as ynlieding. Yn dit fers wurdt nammentlik beskreaun wat in doarp foar syn bewenners betsjutte kin: Eenheid, gemeenschap /en warmte, of, faaks noch wichtiger:... het weten/voort te bestaan met name.
Ferstriken fan tiid hâldt net te kearen feroarings yn. It âlde bewende giet ferlern, tagelyk mei de wissichheden dy't dêr mei gearhingje. Ien wissichhyd bliuwt: de dea. Alle kearen as de âlde mantsjes yn har smeudige petearen op it brechje oer de lining flybke ha, sjogge se hoe't wer in stikje fan harren sels syn wei fynt nei de slûs/fan Dokkumer Nije Silen. De dûbelde betsjutting fan Dokkumer Nije Silen is miskyn tafal, mar hjir tige op syn plak!
Wie de dichter oan't no ta noch taskôger, yn doarpsman wurdt er mei syn eigen stjerlikens konfrontearre (side 11, earste strofe):
bitaeste wy ússels op forlies
Ien hope bliuwt: dat it neiteam it ‘eigene’ bewarje sil.
NIJBOU, fjouwer nûmere fersen dy't it ‘libben’ yn in nijbouwyk beskriuwe (Trotwaer 76-3).
Dêr't earst in pôle fol fan geheimen lei, hearsket no in nije stiltme. De natoer hat belies jaan moatten en de minsken besykje har oan te passen. Dizze fjouwer fersen binne eins allinne mar sfeartekeningen, gearstald út losse krityske waarnimmings fan de dichter mei in soms fyn ynleine humoristyske ondertoan dy't it ferfrjemdingseffekt fersterket. Wat net foar de kwaliteit fan dizze fersen pleitet is dat it net folle útmakket as hjir of dêr in strofe skrast wurdt. Der binne oars wol aardige fynsten yn ferwurke, lykas de parkiten muzykjend/tsjin in gitaer fan traeljes en de ferliking mei de strakke bou fan in âld fers, mar it gehiel falt wat meager út.
SPOARSYKJE, fjouwer fersen nûmere 1.1., 1.2, 1.3 en 2. oer de natoer dy't skeind wurdt. Der moat plak romme foar de technyk (Trotwaer 76-5).
Op syk nei lêste libbenstekens stjit de dichter op stielen fûgels en de kraanbek dy't/hjir nije hiëroglyfen byt (rym!). Ek dizze fersen binne moai fan taal, mar wat frijbliuwend. Se hiene om my noch wol wat krêftiger wêze mocht, se oertsjûgje net bot.
De syklus VIADUCT, TUNNEL, ROTONDE, KRUSWEI, FJOUWERBAENS en BEAMMEN (Trotwaer 76-2) is wer folle nijsgjirriger. Op it earste gesicht beskriuwe dy it snelferkear, mar as men se wat better lêst, komme de dûbelde: boaiems foar it ljocht. De fersen kinne likegoed oars útlein wurde: se geane ek oer it jachtige libben, de ivich trochdraaiende tiid (ROTONDE) en de eangst foar de dea. Sa moat ik bygelyks al gau oan it trochbringen fan de nacht tinke as de dichter mei in frachtweinfol tiid troch in tunnel rydt.