Trotwaer. Jaargang 11(1979)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 118] [p. 118] Bartle Laverman Ôfskie dou krijst de fyts út hok, tút en dou fluitest dyn fuortgeandeuntsje de terp ôf de dyk oer dou nimst de bochten by Lutke Saaxum it lân is ploege, de geit kôget syn gers dou giest it brechje oer de fiergesichten! sa rûm en iepen en by Saaxumhuizen de hôfkant út de houn mei de blauwe tong hwat in lân vrijdag en zaterdag appels te koop it dykje nei Pieterburen kalkoenen by de pleats oan it maar hé, in houtakster De Vier Winden de earste dyk de polder yn dou setst dyn fyts by in hikke dou rinst de dyk op en del it Waed! troch it slyk de sé yn Vorige Volgende