Se suchte djip, om harsels ûnder kontrôle to hâlden. Har eagen gliden skeef nei Johan.
‘Lekker?’, frege Karl. Hy moast wol oan har fornimme hoe't se har fielde, oan har hele hâlden en dragen. Se knikte, amper by steat om hwat to sizzen. Syn hân makke har gek.
‘Ik wol hjir wol bliuwe’ It wie der út foar't se der erch yn hie. It ûntkaem har as in huvering oer de rêch.
‘Hoe woest sizze?’ Syn swijsum karakter wie kleare polityk. Nea sels earst foar it ljocht komme, mar it lokies útsmite en dan sjen hokker moai fiskje tabyt. Se glimke. Se stiene tsjin inoar oer, hy hie syn hân weihelle. Karl seach har oan, se rûkte syn swit. Johan wie har forgetten.
‘Foar in wykje of sa is oké, mar fjirder bin'k boun’. Se seach him mei freegjende eagen oan, se bigriep him net.
‘Laura’. Doe fluite er it kwinkelend fluitsje fan niis en harke. ‘Noch net sjoen?’ Hy fluite wer en syn fol rôzich gesicht biluts hwat. Hy seach soarchlik en roun by har wei. It fluitsjen herhelle him mar fûleindiger nou, it hie hwat wanhopichs. It moaije, forliederlike, útdaegjende fan niis wie oergien yn in piipjend, nearboarstich lûd
‘Laura, siz dan ris hwat!’
Se fluite werom. It bleau stil. Johan lei langút to sliepen.
Eat foel oer har hinne as in tongerbui. In heimsinnige sfear dêr't men net fan wit hwer't it wei komt. In ûnheimelike driging dêr't net oan to ûntkommen is.
Doe kaem er de keuken út. In telmannich stoarre er har oan mei triennen yn 'e eagen. ‘Nou bink har foar altyd kwyt’, sei er.
Mei syn trijen rieden se deselde jouns noch de stêd út. Karl wie wend om de kap fan 'e auto iepen mei moai waer, mar nou rieden se mei tichte wein. Njonken Karl stie de doas. Johan en Anna sieten achteryn de lykwein. It wie noch broeisk, sels by tolven nachts.
Karl hie by de drankwinkel om 'e hoeke in lege doas helle en yn in blomwinkel ien roas kocht. Mei in stikje cellotape fêstplakt like it oft se in geheim wapen forfierden: in doas mei in bom der yn, kamouflearre troch in reade roas.
By de yngong fan it bosk draeiden se ôf, it sânpaed op. It koe eins net moaijer, mei de healmoanne troch de beammen. Der waerd net praet. Gjinien fan trijen hie oanstriid, sa't it like Doe sochten se in paed troch it beammeguod, elk mei syn eigen gedachten