ferskyningsjirren fon de earste bóndel fon un skriuwer, dêr't ja út blómlêze, os útgóngspunt óm dy syn plak yn de bóndel te bepalen. Dy óplóssing, of olteast un farryont deróp, hat Anne Wadman ek ol fwar kar nómmen yn syn Frieslands Dichters (1949), dot de gearstallers hûgden net benauwd te wêzen fwar un brek mei de fryske blómlêstradysje. De gearstallers hawwe neffens ut fwarópwurd ‘de hiele literatuerskiednis sa'n bytsje meinimme’ wóllen en hawwe grif méér wóllen os ut oanbieden fon un tol fersen dy't yn ‘in skoalblomlêzing net misstean soenen’. Ja hawwe dúdlikernôg keazen fwar un hystoaryske lijn, oars hienen se de fersen lykegoed óp de fólgwarder fon ut abie ópnimme kinnen. Mar de hystoaryske lijn fon de gearstallers doocht net. De learlingen, dêr't sa'n blómlêzing útsoarte fwar ornjerre is, dy't sûnder euvelmoed begjinne te lêzen, soene tinke kinne dot Lieuwe Hornstra fon deselde lyterêre generaasje is os Yke Boarnstra en dot Ella Wassenaar fon deselde generaasje is os Douwe Tamminga ómt dy-en fwót efterenwar stean; ek Geart van der Zwaag wurdt óp dizze wize net terjóchte yn ferbôn brócht mei Tsjits Peanstra en Freark Dam. Op dizze foet sit der fwar de learlingen hielendol gjin lijn mear yn de blómlêzing. Mócht ut nógris ta un twade printinge kómme, don soe de fólgwarder neffens bóppeneamd ydee ut nijkómmende byld jaan fon de ûntjouwing fon de neioarlochske fryske poëzij: Wadman, Dam, Jonkman, Visser, Dykstra, Van Tuinen, Sikkema, Brouwer, Miedema, Wybenga, De Jong, Piebenga, Mulder, Dotinga, Van der Ploeg, Peanstra, Van der Leest, Van der Zwaag,
Daniël Daen, Riemersma, Wijngaarden, Bijlsma, Van der Geest, Hornstra. (Ut seit himsels, dot ik yn dit rychje ollinnig dy dichters neam, dy't yn de Kar un plakje fûn hawwe.) Fwar inkelden, dy't sels hielendol nooit of hiel let earst bóndele hawwe, kin un plakje socht wurde neffens har earste tydskriftepúblykaesje, sa't Wadman dien hat, fwarsafier't ik dot besjen en beoardielje kin. Dizze fólgwarder soe de learlingen fólle mear hôd jaan óm út te meitsjen ot en yn hûfier't der praat wurde kin fon ynfloed fon de dichters óp elkwar, fon grûppen fon dichters óm biskate tydskriften hinne en fon generaasjes. Op sa'n foet wurdt de lyteratuer fwar de learlingen mear un kaart, un puzzel mei stikjes dy't bijelkwar jerre en ynelkwar posse os un rige fon lóssteande skriuwersnammen en tytels fon fersebóndels.
De kar sels fon de karmasters kin ik wól un hiel ein hinne meistimme; der binne lykwóls un tol beswieren: lyteratuerhystoarykse lykegoed os ûnderwiiskundige
Ut fôlt mij fon de gearstallers ô, dot ja har fwar de ferantwurdlikens fon har kar weiwyne wólle. Oan de iene kont wólle se wól un blómlêzing jaan dy't de hiele lyteratuer ómfiemet; oan de oare kont skrille ja der fwar tebek óm út de moderne tiid un kar te dwaan mei un stereotyp beróp óp ‘de tiid, suver in souwe op himsels.’ ‘De tiid’ is un apstraksje en kin gjin ferantwurding ôlizze fon syn dwaan en litten. Wij kinne os lyteratuerlêzers en -brûkkers de fersen fon ús dichters net ûnder de klok lizze en don kolm ôfwachtsje wot ‘de tiid’ der útskiftsje sil en wot de tiid fwar ‘de ivighyd’