Post scriptum:
Lykas in oplettend lêzer sûnder mis skoan bigrepen hawwe sil, wie dat it hiele OFROUNE - bisprek. Bisprek, earlik en koart om 'e hoeke, fan hwat de ‘op- en ûnderskriften’ fan rixt sudema mei dizze lêzer útheefd hawwe (op 19 july 1978). Ik ha, al lêzende, my sa ‘ynlibbe’ yn de dichteresse, dat ik letter, op distânsje, by it oardiel tolanne komme moast, dat oan har teksten (net: fersen!) foar in oarenien as rixt sudema sels net folle nijsgrjirrichs to bilibjen falt. Krekt: distânsje..... Dy mis ik dearlik yn dit spoaren-neilitten fan hàr bilibjen. It lêzen derfan, harkjen dêrnei, ‘bifrijt’ my net fan de persoan rixt sudema; har poëzij is oant nou ta foar my òmkearde poëzij: gjin ‘boartlik’ alibi, mar in twingend fergjen fan eltse lêzer(esse)..... op harsels, rixt sudema, fleis en bloed op ierde, sa en net oars, biminde en biminnend, àl: boartlik.....
O, ja, fanke, ik wol wol yn goedens, mar foar my sit der hwat nuvers forhoalen yn dyn ‘forhael’... Dou hast dyn ‘op- en ûnderskriften’ - de stimfoarke tsjut, yn myn eagen, binammen op oanstriid om dysels to forklearjen oan dysels! - útjaen litten en dêrmei op 'e merk brocht. Dàt ‘sei’ myn skamte en tsjûget fan dyn greatskens. It seit my mear fan dy as fan dyn kunstnerskip. Miskien IS dat dyn kunstnerskip: soks oan to doaren.
Friedrich Nietzsche skreau ienris: ‘Man ist urn den Preis Künstler, dasz man Das, was alle nicht-Künstler “Form’ nennen, als Inhalt, als ‘die Sache selbst” empfindet’. Wel, mei myn praet oer dyn ‘ynhâld’ mien ik genôch sein to hawwen fan de foarm dêr'tstou dyn teksten yn stald haste. It binne gjin ‘fersen’, mar ynskripjes, allegearre varianten op it (vitale) thema: rixt sudema...
It Hearrenfean, 7 septimber 1978