| |
| |
| |
[Nummer 6]
Eppie Dam
De oarloch meimakke
Doe't it birjocht fan de oarloch kaem, sieten wy to iten. It wie de moarnes in ûr' as njoggen.
Wy wiene de nachts mei de slieptrein fan Kaïro nei Luksor reizge. Fan it stasjon nei it hotel dêr gie it mei hynstekoetsen. De fuorlju jagen as gekken. Dy keardels forraesden har dat de froulju sa stjerrende binaud wiene. Hja wiene noch oerallich doe't de hostess ús to witten die, der wie oarloch. Hja die it sûnder in spoar fan emoasje. Sa gau't der mear nijs wie, krigen wy it to hearren. Der wie gjin reden foar panyk. Lykwols, wy hiene it iten dien. Wy praetten sûnder dat wy letter wisten hwat wy seine. Wy hellen de kaeijen ôf. Yn Kaïro hie ik by Oebele sliept. Yn 'e trein trouwens ek.
‘Dêr sitte we dan,’ sei er. Hy plofte op in bêd del. ‘Of hiestou hjir sliepe wollen?’
‘Hwat woest dêrmei sizze, dêr sitte we dan,’ frege ik.
‘Neat. Hoesa bidoelst?’
‘Ik ha gjin forstân fan polityk,’ sei ik, ‘ik wit net hoe slim as dit is.’
‘Ik wol, tochst?’
‘Nou ja.’
‘Dit is gjin polityk, jonge. Dit is oarloch. Dat hat mei polityk neat to krijen.’
‘Der sit dochs polityk achter,’ woe ik ha.
‘Dêr hâldt dan ek alles mei op,’ sei er.
Wy diene de klean yn 'e kasten. Ik wosk my by de wasktafel. Ik die in skjin
| |
| |
boesgroen oan. Oebele wie op bêd lizzen gien. Hy stoareage nei it plafond, hannen achter de holle.
‘Wolst my de radio even oanjaen?’
Hy knikte nei de koffer op 'e fuottenein.
‘Tochst datst de BBC krije koest?’ frege ik.
Wy leine beide op 'e rêch Wy smookten. Op Skiphol hiene wy sigaretten kocht. Dat moast al hast in wike lyn wêze. Wy hiene langer gjin doel oer tiid.
‘Ik ha ek noch jenever,’ sei ik, ‘it is net folle..’
‘Ik hoech net,’ sei er, ‘mar dêrom meistou wol ien keapje.’
Wy leine to smoken. Wy sprieken gjin sprek. Allinnich as Oebele reek útblaesde, wist ik dat wy togearre wiene.
Der stie in soldaet ûnder de noas fan de fleanmasine. In stânbyld gelyk, sa't er dêr stie. Allinnich de rjochterearm biweegde. De hân omklamme de loop fan in gewear. De kôle stie op 'e groun, njonken de rjochterskoech. Hy beweegde it gewear hinn' en wer, automatys as de slach fan in metronoom. Wy rounen oer it asfalt nei it havengebou. Doe't ik boppe oan de stiennen treppen stie, seach ik om Syn lichem wie yn perfekte rêst. Hy stie hwat wiidskonkich. Allinnich de rjochterearm biweegde hinn' en wer.
It havengebou die ûnwerklik âld oan. Der hong in fotobrune rook fan rotsjend hout, âld papier of poddestuollen, ik koe net sizze hoe. De houten loketten wiene folstoud mei personiel. Guon wiene yn unifoarm. Guon sliepten. Tsjin de houten, fjouwerkantige pylders hongen soldaten. Dy't omrounen brûkten har gewear as gongelstôk. Letter stiene hja ek op brêgen. En foar gebouwen achter muorkes fan groulivige sânsekken, stiene hja ek. Guon sekken sieten skuorren yn, seach ik letter.
Ik makke myn sigaret út, mar stiek fuort in nijenien op. Soldaten mei gewearen as gongelstokken. Ik miende dat ik biseffe koe yn hwatfoar wrâld wy bidarre wiene. Ik loek oan myn sigaret en helle de reek djip yn.
‘Dat mei dy kisten justerjoune.,’ sei ik ynienen.
Oebele draeide de holle nei my ta Hy seach my lyk oan.
‘Op dy iene lei in flagge,’ sei ik
Oebele kaem heal oerein. Hy line op 'e earmtakken.
‘Jawis,’ sei er doe, ‘soldaten. Kin net oars. Dy flagge wie in ofsier. In ofsier kriget in flagge.’
Goed sawn ûre sieten wy byinoar op it perron. Ik hie my deljown op 'e koffer. Der rounen plysjes om, mei gewearen. En soldaten. In keapman sûnder tos- | |
| |
ken draefde hinn' en wer. Hy hie in houten bakje foar 't liif. Der lei kaugom, sûkela en oar snobbersguod yn útstalle. Hy raesde omraek en hâldde syn waer oanpriizgjend omheech. It woe min forkeapje. Wy wiene wurch. Treinen ride dêr net op tiid. Der stiene twa jonges mei âlde, sinken amers. Der rattelen mânske klompen iis en kolafleskes yn om. In pear fan ús kochten by har. De trein koe der sa wêze. It koe ek noch wol in kertier duorje. Men hie der gjin sizzen fan. It wie dêr rûzemoezich. Der wiene ynienen ek mear minsken, forbeelde ik my. De bakjerinder die alle war en reitsje noch hwat kwyt. De kolajonges raesden as gekken. Ynienen wiene hja stil.
Wy seagen allegear ien kant út. Ik kaem oerein. Guon stiene al op 'e banken. Ik koe neat sjen. It lûd kaem tichterby. Ik koe it net thúsbringe. It hie wei fan bern dy't gûle. Of laken hja, ik wist it net. Doe wie it as hearde ik gibeljende fammen. Mar it bleau to fier fuort om der hwat út op to meitsjen. Krekt as kamen de lûden út in bosk wei. Ik gie op 'e teannen stean. It folk op it perron spatte útinoar. It liet in tôch troch. It wiene soldaten. Hja tôgen in kiste mei. Hja rounen út 'en draef. Achter de kiste fleagen moartsjende wiven. Hja hiene swarte jurken oan. Hja sloegen mei de earms. De jurksmouwen wapperen as skeinde wjukken. Hja setten har de fingers yn 't hier. Hja smieten hieltyd de holle yn 'e nekke. Hja ropten oan de jurken. Hja makken it boarst bleat. Ik gie achterút. It wie in leaden kiste. Der lei in flagge oerhinne. Wy seagen de tôch nei. Mei wie der in twadde. In houten kiste. Gjin flagge. Nou fjouwer soldaten. De roekige wiven krasten har mei de neilen oer it boarst. Ik seach dat hja bletten. Wy rounen nei it spoar en bûgden ús oer de raljes.
De soldaten mei de leaden kiste stiene stil. Hja raesden tsjin inoar. Doe kwakten hja de kiste op it perron. Hja sprongen in heale meter omleech op it spoar. Hja krigen de kiste op en giene dwersoer. De kisten moasten op 'e trein. Der wie gjin trein. De beide tôgen kamen ús kant wer út, oer it twadde perron foar ús oer. Ynienen wie it fjochtsjen. Ik koe sa hurd net sjen hoe en hwat. De foarste soldaet skopte nei in âld keardel. Dy meneuvele mei beide hannen fan ho. De kiste kantele. Twa soldaten lieten los. De oare fjouwer koene 't net hâlde. De kiste klapte op it perron. De soldaten huften op it folk yn. Ik koe de âld keardel net mear gewaer wurde. Gjin menút letter sette alles ôf. It wie ien tôch fan soldaten en razende boargers der omhinne. Mar de roeken moarten boven alles út.
Der wie gjin ljocht oan 'e oare kant. Wy rekken har kwyt. Allinnich har lûd
| |
| |
wie noch even to hearren. Doe raesden de jonges mei de amers: Kola! Koka kola! De bakjerinder wie al fuort.
Doe 't wy yn 'e trein sieten, moasten de blinen ticht. Arabyske bern mochten graech mei stiennen nei toeristen smite.
‘Dat mei dy blinen...., sei ik.
“Hwat tochst! Doe wisten se 't al,” sei Oebele.
“En wy mar tinke dat dy bern ús in stien foar de kop smite soene.”
“Sa wurdst bidondere,” sei ik.
“Jow my dochs mar in jonkje fan dy,” sei Oebele even dêrnei.
Wy bleauwen noch in set op 'e keamer. Wy smookten en dronken. It wie de muoite net wurdich hwat der noch yn 'e flesse siet. Wy hiene der yn 'e trein al bêst ynhongen.
“Dy fint dy't fan 'e moarn yn 'e Nijl siet to skiten,” sei Oebele ynienen, “dat frommes stie in kilometer fierder to waskjen. Gadfordarry!”
“Hoe komst dêr nou op,” woe ik witte.
“Né, samar. Ik seach it ynienen wer foar my.”
“Wy sjogge dêr nuver tsjin oan,” sei ik.
“Greatbrocht as fyskes. Mei net, Oebele! Net bargje, Oepy! Mem alles net ûndergrieme, hear! Oepy, poep! Fys! Fys! Fys!”
Wy laken.
“Wy binne neat wend,” sei ik, sûnder erch.
“Fordomme, dou likest ús heit wol!”
Hy seach my lyk oan
“Wy ha de oarloch net meimakke, bidoelst.”
“Dou ek net?” sei er.
Hwat laken wy doe
Ik makke myn sigaret út. Ik woe in slach om. Sjen hoe't it dêr wie. Ik frege Oebele om mei. Hy woe net. Skiterij, sei er. En hy wie achter mei skriuwen. Ik die it filmapperaet om 'e nekke It wie even oer tsienen.
