûn, oan 'e kant skout en de strjitte usurpearret? Wêr is it hoepeljen, it bosterdboartsjen, it hinkeljen, it krijoan- en úteweiboartsjen bedarre? Guon bern rêdde har wol en it fryske bern hat dochs noch folle foar op it bern dat yn gebieten libbet, der't op 'e fjouwerkante kilometer tsien kear safolle minsken wenje as yn Fryslân. Mar yn 't lyts ken Fryslân it probleem ek. De stêdden en stedtsjes binne net om te ferkearen en de strjitten yn de doarpen binnen net fertrouwd. It bern leart de natoer net kennen, hy wit fan gjin nacht, hy kin it wetter yn de sleatten net drinke en as er al te swimmen giet yn de frije natoer moat er thús ûnder de broes de smoargens ôfspiele. It bern wurdt oerdondere mei lawaai dat de greatminskewrâld produsearret. It stjonkt der't er rûke kin. As er him útlibje wol, moat er earst yn 'e auto, yn 'e file, yn it blik, om een plakje te finen der't er oan de hân fan heit en mem him efkes fertraapje kin, as in hûn dy't men útlit. De gefolgen binne al sichtber. Oan 'e iene kant krijt it bern temin beweging, oan 'e oare kant tefolle snobbergsguod en swiet drinken as kompensaasje. It paad nei skoalle is te gefaarlik: hij wurdt brocht en helle mar syn beweging is him ûntnommen. Mar it ûndersiik fan Hautvast, de fiedseldeskundige fan Wageningen, hat útwiisd dat fyftjin persint fan de bern dik of te dik is en it fjirde part hat tefolle chlosterol yn it bloed. De hert- en faatsyktes komme deroan!
En dizze maatskiplike hâlding, dy't foar it bern gjin plak oerlit, slacht werom op de yndividuele hâlding: it bern ferliest ek dêr syn plak. In bern hawwe is lestich. Dat is it ek fansels, mar soks waard altyd oersljochte troch in maatskiplike fisy, dy't sa'n lêst akseptearre en wurdearre en sok kleijen net achtenearre. En kleijen dat net achte wurdt, ferstommet. Mar nou't de maatskippij gjin grûn jowt om it lêst te akseptearjen, wurdt it bern ek net akseptearre. Fan doelbewustens is hjir gjin sprake. It is allinnich sa dat men it lêst, dat bern yndied jowe, besiket te ferlytsen. Gjin bern is in manier. Fan alle praatsjes oer ferantwurdlikheit foar in te greate wrâldbefolking leau ik it measte net. De bernekresjes is in oare manier. Ek dêr de bêste bedoelingen mar binne it de echte bedoelingen?
Yn de berneliteratuer komt fan dit alles net folle op it aljemint. Yn har bûk ‘It spoek by de mole’ seit Jant Visser-Bakker fan Parys: ‘Parys is in moaije stêd, mar net in plak om der altyd te wenjen, benammen net foar minsken dy't fan romte en frisse lucht hâlde’. Der binne dus minsken dy't net fan frisse lucht hâlde en dy komme optheden frijwat oan har trekken! Dat Parys in moaije stêd is, sil wol sa weze. Neffens my is der net te ferkearen yn al dat ferkear. It sitaat út it bûk fan frou Visser is lykwols de klisjé-taal fan in great-minske. In bern kin der net folle mei. Hokker skriuwer-skriuwster giet nou ris nei wat it bern ûnder ‘moai’ ferstiet; Bernelektuer bringt de bern it noarmbesef fan de greate minsken by. Moai is wat elkenien moai neamt en dus is Parys moai. Fynt in parizer bern dat? Mar it bûk fan frou Visser giet ek hielendal net oer bern yn Parys. It bûk flechtet yn fakânsje en aventoer. De haadfigueren ride fan Fryslân nei Frankryk: trije dagen yn in folkswein. Sa wurdt der mei bern omtôge. Mar dêr giet it bûk ek net oer ‘de reis heart by de fakânsje, dêr moat men ek wat oan
| |
| |
ha’ - wer dy moraal! Goed ferstean: it bûk is ‘echt spannend’; yn de gewoanste saken leit de skriuwster spanning. Spanning, dêr is it har om te rêdden en dat hat se gnap dien. It bûk is goed mar de problematyk fan in hjoeddeisk bern stiet der net yn. Dat hoecht ek net. Mar it soe wol aardich wêze as der ek in bûk skreaun waard der't dy problematyk wòl yn nei foaren komt. In echt bûk dus.
