Oan de meiwurkers
Om de printer to skewielen en dêrmei it tal printflaters ensfh. sa lyts mooglik to meitsjen is it saek, dat de kopij, dy't de skriuwers by de redaksje ynstjûre, sa kreas en sa dúdlik mooglik typt is. De redaksje wol alle meiwurkers minlik forsykje de neikommende oanwizings yn acht to nimmen:
- | brûk by foarkar papier fan it formaet A-4; |
- | brûk allinnich de foarkant fan it papier; |
- | typ de kopij, leafst mei in rigelôfstân 2; |
- | hâld boppe de tekst fiif sintimeter frij; |
- | hâld oan de lofterkant fan de tekst fiif sintlmeter frij; |
- | spring om nije alinéa's oan to jaen in pear letters yn; |
- | ûnderstreekje wichtige wurden: dy wurde dan set yn skeanprint; |
- | typ net mear as ien fers op ien side; |
- | nûmerje de kopijfellen; |
- | set boppe jins artikel/forhael/bisprek earst Jou namme, dêrûnder de titel fan it fers/bisprek ensfh. en dêrûnder de titel fan it to bisprekken boek (yn foarkommende getallen); |
- | skras sa min mooglik yn de tekst; brûk foar forbetterings de lofterkant fan de tekst mei help fan forwizingstekens; |
- | skriuw suggestjes of oanwizings foar de lay-out net op de kopijfellen, mar op in apart feltsje papier. |
Yn 't foar tige tank foar Jimme meiwurking.
De redaksje