Ik woe earst mar itselde paed del as wy lâns kommen wiene mei de koetskes. Ik seach in gammele frachtwein, folloege mei ûnbidich grouwe stikken fleis. Der sieten soldaten op 'e bak, gewearkes moai omheech. Fierders rieden der gjin auto's. It wie oerdiedich stil. Wy wiene Kaïro wend dêr't nacht en dei forkear omraesde. It wie hyt. Twa bonkige hynders stiene yn 't span foar in karre mei kolakratten Hja pluzen yn in hjouwerpûde om dy't har om 'e nekke hongen wie. De karre stie midden op 'e dyk. In opslûpen jonge karke mei in
| |
| |
rattelfyts oer it trotwaer. Hy song en belle oan ien tried wei troch. Trije âlde finten yn lange, wite jurken sleepsoalen de huzen bylâns. Ik koe net sjen oft hja byinoar hearden, hja rounen net njonkeninoar. Hja sprieken gjin sprek. Ynienen bleauwen hja stean.
Ik hearde in stim troch in lûdsprekker. Hja stieken de earen op. Ik koe der gjin wurd út wiis wurde, mar it hie wei fan in nijsbirjocht. In heale menút, langer duorre it net. Hja rounen fierder, forheftich petearjend. Ik woe werom. Ik wist net hwerom. Ik roun fierder. Der sieten twa soldaten op in dak, gewear yn 'e hân. Ik gie in sydstrjitte yn. As ik hieltyd links oanhâlde soe, moast ik by it hotel werom komme. Der sieten gatten yn it asfalt. Der wie gjin skieding tusken de dyk en it trotwaer. Foar de huzen sieten manlju to piipsmoken. Der wiene ek guon dy't krantliezen.
Ik wie de strjitte sahwat út doe't ik op 'en nij in stim út 'e lûdsprekker hearde. Ik seach omheech, mar koe gjin boksen gewaer wurde. Dizze raesde. It bieange my.
Ik gie op 'en nij linksôf. Ik roun oer in sânpaed dêr't gjin huzen oan stiene. Der koe my neat gebeure, mar ik fielde my net rêstich. Krekt as stie ik midden op in drokke forkearswei, dat gefoel. Ynienen fleach my in keardel stiif oan 'e hûd lâns. Ik slokte myn azem troch. Ik hie him net oankommen heard. Hy roun sa hurd as er koe. Hy hie in gewear yn 'e hân. Hy wie net yn unifoarm. Mei kamen fan de oare kant twa keardels oandraven. Hiene ek gewearen by har. It wiene gjin soldaten It hie in oprop west, koe net oars. Hja kamen ynienen fan alle kanten, len wie op 'e fyts Hy jage rjocht op in griene, houten keet oan. Hy liet de fyts ûnder him wei donderje It ding saeide yn it gers. It achterfjil draeide. Hy stoude de keet yn. De oaren wiene der ek. De lêste die de doar ticht. Der sieten gjin ruten yn 'e keet. Oan myn kant net, tominsten. Ik roun fierder. Oan de ein fan it sânpaed stiene beammen. Ik moast dêr by de Nijl útkomme. As ik dêr linksôf gie, koe it net fier mear wêze nei it hotel. Ik roun in stap hurder Ik doarde net to draven. Ik hie net filme. It wie net by my opkommen. Ik hie net doard ek Doe hearde ik razen. Keardelsstimmen dy't koarte ah-klanken útstjitten. Ik seach om. Hja kamen út 'e keet wei. Hja rounen achterinoar. Ut 'en draef, net botte hurd. Hja hâldden de gewearen skean omheech. By elke stap raesden hja fan ah Achter de keet lei in stik bou. Der wiene fjochtgroppen yn útgroeven. Hja sprongen tagelyk. Hja kamen der oan de knibbels ta yn len raesde Hja giene plat. Allinnich de brune koppen wiene to sjen. En de lopen fan de gewearen.
| |
| |
Ik kaem by de Nijl. Der leine boaten. Under de beammen siet manfolk. Der rieden hynstekoetsen. In jonkje woe myn skuon dwaen. Ik meneuvele fan né. Ik joech him in pear piaster. Ik koe it hotel sjen. Foar de treppen stiene koetsen to wachtsjen. Ik wie wurch. It wie om to smoaren, sa hyt.
Doe't ik op 'e keamer kaem, stie Oebele klear om fuort.
“Aly-en-dy ha hjir west,” sei er. “Der is hjir in swimbad.”
Ik fortelde him hwat ik sjoen hie.
“Hast filme?” frege 'r.
“Forrek dou,” sei ik.
“En dat wol by de krante,” gniisde 'r. “Wurd dou nou mar moai skoalmaster, jonge.”
Ik die it filmapperaet yn it nachtkastke. Ik krige it skriuwark út 'e koffer. Wy hiene in tafel en in stoel.
“Komst ek?” frege Oebele
Hy stie yn 'e doar.
“Ik wit net hwer't dat..”
“Oare kant fan 'e dyk,” sei er, “in izeren hek troch, leau 'k.”
Ik sei dat ik komme soe.
“Hwa wiene dat,” frege ik doe, “Aly-en-dy.”
Oebele lake. Hy stiek de kop om 'e doar.
“Aly en Ineke,” sei er. “Olé!”
“Ineke?”
“Olé!”
Hy wappere mei de hân. Doe loek er de doar ticht. Hy hie de handoek om 'e nekke knope.
It swimbad lei tusken hege beammen. Der sieten lange, taeije tûken oan. De grienlearen blêdden hongen slop. Tusken de rjochte stammen woeks strewelleguod. It siet groatfol reade blomkes. Deselde reade blomkes as by ús yn it swimbad.
Hwat fytste ik hurd de Lege Reed del. It wie hyt. Ik switte. It roun my mei strieltsjes by de hûd lâns. Ik hie it T-shirt rûchwei om it stjûr hinne knope. Achter op it pakjedrager lei de handoek, oprôlle. De skouders wiene my read. Hja fielden gleon oan as ik de hân er op lei. Ik fielde my útsûnderlik soun. Ik trape as in heiden. Ik hie nei de kapper west. Stikeltsjes. Dan wie ik altyd sterk. Ik liet de trapers hieltyd hurder omgean. Ik hime moedwillich. Net fan wur- | |
| |
gens. Fan kleare blidens hime ik. Fan bline wille om myn krêft. Ik song en raesde. Hoe âld wie ik? Sechstjin-sawntjin, âlder net. Ik ropte mei beide hannen oan it stjûr. Ik dounse mei de kont op it sadel. Ik seach nei de spieren fan myn kûten. Billen ek. Ik hâldde fan mysels. Ik ried it parkearterrein op. De typyske swimbadrook kaem my tomjitte. Ik koe der mislik fan wurde, binammen as it kâld wie. Mar it wie gleonhyt. De rook wie oerdiedich, gol en noegjend. De tegels fielden noflik oan de fuotten. De roazebeamkes wjerskanten it gongpaed forspriedden de bikende swietrook. Bijen jojoden oan ûnsichtbere triedtsjes op en del. It gersfjild lei kealskeard yn har krûidige lucht fan meanen. It hie de foarm fan in L. Wy leine altyd achteraan. Hja wie der al. Ik kaem by har op it badlekken. Wy joegen inoar hieltyd lytse tútsjes. Wy roeken oaninoar. Har swit roek lekker. Ik aeide har oer de rêch. Wy wiene net fan dy brúntsjes. Miskyn giene wy dêrom meiinoar. Hja sei: Sille we der even yn? Dat sei hja altyd. En ik sei: Noch even. Dan leine wy noch in setsje. Wy swommen trije kear op in middei. Dat wie altyd sa. By de oaren ek.
Doe't ik de izeren poarte trochgie, seach ik har al lizzen: Aly en Oebele en Ineke. De oaren wiene der ek. Hja leine op lizbêdden om it bad hinne. It wie dêr bitegele. It wetter wie knalblau. Hja lei langút op 'e rêch. Har lichem sakke in bytsje fuort yn de golle folling fan it lizbêd. Ik seach nei har skonken mei de útstekkende knibbels. Lytse fuotten hie hja. It wiene noch deselde perfekt ôfwurke teantsjes. Koartknipte neilen. Har billen waerden gerûsleas wei yn de trijehoek fan har broekje. Wjerskanten de lytse heuvel yn de ûnderste punt sprongen hierkes ûnder it illestyk wei. Der lei in ûnsichtbere sirkel om har nawle hinne. It wie in flau wulvjen fan spande spieren.
Wy ha even in bêd foar dy forsierd,’ sei Oebele.
Ik gie sitten. Ik loek de knibbels op. Ik fâlde de earms der omhinne. Har holle lei justjes achteroer. Har ribben wiene to sjen. Hja hie suver gjin boarsten. Hja hie doe al minder as oare froulju.
Al dy jierren dat it út wie, seagen wy inoar daegliks. Troch de wike dan. Wy praetten tsjininoar Wy kaertten yn it middeisskoft. Wy dronken kofje yn de frije ûren. Der wie neat mear tusken ús. Wy diene gewoan. Wy wiene beide âlder wurden. Wy hiene beide wer forkearing hawn. Miskyn woene wy der net iens wer oer prate. It hie ommers neat om hakken hawn. Achterâf bisjoen net. It hie in domdryste puberteitsleafde west, mear net. En it wie nochal lullich útrekke. Mei in briefke.
| |
| |
Hja gie sitten. Hja lei de earms om de knibbels hinne. Der sieten swarte pikjes ûnder har earmsholte. Doe liet hja it hier dochs gewurde. Ik roek dat hja nou déodorant brûkte. Ik gie achteroer sitten. Ik spande de earms. De tegels wiene gleon. Oebele kaem oerein. Hy hammere him mei beide fûsten op 't boarst.