Soe in wat jongere, modernistysk auteur as Josse de Haan it oars dwaan as Jant Visser-Bakker? De Haan hat ek in bernebûk skreaun, bekroand en al: ‘It geheim fan de 7 moskeflappers’. De titel lit jin in lyksoartich bûk ferwachtsje as ‘It spoek by de mole’ en dat blykt it ek te wêzen. It liket in bûk fan dizze tiid. De syktewet wurdt neamd en oer de spoardyk rydt in disel. Mar de haadfigueren, sawn jonges, hawwe gjin oare problemen as in rare keardel (Age) dy't se net lije meije, griene jerte dy't se net lesse en kipkarkes dy't op 'e rin slaan, bekende thematiken út de bernelektuer. It bûk giet oer in âld kleaster mei underierdske gongen en alles wat der by heart oan de skat ta, dy't fansels stellen wurdt (troch wa?). In aardich bûk, dêr net fan, aardich fertelt, mat it hat mei de problematyk fan it bern sels net it measte te meitsjen. Dat hoecht ek net. Mar it betsjut al dat bernelektuer yn de sfear fan de ferdivedaasje omspoeket; it wol entertainment wêze, it is echte lektuer: lêsfoer. It giet krekt net oer it bern sels. En it soe wol aardich wêze as der ek in bûk skreaun waard dat wol oer it bern giet. In echt buk dus. Mar wat der op 'e merkt ferskynt, is allegear ôfmakke mei avontoer en wille en fertriet yn in wrâld dy't yn wurklikheit net bestiet.
Soks is te begripen. De skriuwers en skriuwsters hawwe fansels har eigen bernetiid foar eagen en boppedat is in flink part fantasij neat net slim. De fantasearre wrâld koe it bern altyd al maklik belibje. Lykwols soe it net ferkeard weze as it jier fan it bern de skriuwsters en skriuwers ek ris op it idee brocht it bern om har hinne wat neijer te besjen, om de realiteit yn it ferhaal te befrisseljen. Ik soe it goed fina as der ek ris in bûk skreaun waard dat de bern opstannich makke tsjin de greatminskewrâld. Dat wol net sizze dat de wrâld dêrtroch fan hjoed op moarn oars wurdt. Mar it krityske wach wêzen is de earste betingst om der polityk wat oan te dwaan. By dat krityske wach wurden hat de literatuer syn eigen funksje. Wêr is de skriuwer dy't yn de hûd fan it bern krûpt en fan dêrút yn literaire foarm reagearret? It bern kin it sels net. Wêr is de kritikus dy't it bernebûk ris hifket mei de fraach of dêr net it bern lyts hâlden wurdt, d.w.s. weromtreaun yn syn bernich isolemint: de bonke foar de hûn dy't him dan mar stilhâlde moat? Wêr is de útjower dy't net komt mei in blomlezing flotte en leuke ferhaaltsjes ‘foar bern’, mar in bondel krityske skôgingen oer it bern yn de wurklikheit? Earst wannear 't de âlderen ynskikke wolle of troch oardering har ynsikke litte, dat de hiele wrâld net foar harren is, mar dat se dy parte moatte, sil der polityk wat foar it bern dien wurde kinne. Literatuer heart yn dat proses in krityske ynstânsje te wêzen. Dan wurdt ek de ferhâlding mei de tredde wrâld klearder Wy komme der noait, as it bliuwt by it taskikken fan dit of fan dat, wat wy oer en tefolle hawwe. It moat safier komme dat wy dy wrâld syn eigen kâns jowe en dat betsjut, dat wy in part fan ús kânsen opjaan
| |
| |
moatte. De tredde wrâld fier fan ús hûs is it bern flakby ús. Struktureel is der gjin ferskil. De machtsposysjes binne fergelykber. De machtsmisbrûken ek.
Literatuer R.A. Hart, Children's Experience of Place. New York (Irvington) 1978. Colin Ward, The Child in the City. London (Arch. Press) 1978. Hans Bleeker en Karel Mulderije, Kinderen wonen ook, in. Jeugd en Samenleving 9 (1979), s. 113-123. idem, Kinderen buiten spel. Meppel (Boom) 1978.
|
|