Trotwaer. Jaargang 10
(1978)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 299]
| |
[pagina 300]
| |
2.Tûn fan frou en bern forlitten,
gjin houn slacht om 'e doar -
siet dêr in geit oan tsjoar?
gjin fuotstap komt noch fan 'e strjitte.
Stikel hat gjin boadskip oan forline,
hwat wyn ek skuort oan beam en blinen,
gjin spoar.
| |
3.Hwat sjoch ik achter dizze blinen?
keamer: souder, flier en muorren?
wjekken yn 't bihang
fan skimerlamp' en skilderij - ek skuorren?
Ik stean hjir al to lang
om in tried fan nou nei doe to finen:
linepeallen stean' al tiden sûnder linen.
| |
[pagina 301]
| |
4.Hwa hie dit húske yn 'e holle
en hat hjir altyd wêze wollen:
in hús, in tún, en frou en bern?
Men moat sa't skynt in plak ha
om it to forlitten,
in antwurd om it to forjitten,
hwat binne wie, forlern.
| |
5.In hús dat stiet,
in hiem dat der sa hinne leit,
hok en honk, in stoel dy't sit,
hâldfêst foar beide hannen, hwa?
Hoelang foldogge bank en bêd?
Hwa seit ús de bliuwende stêd?
Wenje en wenne is twa.
| |
[pagina 302]
| |
6.Hwat in hús kin: stil en ûnbewinne
stiif stean fan it alderiensumst lok,
soenen wy dat kinne?
In minsk allinne, sûnder hannen,
rau en rudich yn 'e lannen -
forjitnis lûkt yn holle en hert,
mûle stiet ús nei gebet noch flok.
| |
7.Gjin fragen, hwat oerbliuwt is genede
fan seizoenen: blêd en snie
bidobje hwat in heimnis wie.
In muorre sakket yn: wy woenen
wol mei har it dak oer de eagen -
rust rûkt oan de dagen,
op ús forline rottet frede.
|
|