‘Ik wol deryn,’ sei er.
‘Ik moat der altyd troch,’ sei Aly. Hja roun nei de rânne fan it bad. Hja tipte mei de teannen yn 't wetter
Oebele dûkte. Hy sloech mei de holle doe't er boppe kaem. Hy brulde as in bear. Hy lake. Mei in pear slaggen wie er oan 'e kant. Aly gie achterút. Hja stie ûnder de beammen.
‘Of moat ik dy helje,’ raesde Oebele. Hy kaem mei de kop boppe de rânne. Aly gie willich foar him stean.
‘Spat mar wiet,’ sei hja. Hja die de earms oerinoar. Hja lei de holle yn 'e nekke. Oebele skepte wetter mei de platte hân. Aly sprong. Hja knypte de noas ticht.
It wie healwei tolven. Ik die it horloazje ôf en lei it yn 'e handoek. Doe dûkte ik it wetter yn. Doe't ik boppe kaem stie Ineke by it stielen trepke.
Wy dûkten deryn Mei krêftige slaggen gie ik troch it wetter. Ik wie sterk. Ik gie kopke-ûnder, bihindich as in hearringslynder. Flak by har kaem ik boppe. Hja lake. Hja raesde. Ik krige har beet. Ik tilde har omheech. Ik tute har. Ik dûkte tusken har fuotten. Ik kaem omheech. Hja bisprong my fan achteren. Ik hâldde 't net op fuotten. Togearre giene wy ûnder. Wy bitaesten inoar. Geijend en gekjend kamen wy boppe. Dan giene wy wer ûnder.
Ik swom hwat hinn' en wer. Winlik wie ik to wurch om to swimmen. Ik hong in set oan 'e rânne. Oan 'e kant wie in richel. Ik koe dêr stean. Mar it wie krekt as hong ik. Oebele en Aly giene oan. Ik moast der hieltyd nei sjen.
‘Wy gean' derút,’ raesde Oebele. Hy hie it tsjin my.
Hja loek har omheech oan de linings fan it trepke. It dripte út har broekje wei. Ik kaem achter har oan. Even wie har kontsje flak foar myn holle. Wy spielden de gloarlucht fan ús ôf. De douche wie by it ûndjippe. Rêd giene myn hannen hinn' en wer oer myn boarst. Ik aeide my krêftich oer de earms. Ik liet de
| |
| |
fingers krûmpoatich troch it stikelhier rinne. Ik trille deroer. Ik waerd elektrys ûnder it genot fan tûzenden stielen wetterfonken. Wy giene werom nei it badlekken. Even fielden wy ús biroerd. It knisterjende sân tusken de teannen. De weake kûltsjes yn 'e wite fingerseinen. De kideljende wetterdrippen dy't ús ta de earen út rounen. In pear menuten duorre it, koarter. Dan bigoun it sillige proses fan it opdroegjen. Hiel stadich botte it lichem wer út ta de waerme fleisblom dy't ynwindich mokere yn de stille bislettenheit fan in hieltyd rommer wurdend fel. De hûd plakkere net mear. Wy wiene wer to aeijen. As dûknekkerige krobben giene myn fingers oer har rêch. Bytiden kaem ik heal oerein. Ik tute har yn it weak fan 'e hals. Of ik biet har yn 'e skouderbonke. As ik op 't liif lei, lei hja de hân op myn swimbroek.
Doe't wy wer op 'e kant leine, fleagen strieljagers oer. Wy seagen omheech. It wiene trije. Fiif menuten letter twa.
‘Harrekrammele,’ sei Aly.
‘Thús hast der gjin erch yn,’ sei ik, ‘heart wol moai: op 'e rêch yn 'e sinne en dan it lûd fan in strieljager, dat stadichoan weiwurdt.’
‘Falt hwat ta,’ sei Oebele, ‘wy sitte hjir goed.’
‘Dou praetst der nochal maklik oer,’ sei Ineke, ‘wy moatte hjir ek noch wei.’
‘Fyn ik ek, Oebele,’ sei Aly.
‘Moatst dy net great hâlde, Oebele,’ sei ik. ‘Wy ha allegear ús gedachten. Wy hoege gjin panyk to siedzjen, mar it is sa't Ineke seit: wy moatte hjir noch wei.’ Oebele stiek in sigaret op
‘Der kin ús neat gebeure,’ sei er. ‘Salang wy hjir sitte, kin ús neat gebeure. Hjir wurdt net fochten.’
‘Hwat soene se thús witte,’ sei Ineke.
‘Mear as wy,’ sei Oebele, ‘rekkenje dêr mar op.’
‘Ik sjoch ús mem in gat yn 'e kop,’ sei Aly, ‘dy krijt gjin wink mear yn 'e eagen.’
Wy bleauwen oant tolve ûre yn it swimbad. Doe woene wy nei de keamers. It wie smoarhyt. Ik krige myn handoek op.
‘Dyn horloazje, man!’
Ineke krige it op. Der siet in skuor yn it glês. It tikke noch. In gelok dat hja it foun hie. Ik hie it fan Elske.
Aly hie noch wyn. Kocht yn Kaïro. It smakke net iens biroerd. Ien ûre hinne giene wy nei ús eigen keamer.
| |
| |
‘Ha jim earder meiinoar gien?’ frege ik Oebele.
Hy seach my even forheard oan.
‘Ah né, ju,’ sei er doe, ‘dit is mar foar de sjeu. En dat witte wy allebeide. Men moat dochs hwat. Ik leau dat hja forkearing hat, ik wit it net.’
‘Witst hwat ik sa nuver fyn? Ineke praet net tsjin my.’
‘En dou?’
‘Ik praet ek net tsjin har,’ sei ik.
‘Hwat kin dy it skille, ju. Elske sit in pear tûzend kilometer fierder. Dy duffe mummys hjir wurdst dochs mar biroerd fan.’
‘Hâld dy de bek,’ sei ik.
‘Ik bimuoi my der net mei,’ sei er, ‘wês mar net bang.’
De middeis hiene wy ekskurzje. Mei sylboaten nei it Banane-eilân. Lytse, griene banaentsjes dêr. Ineke roun mei Aly. Ik koe net hearre hwat hja bipraetten. Der roun dêr in fint om mei in bakbeest fan in radio. Hy hie de BBC oan. Oebele en ik bleauwen by him yn 'e buert. Egypte soe mei gewelt weromkrije hwat Israël har yn 67 mei gewelt ôfhandich makke hie. Foar 't wy op 'e boat giene, krigen wy in sinesappel. Hja forbouden dêr ek sitroenen.
De jounes fornamen wy dat Kaïro fortsjustere wie. Luksor ek, neffens de birjochten. Mar oeral baernde ljocht. Se soene de Aswandaem bombardearje. Aly hellich op Oebele.
‘En dou mar biweare dat wy hjir goed sitte!’ raesde hja. It wie har mienen. Ik hie net witten dat hja echt sa stjerrende binaud wie.
Oebele lake.
‘Die de ongelovige farao en de zijnen, of hoe stiet it dêr ek, maar het volk Israël droogvoets, god, sa bibelfêst bin ik ek wer net, mar droogvoets, sa stiet it der, hwat? It doopformelier? Ja wis, Aly, kom noch even by my, leave skat!’ Oebele hie it forbruid. Wy hiene beide tofolle drank op. Doe't wy op bêd leine, frege ik: ‘Hwat dei hiene we hjoed.’
‘Snein,’ sei er, ‘en nou sliepe, hen!’
De oare deis wie myn kop in spikerbak. Oebele wie net to brûken. Wy wiene to let foar it brea-iten. Der wie noch thé. De hostess hie nijs hawn. De oaren diene ús to witten, wy soene de woansdeis werom nei Kaïro. De monuminten wiene offisjeel biskerme Ekskurzjes wiene forbean. Wy hiene lykwols in spesjale forgunning. Wy wiene studinten. Wy makken in edukative reis. Oebele moast gnize.
| |
| |
‘Studinten! Skoalmasters, stil' jim bidoele!’
‘Dat yn it Egyptys Museum sa'n soad lege plakken wiene, dat wie net tafallich,’ sei ik. ‘Alles sit yn bomfrije skûlkelders.’
‘Studinten, hie 'k tocht,’ hune Oebele.
Wy giene mei de hynstekoetsen nei it timpelkompleks fan Karnak. Twa deskundigen soene dêr mei ús omkuijerje. Wy makken groepen fan likemôch fyftjin man. Ik gie by Aly en Ineke. Oebele wie by de oaren.
Der wie in gongpaed tusken lange rigen stiennen rammekoppen. Sfinksen fan Ramses II, neffens de spjuchtige gids. Ik roun achter har. As wy stil stiene, seach ik in oare kant út. Of ik forskûle my achter de kamera. Hja hie in reade bûsdoek om 'e holle knope. Hja hie in strak truike oan. Hja hie gjin boarsten. Hja hie ûtstekkende skouderblêdden. Ik makke in foto fan har.
Wy kamen by in kolossael byld fan de farao sels. In lytse prinsesse line sinlik tsjin syn rjochterfoet. Har holle kaem him krekt oan de knibbel ta. Ik lei myn finger op har gledde, stiennen lippen. De oaren rounen fierder. Ik aeide har stiennen wang. Ik krige har beet by de skouders. Ik woe har omearmkje. It wie bispotlik.
