skriuwe wollen op minimale bitingsten; as skriuwer nijsgjirrich nei hoe't it rinne soe as er yn wierheit it boek himsels skriuwe litte soe mei as útgongspunt in fytsende minimumlijer. Sa bisjoen is it risseltaet net sa min, mar foar de stichting fan de lêzer hie Boersma syn Labot better útrisse kinnen mei hwat mear en hwat, ik wol net sizze bettere, mar oare eigenskippen. It útgongspunt is to negatyf om folle oars as negative útkomsten to bringen.
Der sit mar in lyts bytsje oan minsklike emoasjes yn Labot, bihalven dan dy fan selsmeilijen. Ek syn yn 'e kunde kommen mei de leafde forrint sûnder inerlike chaos of oerdwealskens, Mar faeks is dat it krekt hwat him heal ûnbiwust ‘wanhopich’ makket. Sels seit er dat er alles opskriuwt dêr't er fan tinkt dat it bitsjutting hawwe kin. Wolnou, hy fortelt twa kear dat er onanearret. Nou is twa kear yn fjouwer jier net folle, mar Labot lit ús op in oar plak witte dat er in geregelde praktikant is. Dy twa eksplisyt neamde gefallen moatte dus bitsjutting hawwe. De earste kear is op sidel 6, as er by in man dy't earne allinnich op'e romte wennet, útfanhûzet. De twade kear is op side 49, as er yn it hûs fan de femylje Twandera opnommen is. Hy is him der fan biwust dat er foar it earst yn in hûs sliept dêr't ek famkes sliepe. ‘Ik bigoun to onanearjen,’ fordútst Labot ús, ‘mar koe hast net klearkomme’.
It sil psychologysk allegearre faeks o sa djip sitte, mar ik kin der as lêzer fan de roman sa'n bytsje mei. Nammers ek net mei it foar my hwat opfallende gebrûk fan it deftige wurd ‘onanearje’ en it feit dat Labot op side 16 in ‘penis’ blykt to hawwen, mei dêrfoar oer it hiel oare wurdgebrûk dat ús op side 54 oangeande syn gefoelens foar Kinjo witte lit ‘Ik woe mei har neuke, ik hie noch nea neukt.’
‘Hawar, it wurdt noch neat dizkear, mar seis siden fierder en ûndertusken yn it lân Lgrss en de stêd Sgrss, dêr bart it. ‘Op in âld kleed dat dêr lei kaem it der doe fan: ik neukte foar de earste kear. Ik die forskriklik myn bêst.’ Dochs liket er der letter, yn oare kontreijen, yn oare stêdden, wol hwat mear aerdichheit oan te krijen.
Faeks dus dat dit aspekt in soarte fan kaei is foar de minske Labot, mar dan is it dochs gjin kaei dy't doarren iepenet dy't my tasteane yn it hûs fan dizze roman om my hinne to sjen, om keamers en gongen to úntdekken en hwa wit, in baernend hurdfjûr.
It iennichste hwat oerbliuwt is dat de episoaden, lyts yn tal, dy't Labot ús forhellet, hieltyd op 'e non rinne, soms nei in gâns biloovjend bigjin en dan fytst de man (sawntjen doe't er de wrâld ynteach, mar ûndertusken ien en tweintich) mar wer troch.
De ein fan it boek is. Ik (...) fordwoun doe wyld traepjend.’ Nou ja, witte wy dan as lêzer, hy krijt aenst syn nocht wol. Dan giet it kalmer oan en dan is der wol in gelegenheit hwer't er in pilske opnimme kin.
Safier wie ik nei de earste kear lêzen fan it boek al kommen. Dan bisiket men ûnderlizzende bitsjuttingen op it spoar to kommen, mar dat slagget mar min: it boek bliuwt in typyske skriuwersroman, in forhael oer it skriuwen. Dat hegere, symboalyske bitsjuttingen, as se der al wêze mochten, har net priis jaen wolle