Geart van der Meer
Reynkarnaesje?
‘Dit oandwaenlike fers (ntl. ‘In Patris Memoriam’) is in acrostichon en in fariant op de Shakespeariaenske sonnetfoarm. Hoewol't it neffens somliken net mei en doch in stap bûten de kontekst fan it fers, foar mij kriget dit fers in ekstra diminsje as ik bitink dat de skriuwer in soan is fan de fédokter-literator Rintsje P. Sybesma’.
Dat skriuwt Willem Abma yn syn bisprek fan de bondel En Marge fan Sybe Sybesma.Ga naar eindnoot1) Lit mij der fuort achteroan sizze dat ik net rekkene wurde wol bij dy ‘somliken’ dy't net wolle dat der ek mar ien stap bûten de kontekst fan in fers setten wurdt (nuver sizzen oars fan Abma, hwant hwat bidoelt er hjir nou yn de goedichheit mei ‘kontekst’? - it wite papier om it fers hinne, faeks?), mar dat ik mij der al oer fornuverje dat it blykber mooglik is om oan oare dingen as it fers sels to tinken (hwant dat sil er dochs wol mei ‘kontekst’ bidoele), sá dat dat fers der ynienen in ekstra diminsje bijkriget. Hjir kin ik mei myn forstân net bij: ik lêz in fers, wittende dat de skriuwer fan dat fers in heit hat dy't sa en sa hjit, en floep!..... in diminsje derbij. It fers is samar in oar fers wurden!
Yn syn bisprek fan Mei de Jierren fan Eppie Dam foar Radio Fryslân (30-11-1978) makket Willem Abma deselde flater: hij wit dat Eppie Dam noch mar 25 jier is, en troch dy kennis hat sa't skynt ek dy bondel in ekstra diminsje krigen, hwant hij komt der hieltyd wer op dat er dêrtroch mei dy bondel net goed rie wit. Hij soe mei sa'n bondel in âlder skriuwer forwachtsje.
Stel, ik sjoch in stien lizzen; nou, in stien, tink ik dan, punt út. Mar as de lju mij nou ris wiismeitsje dat dat nou de stien wie dêr't David Goliath mei om in luchtje brocht (en leau dat), dan tink ik ynienen hiel oars. Mar is dêrom dy stien in oare stien wurden? Welné, hij hat gjin inkelde diminsje mear krigen as stien. It wie in stien, en is noch altiten in stien. Hwat al foroare is, dat is myn forarbeiding fan it sjen fan krekt dy stien, myn réaksje dêrop hat in diminsje mear krigen, as je dat sa sizze wolle. Willem Abma syn geastlike forarbeiding fan it gedicht ‘In Patris Memoriam’ soe in oaren ien west ha as er biskate feiten net witten hie, dat kin gjin ien him ûntstride. Mar as er syn kennis oangeande de fédokter-literator R.P Sybesma ynkorporearretyn it fers sels (hwant dat docht er!), dan makket er in kategory-fout: hij bitizet it fers mei de geastlike forarbeiding fan dat fers. Ik bin dit forskynsel mear as ienris tsjinkommen yn bisprekken, en altyd liedt dat ta misbigryp. Dêrom kom ik der hjir op, net om dy iene rûge tinkflater yn de sitearre rigels dêr't ik dit stikje mei bigoun bin. It giet derom dat wij bisykje moatte ta in suvere ynterpretaesje en ta in goed oardiel to kommen, en ús net dwerse kneppels smite litte moatte troch in fédokter-literator dy't reynkarnearre wurdt as ekstra diminsje fan in fers, sels net fan in acrostichon. Hwant reynkarnaesje, dêr leau ik net yn.