De gids tortelde fan in botanise tún dy't hjir eartiids west hawwe soe. Op de broazelige pylders waerd ik de útkappe foarmen fan blommen gewaer. Blêdden en knoppen ek. Ik fantasearre my in wylderige tûn mei kleurige blommen, as beammen sa great. Gers mei wite plústers kaem my oan de heupen ta. Hofpersoniel weau my koelte ta mei strúsfearren waeijers. In simpel hângebeart fan my wie har genôch net fierder. Hja wachten op my oant ik werom wie. It gers waerd heger en heger. De blommen wiene ynread en swiet fan dampige tochten. Ik treau de sterke raeijen útinoar. Hja lei op in rêstbêd. It hie in ûnderstel fan spiersterk útrutsen liuwen. By de hollenein boatfoarmige parfumkrûkjes, albasten en gouden. Ik knibbele by har del. Ik die har de gouden earhingers ôf it halssnoer en de earmbannen. Gers en blommen bûgden har rûzjend oer ûs hinne. It wie to healwiis. Ik switte as in gek. Mar it wie ek om to smoaren
Yn it jotsende koetske siet ik njonken har. Ik woe mei har ôfprate. Hja siet oanhâldend mei Aly to swetsen. Foar it hotel stiene wy stil. Ien fan de hynsten moast mige. Hy miigde. Hy knypeage mei syn gleije hynstekont.
‘Hast har forsierd?’ frege Oebele.
‘Der falt neat to forsieren,’ sei ik.
‘Wolst net of kinst net’
| |
| |
‘Ik ha forkearing,’ sei ik
‘Hipokryt!’
‘Ik bin net sa as dy!’
‘Ik even bliid!’
‘Ineke seit my neat,’ sei ik.
‘Hy wol!’
‘Dou hast it forbruid,’ sei ik
‘Nou en?’
‘Hâld dy net sa great, Oep.’
‘Oebele! En Aly is in trut. Stjerrende binaud.’
‘Wy binne hjir noch net wei,’ sei ik.
‘Noait tocht datstou ek sa'n skiter wiest. Jonkje, dou bist ek gjin hier better. Jim sitte jimsels op to naeijen. Hwat hastou nou fan dy oarloch sjoen. In pear kloaterige soldaetsjes, mear net Mar hiestou oars forwachte dan? Jonge, it is hjir altyd oarloch.’
‘Ik ha hjir drank kocht,’ sei ik
Kaïro soe bombardearre wêze. Hie yn in hollânse krante stien. Wy hearden it de tiisdeis. Aly gûle
‘De Te-le-graef!’ sei Oebele.
‘Dy lêze se by ús, rotsek!’ jammere Aly. Ineke gie har achternei.
De middeis seagen wy it grêf fan Toet-anch-Amon. Doe't wy weromkamen, moasten wy koffers pakke. Wy soene earder fuort. Wy stiene klear om fuort, doe't wy hearden, it waerd dochs de oare deis. Wy kochten egyptise kranten. Wy hiene der net folle oan Wy biseagen de foto's.
Wy laken om de anti-joadse spotprinten.
Der wie in jounklok ynsteld Wy mochten nei seis ûre net mear fuort. Ineke wie stillich. Miskyn hie hja deselde eangsten as Aly. Miskyn wie it ek hwat oars. Ik moast sjen dat ik har allinnich treffe koe. Moarn, of sa.
Ik wie bitiid wekker Oebele sliepte. Ik die de klean oan. Ik gie derút. Ik roun by de Nijl lâns. It wie stil. Ik seach gjin kop. Wy hiene de oarloch net meimakke. Wy moasten net tinke dat
Dat wy hwat wisten fan
Dat wy prate koene oer
Dat wy hwat wiene
Of dat wy hwat wurde soene
| |
| |
Wy moasten net tinke.
Dat wy ea hwat west hiene.
Ien ding mochten wy net forjitte.
As wy dat dan mar sjen woene.
Wie der neat to rêdden.
As wy mar biseften.
Hoe goed. Hoe breed. Hoe frij.
En hoefolle deaden.
Even yn ús omgean litte
Foar't wy hwat seine.
Wie alles oké.
Se gunden ús de frijheit.
Mar wy moasten tinke foar't wy hwat seine.
Wy moasten goed witte hwat wy diene.
Én hwa't wy foar ús hiene
Gie samar net.
Jonkje jonkje!
Wy moasten ús de eagen út 'e kop skamje.
Hwer hellen wy it rjocht wei.
Woene se wol ris witte.
Of hie it neat om hakken hawn?
Doarden wy dat to biwearen?
Soms? Hen? Nou? Toe dan!
Sa maklik wie it net.
En wy moasten tankber wêze.
Foar alles hwat wy hiene.
En hwat hiene wy net
In fyts op goeije bannen.
En dat karke en die mar
Trotwaer op trotwaer ôf.
Wy koene leare
Wy koene wurde hwat wy woene.
Wy hoegden mar in kik to jaen.
Wy waerden op ús winken bitsjinne.
Alles oké hear
Mar even goed biseffe
| |
| |
Alles like sa gewoan.
Alles hearde der sa by
En alles wie sa maklik
Wy diene mar.
Mar sa lei it der net hinne.
Sa wiene we net troud
Koe ek oars.
Us frijheit wie kocht.
En djûr bitelie.
Even rekken mei hâlde.
Wie alles goed.
Even goed ûnthâlde
En net forjitte.
Oké oké.
Mar dat woene se even sizze.
Hwat hiene wy hwat foar.
Hwer praetten wy eins oer
Doarden wy wol
Wisten wy wol.
Hiene wy wol.
Wiene wy wol.
Of wy wol in hert yn 'e hûd hiene.
Hwat der to rêdden wie
Hwat der to keap wie
Lyts himd.
Koe sa net trochgean.
Moast speakrinne
Koe net oars.
Fan 'e bok dreame
Wie net to hopen dat
Och hearken né
En dat doarden wy to sizzen.
Dat it iten net to fretten wie.
Wol oars meimakke
Soe wol goed wêze dat
Koene wy ek ris
| |
| |
Wie net to hoopjen.
Wie dochs wol goed
Meimeitsje moatte.
Seagen ús in gat yn 'e kop.
Oars piipje.
Om lyk.
Lytsman.
Of net mem.
Ale hâld op.
Mem wit der alles fan.
Ale!
Hwat wy meimakke ha.
Ale! Of ha wy net genôch meimakke!
Nou hearstit. Leffert!
Doe woene wy wol stil. Mem siet roungear. Hja krige it bûsdoekje ûnder 't kessen wei. Hja siet op 'e bank to snotterjen. Geeske gie by har sitten. Hja lei de hân op mem har skouder. Hja lei de holle tsjin har boarst. Mem bigoun to snuten.
‘Hast nou dyn sin?’ raesde er. ‘Goare kloatsek! Smoarge hufter! Of hast gjin gefoelyn 'e bealch!’
Hy kaem op my ta. Hy die de hân omheech. Ik dûkte.
‘Heit!’ raesde Geeske. Hja gie foar him stean. Hja krige him by de earm beet. Hy wie even forbjustere
‘Gean dou sitten,’ sei er doe. Hy treau har fuort. Hy bûgde him oer my hinne. Hy die de earms achterút. Hy spande de fûsten. Hy raesde. Dat ik syn jonk wie. Mar oars. Dat er aenst net mear foar himsels ynstean koe. Hjir gebeure noch ûngelokken, raesde er. As ik dat mar goed bigrepen hie. En dat ik my neat forbeelde moast En dat ik in snotnoas wie. Ik krige trije wiken lang gjin bûssinten.
Der dreau in boatsje op 'e Nijl. It wiene fiskers. Hja giene fûken bylâns. Oan de oare kant stiene stokken yn 't wetter. Ik bleau stean. It wetter wie stil. It wie net blau. Net grien. It hie gjin kleur. Hja hiene lange jurken oan. Wite. Har biwegings wiene suver net to sjen. Hja biweegden, of biweegden hja net. Ik roun de bidelte yn. Ik gie sitten. Ik seach it wetter oer. Alles wie stil. Ek hwat biweegde. Ik gie langút lizzen. It wie in steile skeante. Ik koe noch krekt de kleurleaze rotsen sjen oan de oare kant fan it wetter. Dêrachter hie Thebe lein.
| |
| |
Deadenstêd. Ik wist net hwat ik allegear biprakkesearre. En miskyn hie ik heiendal gjin gedachten. Der kaem allinnich in noflike ûnrêst oer my. Ik wist net hwat it wie. Of hwer't it wei kaem. Ik koe it net neigean. Ik die gjin muoite ek. It wie to noflik. Ik stie ûnder spanning. Ik koe net sizze hoe en hwat. Miskyn wie it letter to biredenearjen. Miskyn wie ik in mummy dy't letter op azem komme soe.
Ik kaem oerein. Ik roun fierder. De sinne kaem heger. Alles krige kleur. De rotsen waerden giel. Letter soene se wyt wurde.
Oan 'e oare kant fan 'e dyk wie in souvenirswinkel. It wie in houten keet mei in great etalaezjerút. Der leine kameelsadels, learen tassen, halssnoeren, earhingers en earmbannen. Oan in rak hongen readketoenen jakjes mei wyt opstiksel. It wiene lotusblommen. Ik soe ien foar Elske meinimme kinne. De doar siet ticht. It wie krekt healwei achten. Ik wist har maet ommers ek net.
