Jelle Kaspersma
Jopie Huisman, quo vadis?
Koartlyn bidarre ik yn Ljouwert yn it Frysk Museum. Dêr wie doe in oersichtsútstalling fan it wurk fan Jopie Huisman. Rounom is al in protte sein en skreaun oer him en syn wurk. dat sadwaende falt it jin net ta en kom mei hwat nijs op 'e lappen. Fan alle kanten kin men fornimme dat er in fenomenael skilder is, in duvelskunstner Syn produkten binne wier tige knap. Hwat er de lêste jierren skildere hat is suver to knap, to echt. Willem Abma skriuwt yn Trotwaer 1978-3 op side 165 ‘De stofútdrukking is faken skerper as dy fan in foto’.
Neffens my giet Huisman to fier mei syn lêste skilderijen. Alle spontanens, alle ‘spirit’ is derút fordwoun As er sa trochgiet skilderet er himsels op den dûr muorrefêst. De uterste konsekwinsje fan dizze wize fan wurkjen is dat er de objekten dy't er werjaen wol op in eftergroun fêstspikert of fêstplakt. Wiswier de stillibbens binne tige forheljend. literair sa't men wol, en Abma hat it goed bisjoen as er skriuwt ‘Yn syn wurk is Huisman in forteller, in skriuwer dy't yn sté fan de pinne it pinseel brûkt’ Utsein de pinnetekeningen dan. Dy binne ek folle gefoeliger en libbener as de skilderstikken. It literaire falt folle minder op en dat makket neffens my harren krêft út. Men bisjocht se hieltyd wer mei niget. Fan syn swart-wyt tekeningen út de tiid foar 1972 wie spitigernôch neat to sjen yn Ljouwert Dochs hiene der guon by moatten, tinkt my. Al wie it inkeld mar om de ûntjowing fan ienfâldich arsearwurk nei in yngewikkeld hânskrift sjen to liften Der hongen al inkelde skilderijen út dy tiid. Se litte jin tinke oan it wurk fan Van Gogh. Ik miste in mânsk selspertret út 1951 dat ik ris yn it Warkumer stedhûs sjoen ha. op in greate Jopie Huisman-eks posysje in 1969 Dêr wiene doe ek prachtige lânskippen fan it Waed, it strân en it lân om Warkum hinne De makker siet der sels yn, dat wiene bisiele, trochlibbe wurkstikken dat wie poezij op doek Neffens my wie it skilderijtsje ‘Op de dijk’ der ek by doe Syn lettere gerstekeningen, nei myn bitinken it bêste hwat Huisman oant nou ta makke hat, binne bisibbe mei dy lânskippen. De skoaijers en sûpers wiene ek net yn it Frysk Museum, likemin as de karikatuer-skilderstikken Dy lêsten wiene faeks tofolle foer foar psychologen; of bisteane se net mear? Huisman fortelt in soad mar hy seit
net folle oer himsels. Men kriget de yndruk dat er hwat forbergje wol en dat wurket de mythefoarming yn 'e hân It kin wêze dat er dat sels wol, it kin ek wêze dat er net graech oer de tiid tusken 1951 en 1970 prate wol. Yn in ynterfjoe yn in Friesland Post út 1976 seit er ‘Bijna twintig jaar ben ik niet creatief geweest. Ik heb steeds gezegd als ik vijftig jaar ben dan begin ik wéér en dan zul je schrikken van water uit m'n handen komt Twee jaar geleden ben ik weer aan het tekenen gegaan Yn augustus 1976 skriuwt Sikke Doele: ‘(...) nadat hij acht jaar de kunst achter zich gelaten had’ Boppesteande sitaten kloppe fansels hielendal net Jopie Huisman hat foar 1974 in hiele soad tekene en