Trotwaer. Jaargang 10
(1978)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 352]
| |
[pagina 353]
| |
It wurd is wei
omt úteinlik dichtsjen is
in sykjen nei it folsleine wurd
gie ik der op út
op in simmerske dei yn april
fûgellûden en sinneljocht
by de fleet
mar gjin wurd
skoften stie ik
mei myn skriuwark ré
to wachtsjen op it reade klif
it daelderse plak foar ynspiraesje
wie my sein
oan myn fuotten lei de
golle boarst fan fryslân
skieden troch trijentweintich
kilometer ysselmar fan
hollâns rike hearen
doe seach ik yn 'e bidelte
oan 'e eastkant de soannen fan dykstra
dy't tsjin inoar oan it skreauwen wiene
harren wurden
wiene troch de oanboazjende wyn
lykwols net to forstean
| |
[pagina 354]
| |
Elburch op in sulveren brulloft
swarte tulpen siere
de stjonkende grêften
midden yn de stêd
wurdt de synagoge biwenne
troch bargen
in fearnsieu nei
de greate opromming
kweajonges ha de muorren
fan it hillichdom bikalke
mei geile wurden
waer en wyn meitsje stadichoan
de hebrieuske tekst boppe de doar
ûnlêsber
sûnt fiifentweintich jier
hat it tsjerkefolk fan
dizze stêd
gjin konkurrinsje mear
fan Gods eigen folk
|
|