Ik gie werom. Miskyn dat der al thé wie yn it hotel. Ik forbeelde my, it wie al waermer wurden. Hwa wit, koe ik in krante keapje. Koe ik neat út wiis wurde fansels. Mar wie nijsgjirrich foar letter. Koe ik wat sjen litte ommers. It muoide my dat ik dy oefening net filme hie. Achterôf hie it bêst kinnen. Ik moast sjen dat ik noch hwat foto's makke fan soldaten. Yn Kaïro wie it ús forbean wurden. En doe hiene wy noch gjin weet fan oarloch of sa.
Brêgen mocht ek net. En iepenbiere gebouwen. Flak by it hotel wie in radiostasjon. Der stie in muorke fan sânsekken foar. Dêr stiene twa soldaten achter. Koe ik wol nimme fan it dakterras ôf. Ik hie de telelins ommers by my. Ynienen seach ik har. Wy koene inoar net ûntrinne. Hja hie my ek opmurken. Hja glimke. Ik koe net sjen of hja bliid wie dat wy inoar sa hommels moeten. Ik wist net iens hoe't ik der sels ûnder stie. It gie to hurd. Foar't ik wist hwat ik sizze soe, stiene wy byinoar.
‘Dêr ha we dy,’ sei hja. Har stim klonk blier. Mar it wie net echt. Hja wie der ek mei oan.
‘Ik koe net mear sliepe,’ sei ik
It wie krekt as woe ik my ûntskuldigje.
‘Ik soe krekt werom,’ sei hja, ‘mar doe seach ik dy. En ik woe dy ek net ûntrinne.’
‘Ik hie dy net iens sjoen sa gau,’ sei ik.
Wy rounen werom nei it hotel. Yn 't earstoan praetten wy net. Ik miende, wy tochten beide itselde. Mar hwat ik tocht wist ik sels net.
‘Hoesa, my net ûntrinne,’ sei ik; ik woe mei har prate.
| |
| |
‘Ik tocht datstou my sjoen niest,’ sei hja, ‘en doe woe ik net daliks werom. En dochs wie ik fan doel en gean werom.’
Wy rounen fierder. Mei tsien menuten soene wy by it hotel wêze. Ik koe der net langer om hinne draeije
‘Wiest net sa praets juster,’ sei ik.
‘Dou wol dan.’
‘Snein wiest al oars,’ sei ik, ‘yn it swimbad, bidoel ik.’
‘Dy foto wol ik ha,’ sei hja.
Ik frege: ‘Hwatfoar foto!’ Ik wist net hwer't hja op doelde.
‘Of hastou juster net in foto fan my makke!’
Ik wist hwer't ik oan ta wie. Ik woe net ôfgean. Ik moast it handich spylje.
‘Dan hastou my ek yn 'e gaten hâlden,’ sei ik.
‘As ik dy foto mar krij,’ sei hja.
‘Hastou dat briefke noch?’ frege ik.
Ik wist dat hja bisefte hwat ik bidoelde.
‘Dan krij ik dat briefke,’ sei ik.
‘Dat wie knap lullich doe, dat briefke,’ sei hja.
‘Dat wit ikselsek wol1’
‘Datstou dy dêr nou noch om opwine kinst.’
‘Ik wyn my net op,’ sei ik
‘Dou krijst dat briefke,’ sei hja. ‘Ik dy foto.’
Wy rounen fierder. Ik koe der net by dat hja my opmurken hie op dy ekskurzje.
‘Ik wol it útmeitsje,’ sei ik
Wy bleauwen stean. Hja seach my oan.
‘Ik wist net dat it oan wie,’ sei hja.
‘Ik wol it útmeitsje,’ sei ik wer. ‘Gun my dat nou mar.’
‘Goed, it is út. As ik dy dêr in plesier mei dwaen kin, goed. Dan is it nou út, hen? Ofpraet!’
Wy rounen fierder. Ik fielde my lullich.
‘Aly fielt har knap biroerd,’ sei hja
‘Hwat dan?’
‘Hat de godgânse nacht lein to praten. Bibelteksten en sa. Ik wie der mislik fan. Har mem is in sénuwpil. Hja lei mar yn 'e sliep to bidden, Aly dan. Heare, God van Israël, lit it folk gean. En hy liet it folk net gean, en hy liet it folk net gean! Ik ha gjin wink yn 'e eagen hawn.’
‘Wy réagearje allegear frjemd,’ sei ik.
| |
| |
‘Dit is net frjemd mear,’ sei hja, ‘dit is gewoan abnormael.’
‘Oebele is himsels ek net mear,’ sei ik.
Oebele krijt de klap noch wol, wês mar net bang.’ Der wie hwat triomfantliks yn har stim. Dat stie my tsjin 't krop. It wie ek eangst. It wie to hearren dat hja de saken earnstich opnaem Dochs koe hja der kalm oer prate. Hja wie my oermânsk. Ik koe net sizze hoe.
‘Ik hoech dat briefke net,’ sei ik. Wy wiene ticht by it hotel.
‘Dou wolst de ear oan dysels hâlde’ sei hja. ‘En hwerom!’
‘Hwerom dan?’
‘Ja, dat freegje ik my nou ôf’
Ik swijde.
‘It wie ommers neat,’ sei hja. ‘It stelde ommers gjin moer foar. Of wol dan. Doe koe it net oars, puberkes dy't wy wiene. Hwer makkestou dy drok om. Of sjochst dêr net trochhinne. Alles wie bispotlik ommers. Net allinnich dat briefke.’
‘Dou hâldst dy great,’ sei ik, ‘dou wiest oars snein.’
‘Omdatstou oars wiest’
‘Hwerom wolst dan dy foto ha.’
‘Ik fyn it mislik as der yn it genyp foto's fan my makke wurde. Dat is in prinsipe. Dat hat mei dat oare neat to krijen.’
‘Wy kinn' der better oer ophâlde,’ sei ik.
‘Hoechst net it gefoel to hawwen datst forlern hast,’ sei hja. ‘Der wie neat to forliezen.’
‘Wy ha beide forlern,’ sei ik. Ik miende, dy slach wie foar my. Mar ik wist sels net hwat ik sei. Ik wist net iens hwat ik bidoelde. Miskyn hie ik better sizze kinnen dat ik fan har hâldde. Hwant dat woe ik dochs sizze. Wier. Of net.
Wy wiene by it hotel. Der stie noch gjin kranteforkeaper. It hotelpersoniel makke de tafels klear Wy giene nei ús keamers.
‘Dou moatst Aly hwat yn 'e gaten hâlde,’ sei hja noch.
Ik seach har forheard oan
‘Jim kinne dochs goed meiinoar,’ sei hja.
‘Ikke?’
‘Dat haw ik fan har bigrepen, ja.’
Doe giene wy útinoar. Oebele lei noch to sliepen.
Wy hiene woansdei. De jounes soene wy fuort, wie de hiting. Mar yn Kaïro
| |
| |
siet it fleanfjild ticht. Ik makke hwat oantekens yn myn deiboek. It wie to hoopjen dat ik der letter hwat út wiis wurde koe.
Wy hiene de koffers ynpakt. In ûre to gau. Wy rounen hwat om. Wy praetten en smookten. Der kaem in frjemdsoartige forfeling oer ús. Wy stiene klear om fuort. Wy woene ek fuort. Mar it synjael kaem net. Sa hie it juster west. Krektlyk. En doe koene wy wer útpakke. Dat bisef. Wy wapenen ús tsjin elke toloarsteiiing. Unbiwust miskyn. Dat wie ús forfeling. It wie ûnforskillichheit yn 't foar. En as wy al ôfreizgje koene, hwat dan. Hwat dan noch. Dan sieten wy yn Kaïro. En dan? It fleanfjild waerd brûkt foar militaire doeleinden, sa't dat sa treflik hiet.
Dochs hiene wy it gefoel dat wy ûntkamen, doe't wy to hearren krigen, de hynstekoetskes stiene klear. It wie ek krekt as wie der haest by. Ik wie bang dat ik net mei koe. Ik tocht dat ik hwat lizze liet. Wy praetten suver net. EIk tôge mei koffers en tassen
De fuorlje diene kalm oan. De fortsjustering wie bispotlik. Hjir en dêr hongen stikkene sekken foar de ruten. Of stripen swart papier. Guon ruten wiene blau ferve. Der wie yn de ferve krast. It wie fan in oarloch earder. Oeral baernde ljocht.
It perron wie tsjuster. Wy seagen hurd om plak. Ik wie bliid dat ik siet. Ik seach wol trije kear oft ik alles by my hie. Op it perron sjouden toeristen mei koffers. Der waerd raesd. De trein wie fol, mar hieltyd stapten toeristen yn. Ik bisefte dat wy toeristen wiene Wy wiene toeristen, mar hwat hiene wy foar?
Wy ieten yn 'e trein De obers koene it mar krekt op fuotten hâlde. Wiidskonkich balansearren hja mei de kûmkes sop. Wy koene de leppels suver net sûnder ûngemakken nei de mûle bringe. It wie in griemerij, dat iten. Mar wy rieden. En wy ieten. Letter dronken wy bier. It wie lij. En it siet yn griene litterse flessen. Dat soe ús altyd bybliuwe. Hwant wy waerden sa dronken as in aep. Dy't bier dronken, tominsten. Dochs koene wy earst net sliepe.
‘Fordomme,’ raesde Oebele, ‘yn in waskmasine kinst dy noch better deljaen!’
Der wie net ien dy't it hearde. Wy joegen ús del. Foar't wy it wisten, wie it ljocht.
