Trotwaer. Jaargang 10
(1978)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 187]
| |
1. FwarmjouwingBesjócht men de bóndel fon Adri van Hijum (syn earste, dot tagelyk de ôslútting is fon 12 jier dichterskip) mei un heal each, don fôle jin de flaters yn fwarmjouwing sasear net óp en kin men wakker wiis wêze mei dit ynysjatyf: beholven 16 fersen befettet de bóndel tsien syden byldzjend wurk yn swartwyt fon seis ferskillende keunstners, elk fwar oar ferbûn oan de Akadeemje fwar Byldzjende Keunst Minerva te Greens. Sa'n ynysjatyf fertsjinnet un plóm. ut lykóprinnen fon byldzjend wurk en poëzij mast mear oanmoedige en stypeljerre wurde. Ut is dêróm ek net goed te krijen dot fwar dizze bóndel gjin subsydzje fon KRM of fon de provinsje te krijen wie, of ut mast wêze dot de fersen helte minder fon kwalyteit binne os dy út wól stype bóndels (ómmers dot is ut jinnige fergelykingskrytearyum fwar de ûnderskate adfyskómmisjes). No koe de bóndel oars net ferskyne os yn de skûlrige en dus bûtten de dyrekte ferontwurdlikens fon de K.U. Ut kin wêze dot de fwarmjouwing dêrûnder lit hat: de 16 mei de hôn skreone fersen fertoane 14 fon flaters yn ut skriuwen: - gwón letters binne net of ferkeard skreon: bg. syde 4, r. 6: noa men yn stee fon noarmen; syde 12, r. 4: hoch yn stee fon troch; syde 17, r. 4: mijn yn stee fon myn; syde 22, r. 5: ienen yn stee fon ieuen; - gwón punten binne samar earne delset: bg. syde 6: efter ut earste kûplet wól un punt, efter ut twadde net; - gwón fersinnen fon de kallygrafeur binne gewoanwei net ferbettere en fólle net genôch. Sneupt men de bóndel mei sin tróch en skrost men olle flaters oan, don slagge dy flaters óplêst sa fwar master óp, dot men gjin tagóng mear hat ta de djipte fon ut fers: de fwarmjouwing fon de teksten keart de lêzer yn syn poëzijbelibjen óp. Ik ha olle war dwaan matten óm tróch te kringen ta de ynhôd fon de fersen sûnder steurd te wurden fon de flaters. De fwarmjouwing is dus mei-beskiedend fwar ut oerkómmen fon un fers. | |
[pagina 188]
| |
2. KarTwa-tredde part fon de 16 fersen út de bóndel Fersen 1965-1977 hawwe jerder stien yn de jiergóngen 5 (1973) oant en mei 7 (1975) fon Trotwaer. De top fon de produksje fon van Hijum, dy't er no noch goed genôch achtet fwar un plakje yn syn bóndel, leit dus yn dy jirren. Ik ha seis fersen teld dy't wól yn Trotwaer stien hawwe (ek yn de jirren 1973-75) mar net yn de bóndel ópnómmen binne en ik ha fiif fersen teld dy't wól yn de bóndel ópnómmen binne, mar dy't net jerder yn Trotwaer stien hawwe. Safier 't mij bijstiet ha ik yn olle gefollen mear os ien fon dy lêste fersen wólris ûnder eagen hôn. Dêrmei bliuwe der net mear os trije fersen oer, dy't mooglik fóár 1973 skreon binne (of ut mast wêze dot van Hijum syn fersen jirrenlang yn ut laad lizze lit). Sóks fêst te stellen relatyfjerret de tytel wól wot fesels; un tytel os Fersen 1973-1976 klinkt ek hiel wot minder pretinsjeus. | |
3. TekstenFergelyking fon de teksten út de bóndel mei de teksten út Trotwaer smyt net sa'n soad óp oan ferskillen. Jir en dêr wot typografy, un wurd, un tytel; yn Trotwaer yn olle gefollen minder setflaters. De ópdracht fon gwón fersen út Trotwaer mist yn de bóndel fólslein; dêrtróch binne ut minder gelegenhydsfersen wurden. Ut fers Tael 3 (syde 17) is tróch sa'n wiziging ek yn syn meidieling feroare:
Net alles is sizber
djippe emoasjes misse wurden
en
mijn emoasjes binne dines net
5[regelnummer]
lit stean myn talen fan
mar
gedachten fortaeld
kinne begryp jaen
talen is dielen mei