It wie tongersdei of freed en wy wiene yn Kaïro. Mar wy wisten net hwer't wy
| |
| |
oan ta wiene. Wy kamen wer yn it Carlton-hotel. Wy krigen oare keamers. It wie dêr ynienen fol. Der sieten toeristen út Omar Kayam. Dat wie ynrjochte as sikehûs. Dochs hie de tillevyzje it net oer gewonden. Inkeld deaden. By Israël. Dat wol.
De dagen bigounen opinoar to lykjen. Wy hiene gjin doel oer tiid. Der wiene gjin ekskurzjes mear. Wy hiene langer gjin fêste punten. Of it moast al wêze dat wy wachten op de kommuniké's fan ús hostess. Hja wie hiele dagen op de ambassade. Wy krigen in pear adfizen. Net bûten komme mei in fototastel. Net sûnder paspoart op 'en paed. Jouns nei tsienen yn it hotel wêze. Elk momint klear stean om fuort. As der loftalarm wie, wisten de keamerjonges hwat der gebeure moast. Der wiene skûlkelders ûnder it hotel.
Wy sieten ûnder yn it hotel Wy smookten. Wy dronken kola en bitterlemon. Mei iisblokjes. Krekt salang oant wy der mislik fan wiene. Of langer. Wy giene de merke op. Wy lieten ús de skuon poetse. Wy kochten souvenirs. Wy sieten byinoar op 'e keamers. Wy kaerten. Wy liezen ingelse kranten, en frânse. Wy hearden nei de radio. Wy seagen tillefyzje. Wy waerden net folle wizer. Wy dronken kofje of mango yn in kafé by it hotel. Soms giene wy to biljerten. Wy praetten en spekulearden. It fleanfjild koene wy wol forjitte. Der wie praet fan dat wy nei Bengazi soene mei de bus. Mar dat wie 1400 kilometer. Of wy koene mei de boat nei Nikosia of Athene. Mar dan moasten wy earst nei Aleksandrië. Der waerd biweard, russen en tsjecho-slowaken hiene al in boat krigen foar Cyprus.
‘Bengazi wurdt neat,’ sei Oebele, ‘Lybië komst noait yn. Kadaffy hat it net op toeristen.’
Hy krige gelyk. De amearikanen moasten by de grins werom.
Ineke en ik, wy mijden inoar
It hotel hie in dakterras. Oerdei wie der net to wêzen fanwegen de hite. De taffeltsjes stiene dan byinoar skoud. Twa by twa, de blêdden opinoar. In leger fan stive poaten yn in tilderige loft. Ynklapte stuollen hongen yn lange rigen tsjin de blombakken. Alles hie de kleur fan sinne. Under forkear troch de strjitten. Skeefhingjende bussen mei kloften passagiers oan de bûtekant, hingjend. Auto's yn allehande merken en typen, âlde en nije. Ezelkarren. Fytsen en bakfytsen. Fuotgongers. Taksys, hiele rigen taksys. De helte fan it forkear waerd útmakke troch taksys. Wyt mei swart opspuite. Links en rjochts ynheljend. Nachts wie it dêr kâld. Dan wiene de ljochten út. Der stiene flessen
| |
| |
op de taffeltsjes. Glêzen ek, papier en plestiken bakjes. Serfetten.
Allinnich jouns wie it der noflik, fan sawn oant alve ûre. Soms healwei tolven. Meastentiids wie it tol yn dy ûren. De bitsjinning wie flot. De drank guodkeap. It wie suver bifrijend as wy de stêd sêgen sûnder dat hurde flues fan ljocht dat deis oer har hinne lei. Foar ús wie it terras in owase, in gebeart fan herkenning, in han op de foarholle. It wie dêr net sa hyt. It forkear wie jouns minder drok. It gie heal en heal biskûl yn it flauwe ljocht fan koplampen en reklame. Fuotgongers bleauwen jouns gauris stean. Alde arabieren lepken foar har huzen oan har wetterpipen. Hja sieten op klapstuollen. Jouns wie der gjin spoar fan oarloch. It wie in oare wrâld. It dakterras bistie by de graesje fan de joun. En fan toeristen. Dat wiene wy. Jouns hiene wy in thús. Mar of wy dat doe biseften, ik leau fan net.
Dy freeds moete ik Aly op it dakterras. Wy hiene krekt heard dat wy de sneins mei de bus nei Aleksandrië soene. Moarns om healwei fiven. Doe't ik nei boppe gie, wiene de tsjinstfeinten dwaende mei de tafels en stuollen. Ik wie doe allinnich. Ik line mei de earmtakken op it stek dat om it terras hinne roun. It wie kertier foar sawnen. Ik wist, mei in healûre siet it fol. Doe hearde ik fuotstappen op 'e trep. It moast ien fan ús wêze. It personiel roun lûdleas, slûpendewei. It wie Aly
‘Hast it al heard?’ frege hja.
‘Dat wy fuort sille,’ sei ik, ‘ja, dat wit ik.’
‘Né, it wurdt nou alve ûre,’ seit hja, ‘snapst? Se hâlde ús oan 't lyntsje. Aenst wurdt it noch moandei’
‘Ik haw dy net sjoen by it iten,’ sei ik.
‘Hjoed hiene wy fuort sillen,’ sei hja, ‘as alles goed west hie. Bigrypst hwat ik bidoel?’
‘Hwerom wiest net by it iten,’ frege ik.
Hja hie rys hawn en hwat thé, sei hja. Hja wie yn 'e skiterij. Mar dat woe hja net sizze. Hja hie iten op har keamer hawn. Dat bigriep ik wol.
‘Ik ha tabletsjes,’ sei ik, ‘mar ik wit net... Oebele is der ôf.’
‘Oebele!’
Ik sei neat.
‘Oebele, dy sjocht gjin gefaer!’
‘Hoe bidoelst,’ sei ik
‘Wy binneyn oarloch,’ sei hja. ‘En wy binne hjir noch net wei, dat wit ik wol. Wy moatte dit net to licht achtsje. Elk praet en docht mar, mar wy moatte hjir
| |
| |
earst noch wei. Ik stean it net, dat mochst bêst witte. Ik skamje my der net foar dat ik bang bin. Of dou wol dan!’
‘Wy kinne neat dwaen,’ sei ik.
‘Tamme, ik bin bang! Bigryp dan dat ik bang bin. Bigryp dóu it dan!’
‘Hwa seit dat ik dy net bigryp,’ sei ik.
‘Wy binne allegear bang,’ sei hja, ‘mar net ien wol it wurd ha. Elk hâldt him mar great. EIk laket en docht mar. Mar ûndertusken. As dy fint mar net sa'n greate bek hie. Wy sjogge allegear by him op. Oars soest ris sjen moatte hoe bang as wy wiene. Oe, ik kin dy rotfint net útstean!’
‘Wy hoege inoar ek net bang to praten, fansels.’
‘Praet ik dy bang?’
Ik swijde.
‘Dan bistou ek bang. Oars lietstou dy net bang prate.’
‘Dou praetst my net bang,’ sei ik.
‘Ja, dat seist nou’
‘Dat fan Oebele,’ sei ik, ‘dat is in réaksje.’
Ik forwachte dat hja freegje soe hwat ik bidoelde.
Ik sei: ‘Syn heit wie in forsetsman. Wy ha der yn Luksor oer praet. Hy is altyd deasmiten mei oarlochsforhalen. Syn heit wie de held fansels. En Oebele wie neat Hie de oarloch net meimakke. By ús thús wie dat krekt sa.’
‘Ik wit net hwat dat der mei to krijen hat. Trouwens, doe hoechst him net skjin to praten.’
Ik sei dat it dêr net om gie
‘Wy moatte hjir foarlopich earst noch wei,’ sei hja.
‘Oebele koe twa kanten út,’ sei ik. Hy koe de sitewaesje útbuite en letter sizze: ik wit ek hwat oarloch is. Of hy koe alles bispotlik meitsje en sizze: it hat neat om hakken. En dat hat er dien en dat docht er. Hy komt syn heit hjir tsjin, by wize fan sprekken Hy seit wie dat nou alles? It is gjin forgelyk fansels, mar dat sjocht er sels net. Of miskyn ek wol. Ik wit it net. Mar ik wit net hoe't ik it oars forklearje moat. En Oebele kennende, dat witstou sels ek wol.’
‘Dou moatst psychology studearje,’ sei hja.
Wy seine in set neat
Doe sei hja. ‘Hy hat ús allegear yn 'e macht. Net ien wol minder wêze as Oebele. Mar ik moat myn gefoelens ek wol ris kwyt. Of snapst dat net. Kin ik it helpe dat ik sa stjerrende binaud bin. Miskyn komme wy hjir wol noait wer wei!’
| |
| |
Hja bigoun to snotterjen. It kaem my oer it mad. Miskyn hie ik to folle sein. Ik woe de hân op har skouder lizze. Ik die it net. Ik hie ek gjin bûsdoekje by my. Hie ik har ek net jown. Ik wie der mei oan. In gelok dat hja hwat bikaem. Hja bigoun to snuten.
‘Ik woe witte hoedatstou der ûnder stiest,’ sei hja, ‘mar dou seist ek al neat.’
‘Ik wit sels net hoe't ik der ûnder stean,’ antwurde ik, ‘en dat is gjin smûs.’
‘Dou witst dochs wol hwatstou tinkst!’
‘Né,’ sei ik.
Hja draeide har om. Hja stie mei de rêch nei my ta.
‘Dou wolst dat ik siz, ik bin ek bang,’ sei ik, ‘mar ik wit sels net of ik bang bin. Wier net.’
‘Jim heit hie ek sterke forhalen, net? Hwat is dyn réaksje dan! Of hast gjin réaksje. Stean dêr net sa!’ Hja seach my lyk oan.
‘Ik wit net,’ sei ik. ‘Miskyn letter.’
‘Us heit wie neat yn 'e oarloch!’
‘Hoe bidoelst.’
‘Ik bidoel dat jim allegear forrekke kinne!’
Hja fleach de treppen del. Ik miende, ik koe hearre dat hja gûlde. Miskyn wie it net sa. Ik woe har achternei. Ik bleau stean. Letter kamen de oaren ek. Wy praetten en smookten. Wy dronken. Ut en troch bistelden wy in flaubyt. It wie al gau alve ûre. Oebele sei dat ik stil west hie. Hy joech noch in rountsje. It bier smakke my net. It wie as hie ik al in moaije sieat hawn.
Doe't wy nei de keamers rounen frege Ineke: ‘Hastou Aly noch sjoen?’ Ik wie bliid dat wy wer meiinoar prate koene. Wy moasten mar wer gewoan dwaen, tocht ik Krekt as wie der neat gebeurd. Der wie ek neat gebeurd ommers. En hwat hie der gebeure kind. Neat ommers. Achterôf bisjoen net. En ik hie it witte kind.
De oare moarnes wiene wy om healwei alven ûnder yn it hotel. Wy bistelden kola en bitter-lemon. Wy smookten en dronken. Wy praetten net folle. Bytiden rounen lytse ploechjes fan in man as trije even nei bûten. By de doar stiene skuonpoetsers en souvenirforkeapers. Ien die yn hynsteswypkes. Echt lear. De prizen sakken. Mei in pear dagen wie hjir gjin toerist mear. Ik kocht hwat ditten en datten. De tongersdeis hie ik yn in achterôfsaekje in learen taske kocht foar Eiske. Ik brûkte it sels. As ik op 'en paed gie hie ik myn kamera
| |
| |
deryn. De freedtomiddeis seach ik in frachtwein mei soldaten. Mar it wie to drok.
Us hostess wie in healûre letter as ôfpraet. Alve ûre sieten wy to plak. It wie har oan to sjen, hja wie wurch. De moandeis soene wy fuort, nachts healwei twaën. Mear nijs wie der net. Op de ambassade diene se hwat se koene.
‘Dan keapje wy noch ien,’ sei Oebele.
Earst doe miste ik Aly. Mar ien moast it har fortelle. Ik praette mei Ineke. Oebele stie by de taep. Allinnich. Hy liet in flesse bier oanrukke.
De jounes praetten wy ôf mei in stel, wy soene de oare deis nei tsjerke. De Sint Andreus Church wie mar tsien menuten rinnen, sei Ineke. Aly woe ek mei. Ik praette mei Ineke. Ik frege my ôf of it goed wêze soe as hja gie. Ineke tocht fan al. Ik koe ek net sizze hwerom net. Ik wist ek net hwerom't ik sels mei woe. It koe my neat skille ek. ik woe.
‘You had closed your eyes when you came here this morning. You want to see the Kingdom of God? Then open your eyes when you leave this building. The Kingdom of God is in the streets of Cairo, driving the buses, people talking and hawking. Here is the Kingdom! Here is the Kingdom!’
‘Hwer is de kingdom! Hwer is de kingdom! De kingdom is nerges! Nerges! Farao! Farriséër!’
Wy diene neat. Hja smiet de earms omheech. Hja spande de fûsten. Hja roun nei foaren. Wy bleauwen sitten. Hja raesde fan farao en farriséërs. Wy koene neat dwaen. It gie to hurd. Dochs, wy hiene it witte kind. Aly kennende. Mar hwa koe Aly? Dat wie ús forlech.
‘Please, can somebody take this woman away!’
Ineke. Hja krige Aly beet. Hja forsette har net. Ineke lei de earms om har hinne. Beide earms. Sa giene hja derût. Aly gûlde.
‘En hy liet it folk net gean, en hy liet it folk net gean, en hy liet it folk net gean...’ Har lûd ebbe stadichoan fuort.
‘When we talk about the Kingdom of God,’ gie domené fierder, ‘we have to separate two things. First...’ Hy wie der gau oerhinne. Hy hie in mislik bekje, seach ik ynienen. De ûnderlippe hong. De tosken stieken nei foaren ta. Ik woe derút rinne. Mar ik wachte it amen ôf. Wy songen. Doe wie it bidden. En wy krigen de seine mei. En doe wie der kofje. En dêr hie ik forlet fan ek.
De middeis giene wy to biljerten. Ik geat my fol mei turkse kofje. Doe't wy wer yn it hotel wiene, wie ik yn 'e skiterij. It mocht my net heuge dat ik hwat
| |
| |
forkeards iten hie. Of winlik hiene wy oars neat dien as forkeard ite. Mar ik koe der oer. Dat hie ik foar hawn. Ik friet tabletten.
Wy koene earder fuort. Acht ûre hiene wy de koffers klear. Wy dronken kola. Tsien dre wiene de bussen der. Wy soene mei de trein nei Aleksandrië. Dêr lei in boat foar ús klear. Wy soene nei Marseille.
De hostess fûstke mei kreas klaeide hearen. Ik tocht, ambassadeurs. Yn alle getallen, hja giene net mei. Wy rieden. Hja wiuwden. Wy wiuwden. Wy rieden. Dat hiene wy foar.
De trein siet stiiffol. Wy moasten mei fjouwer man op in banke. Guon sieten yn it gongpaed. Foar't wy útein setten, kamen de blinen foar de ruten. It wiene houten harmonikaskerms. It gie net hurd. Wy sieten dêr't wy sieten. Wy praetten suver net. Ik hie de greate tas op 'e knibbels. Ik line derop mei de earms. It wie mar it bêste en biweech net. Dan siet it noch wol noflik. Sa lang as it duorre. Ik hie in amearikaens frommes njonken my. Hja wrotte hieltyd mei de earms. Ik woe my Iytser meitsje. Mar ik koe net forskikke. Oan 'e oare kant siet Oebele. Us knibbels rekken inoar.
De trein skokte dat it hwat die. Foar my oer stiek in amearikaen in sigaer op. Ik miende, hy hearde by dat frommes. Hja wiene beide yn 'e fyftich. Mar hja praetten net. Hwat koe it my ek skille. Mar ik frege 't my ôf, de hiele reis lang. Hy blaesde de reek omheech Hy siet ek nau. Ik koe net by myn sigaretten. Sieten yn myn broekbûse. Soene wol moai plat wêze. Ek stom fansels. En it wiene al fan dy losse sigaretten. Us eigen wiene wy al lang trochhinne. Wy hiene se yn Kaïro kocht. Fuort tabak yn 'e mûle. Nei in pear lûkjes al. It wiene waerdeloaze dingen. En it bier dêr wie ek net to sûpen. It siet yn griene literse flessen, sûnder etiket. Miskyn wie it ek wol wasbensine. Wy hiene in pûdfol iten meikrigen út it hotel. In gelok dat ik it boppe yn 'e tas lein hie. Ik koe der krekt by. Der siet bôlle yn. Der wie in aei by. Ik hie sin oan dat aei. Mar ik woe dêr net sitten gean to dopjen. Miskyn wie it net hurd sean. It koe wol weak wêze. Hwat in gegriem soe it dan wurde. En as dy keardel by dat minske hearde... Hja wisten ek net dat ik by Oebele hearde fansels. Ik krige in stik bôlle. Ik moast net tinke. It hie neat om hakken. It wie bispotlik hwat ik allegear byinoar prakkesearre. It wie gjin ham. Ik lichte it boppeste stikje op. It hie wei fan ham. Mar de smaek wie oars. Oebele stiek in sigaret op. Hy bea my net ien oan. Hy hie gjin fjûr.
‘Jow my ien,’ sei ik.
Ik frege fjûr oan de amearikaen. Hy tikke mei de finger op 'e sigaer. It klobke
| |
| |
jiske foel oer de flier. Hy fage it fuort mei syn skoech. Hy hâldde my de sigaer foar. Der siet in read puntsje oan. Ik trille. Wy smookten. Ik iet noch in stikje. Ik hie toarst. Wy hiene gjin drinken. Wie ek net to krijen fansels. Wist ik mar of dat aei weak wie, ja dan né. Wie ik noch yn 'e skiterij? Ik hâldde my de hûd stikken. Ik hie oars tabletten genôch hawn. Miskyn koe ik wol noait wer nei 't húske. Ik die de pûde ticht.
‘Bliksem, jonges! Tenks!’
Wy skrillen op. Doede hie it skerm omheech draeid. Njonken ús waerden wy in frachttrein gewaer. Der stiene tenks op. It wie dûbeldspoar.
‘Wy dekke dat tenktransport,’ raesde Doede, ‘Ha jim dat wol troch? Dy idioaten!’
‘Jawis,’ pipe Henky, ‘wy ride lykop.’
Aly jammere: ‘Ticht dat rút! Se bombardearje ús deal O, God fan Israël!’
‘Abram, Isak en Jakob,’ lake Oebele. ‘Iepen dat rút' Doedel Dy tenks dekke ús! Hallélûja! Ik sjoch it al stean: israëlisch bombardement doodt honderden toeristen. Jonges, dat kin net. Der kin ús neat gebeure.’
‘Hwat do you mean, halleluja,’ frege de amearikaen.
‘Peter!’ rôp it frommes njonken my. Mar doe wiene wy al yn Aleksandrië. Lykwols, ik tocht it fuort al
Wy moasten wachtsje op de bussen dy't ús nei de haven bringe soene. It wie healwei fjouweren doe't wy út 'e trein stapten. It wie noch nacht. Wy wachten bûten it stasjon. Wy setten koffers en tassen del. Guon giene op de koffers sitten. Oaren leine al oer it trotwaer, tassen ûnder de holle. Dy't sliepe koene, sliepten. Ik iet myn apel op. Ik die der lang oer. Mar it duorre in ivichheit foar't de bussen kamen.