Yn Trotwaer 5 (1973), nû. 5, syde 232 stiet ditselde fers ôprinte ûnder de tytel Unsizber sizber mei de opdracht oan P.J.S. en yn stee fon de jirbóppe sytjerre rygels 6-9 de fólgjende rygels:
mar
gedachten fortaeld
moatte
| |
[pagina 189]
| |
folslein bigryp jaen
10[regelnummer]
talen is dielen mei
De dichter drukt yn ut lettere fers un hiel oare gedachte út. Syn jerder óptymisme fwar de taal oer os abslút en abslút goed funksjonearjend medyum is wól wot belúnne. Ut bijslype fers jouwt grif eksakter wer wot de persoan fon de dichter joeddedei tinkt fon de mooglikheden fon taal. Dêrmei kómme wij ta ien fon de tema's fon ut dichterskip fon van Hijum: de taal. | |
4. FwarmDe fwarm fon de fersen fon van Hijum kinne wij kwart oer krieme. Ut binne meast frije fersen; der is suver neat te bespeuren fon un besykjen un ritme yn de fersen te krijen mei help fon rym, lûûdpetroanen, ômetten tol wurdlidden de rygel en effekten. Dêrtróch kómt olles oan óp 'e ynhôd fon de fersen. Ut binne hast afoaristyske stellings, de wurden steane samar, tafollig óp pepier en hawwe neatyn har fon: ‘dit wurd stiet jir óp ut krekte plak, un oar wurd óp dit plak of dit wurd óp un oar plak soe ûnmooglik wêze’. En dot is ien fon myn beswieren tsjin de fersekeunst fon van Hijum: ik kin mij os lêzer te maklik te fólle oare soartgelykense fersen yntinke, dy't (lykernôch) utselde sizze os dizze fersen. Soe't net sa wêze, dot fwar un goed dichterskip ut krekte wurd, it jinnichst mooglike wurd óp ut krekte plak un earsten eask is? | |
5. YnhôdTwa tema's fôle jin fwótdaliks óp: de ik-figuer dy't syn ôder wurden, de drank en de leafde stal jouwt yn wurden; en de wurden sels, de taal dy't net (mear) is os de ik-sprekker wól ha woe. Un dúdlik fwarbyld fon dotlêste skift is ut fers Dichterke (syde 18) dot un mooi taposlike yllústraasje njónken him hat: un monspersoan mei un piip en un got os fon un perforator yn 'e hólle en un ûnbidig grutte mûle en letters dy't út syn kop óprize:
De iene is de oare
in gat yn 'e holle of in mûle
net bigripend talend nei bigryp
dat de loft net tille kin
5[regelnummer]
wurden binne letters
op 'e snijtafel fan 'e chirurch
dy't der soms yn slagget
de oarsprong to finen
De operaesje slagge
| |
[pagina 190]
| |
10[regelnummer]
de sike dea.
Soe de ynterpretaasje net sa wêze matte, dot de iene dichter krektlyk os de oare un letter is, dot wól begrype en begryp jaan wól, mar sóks sûnder de wurden net ut stribjen nei begryp, de funksje fon de wurden: libben. Sa binne der mear fersen, dêr't men mei wot keunst en nyfelwurk wól wot begryp út meitsje kin. De kwarte stellings en inkelde rygels prykje wól, mar ut bliuwe meast lósse ópmerkings dy't ut lósse sôn wól hawwe, mar de kalk misse óm mei semint ta un hecht hûûs te wurden. De kwarte gedachten fon syde 21 (hast un haikû!) en syde 28 binne yn ol har ienfôd helte dyrekter os de wot langere (praat)fersen, wont sadré't de fersen justjes langer wurde os stellings rinne se gauw út óp gepraat. | |
6. BeslútWiis kinne wij mei dizze earste bóndel fon Adri van Hijum net wêze, ek ol sprekt mij ut ynysjatyf oan en binne de tekeningen best ferswarge. De redakteur fon Bijeengelezen (L.C. 4-3-1978) dy't dizze bóndel de bêst ferswarge fon 1978 fûn, soe beholven nei de yllústraasjes ek ris nei de letters sjen matte. Dêr't ik nog net mei sizze wól, dot dizze fersen safólle minder binne os dy út wól subsydjerre bóndels. Ik ha ómmers gjin fergelyking makke; dot wurk mat de adfyskómmisje mar ris públysjerje. |
|