Tsjin healwei seizen bigoun it ljocht to wurden. Oebele stie tsjin in ljochtpeal oan to pisjen. De moanne waerd bleker en bleker. Achter de huzen kringele in wolk fan rikke omheech. Pottebakkers. De sinne gie op. Stadichoan kaem er boppe de wite dakken. Heger en heger. Ik bisefte, wy hiene moandei. Wy hiene net sliept. Seis ûre kamen de bussen. En wy wrotten wer om mei to kommen. Ik hie noch ien stik bôlle. En it aei.
Wy leine op 'e treppen fan it havengebou. Njoggen ûre al bigoun it hiter to wurden. Der wiene daliks keaplju. Hja raesden omraek. Mar wy wiene hwat wend. Dochs kochten guon kamelen. Men koe der op sitte. Sa sterk wiene se. De keapman die it foar Dat dy kameeltsjes sa sterk wiene, dêr koene wy net
| |
| |
by. It liken mar fan dy dinkjes. Ien forkocht sieradeguod. Ringen, kettinkjes, earhingers en earmbannen. Hy hie syn waer yn in doaze. Friesche Vlag stie derop. Dêr hiene wy niget oan fansels. Hy koe in pear wurden hollânsk. Dêr wie de ein fan wei fansels. Hy hie yn Amsterdam west. Dat wie de moaiste stêd fan dit ierdryk fansels. Dêr woene wy wol oan. En hy mar forkeapje... En mar raze fan Ajax, Ajax.
‘De boat, jonges!’
Dukke hie de haven oer west. Hy stie foar ús yn syn nikkerbokker. Fierrekiker om 'e nekke. Wy hearden noait nei Dukke. Hy wie in flinderfanger. Mar doe woene wy wol. My tinkt, hiel even, sûnder erch, ûnbiwust, stie er dêr as ús forlosser. En dat gunden wy him ek. Dukke wie miskyn wol in puike fint. As wy him mar hwat opfongen. As wy wer thús wiene, moasten wy oars hwat mear mei him prate. Dat wie net iens sa raer. En ris mei him om kofje. Dan foel er ús net iens ôf. Wedzje? Dat gefoel. Dat hiene wy allegear. Koe net oars.
Wy giene de kaei op. De boat wie noch in ein fuort. Mar wy mochten allegear even troch de kiker sjen. Dat holp. Stom eins. Dat wy sels gjin kiker meinommen hiene. Dukke praette oan ien tried wei troch. Wy mochten him lije.
‘Moai broekje hast oan’, sei Ale. Mar wy koene Dukke oars net as yn in nikkerbokker.
‘Nikkerbokker, jonge!’ sei er.
Hwat laken wy doe. Dukke kaem net mear by.
‘Dat is ús boat net,’ sei Tomas. ‘Dat is in russise boat. Sjoch sels mar.’
Hy lange Oebele de fierrekiker oer. Oebele seach. Wy wiene allegear stil. ‘In russise boat, jonges,’ lake Oebele. ‘Hwa moat noch in kameeltsje?’
‘Allegear kommunisten!’ rôp Aly. ‘Ik wol hjirwei!’
Guon rounen werom nei in havengebou. Wy bleauwen op 'e kaei. It duorre in healûre foar't de boat de haven yn dreau. Ynienen wie it swart fan minsken. Hja tôgen mei koffers en tassen. Der wiene twa lângongen. It wiene net allinnich russen. In pear tsjecho-slowaken waerd ik gewaer dêr't wy mei swommen hiene yn Luksor. It wie krekt oer alven doe't de boat ôffear. De passagiers swaeiden mei bûsdoekjes. Hja wol.
‘Dat in minske sokke letters lêze kin,’ sei Oebele.
‘Dat is mar krekt hwatst wend bist,’ sei ik.
Wy forfeelden ús. Wy wiene skjin oan ein. Doe't wy wer by it havengebou
| |
| |
wiene, leine guon to sliepen op 'e treppen. It wie ús wol goed. Us tiid soe noch wol komme. De keaplju wiene ek al fortrokken.
Tolve ûre kaem ús boat. Der wie ynienen spanning. Wy giene oan board. Wy soene hurd fuort. Mar it waerd twa ûre.
Lykwols, doe't wy biweging fielden, gie der dochs hwat troch ús hinne. Dit wie it momint. Dit moast it wêze. Dêr't wy op wachte hiene. En? Ja, wy fielden ús dochs noflik.
Ik stie op it achterdek. De stêd waerd wei. As ik mar lang genôch wachte. It lêste wie de fjûrtoer fan Aleksandrië. In wrâldwûnder.
It wetter fan de Middellânse Sé wie yndie like blau as op printkaerten. Dat wetter sa blau wêze koe. Dêr koe ik net by.
Der fear in oarlochsskip mei ûs op. It lei in heale kilometer fan ús ôf. Oan 'e linkerkant. Ik sette it op 'e film. It skip wie griis. It blikkere yn 'e sinne. Der wiene lopen to sjen. Kanonnen. Ik die oars net as filmje. Lykwols, it fear gewoan mei ús op. Mei deselde faesje. Aly stie it net.
‘Salang't dat skip dêr fart, bin ik net rêstich.’
De oare deis sei hja: ‘Dêr hast it gedonder al!’
Der skearde in israélise strieljager oer de boat hinne. Mar dy rukte yn. Letter wie it oarlochsskip ek fuort. Doe bigoun Aly to gûlen. It wie net om oan to hearren, sa't hja to kear gie.
Wy hearden, de radarynstallaesje fan de haven yn Aleksandrië wie bombardearre. Twa ûren nei't wy ôffearn wiene. Der kaem gjin skip mear út.
Aly sei: ‘Hwat ha 'k jim sein! En jim woene my net leauwe. Nou sjogge jim it sels. En dou mar biweare, it is allegear neat. Nou sjochst it sels. Wy meije bliid wêze dat wy hjir
‘Bekhâlde!’ heasde Oebele
De woansdeis giene wy foar anker foar de haven fan Auguste, Sisilië. Bytenke. It duorre in hiele dei. It wie smoarhyt. Wy leine op it dek to sinnebaeijen. Oebele wie stillich. Wy hiene in swimbad. Fiif by twa. Aly lei der yn. Hja dreau op in opblaesboatsje Dukke stie allinnich by de reling. Hy seach troch syn fierrekiker. Hy hie syn nikkerbokker oan. Ineke stiek in sigaret oan. Wy hiene de radio derby It wie to hyt om hwat to dwaen. Hwat moasten wy ek. Ik hie myn aei noch. En ik hie in taske kocht foar Elske. Dochs hie ik noch soldaten filmje moatten. Hie de muoite wurdich west. Dy tabletten hiene dochs wol holpen.
| |
| |
Achterôf wie alles wol to forklearjen. Dat der lege plakken wiene yn it Egyptys Museum, dat doogde al net fansels. Doe hiene wy it witte kind. Mar wisten wy folle. Mar doe siet alles al yn bomfrije kelders. Koe net oars. Soe my binije hoe't dy elpees wiene dy't ik yn Kaïro kocht hie. Koe wol ôffalle. Elske soe it taske wol moai fine. Hwat oars. Hja wie net sa wyld fan sieraden en sa. En ik wist har maet ek net. Dochs wie dat wol in aerdich jakje. Ik moast oars Ineke dy foto mar jaen. Wie ek wol hwat mislik fan my. Wist ik ek wol. Ik hie ommers neat oan dy foto. Né ommers. Siz nou sels. It wie ek bispotlik. Foarlopich hoegde ik gjin kola mear. Harrekrammele, krastyjanus. En dat bier wie net to sûpen fansels. Ik stiek in sigaret op. It wie wer allegear tabak. Mar wy hiene wer west-europese tiid. En dat makke in soad goed. Aly lake. Hja rôp fan kom der ek yn. Lekker, jong! Hja klapte mei de platte hân op it wetter. Hja roeide mei beide earms. Hja sloech mei beide fuotten.
‘Hast dêr nou forstân fan?’ frege Oebele.
‘Ik wit net mear hwer't ik forstân fan ha,’ sei ik.
‘Komt wol,’ sei Oebele.
Ik sei: ‘Ik wit net.’
‘Ik ek net,’ sei Oebele. ‘Dat mochst wol earlik witte.’
Twa dagen letter sieten wy yn it fleantúch fan Marseille nei Skiphol. In stewardess brocht ús de krante. Wy liezen dat wy feilich oankommen wiene op Skiphol.
Oebele sei: ‘Dêr sille wy it dan mar op hâlde.’
‘De Telegraef,’ sei ik
‘De Telegraef,’ sei Oebele. ‘En Aly sil har potsje wol gûle aenst, dêr kinst donder op sizze’
‘As har mem der is, wol,’ sei ik.
‘Dy is der,’ sei Oebele. ‘Aly har mem is in sénuwpees.’
Dêrnei seine wy gjin wurd mear. Doe wiene wy útpraet.
Op 'e Ofslútdyk frege Oebele: ‘Hast noch hwat foar Elske kocht?’
‘In taske,’ sei ik.
‘Hwat moatst ek oars,’ sei er.
‘Dêrom,’ sei ik.
‘Wy moatte ris prate,’ sei er.
‘Dat moat altyd wêze,’ sei ik. ‘Dou witst hwer't ik wenje.’
|
|