Ik haw de briefwiksel sels net lêzen (en ik hoech him ek net to lêzen), mar ik leau Breuker op syn wurd en nim oan dat it ek werklik oer datsoarte dingen giet. Mar dan freegje ik my al ôf hwer't dizze útjefte syn wichtigens weihelje moat. As der yndie gjin oare dingen op it aljemint brocht wurde, moat syn literair-histoaryske ( = dokumintaire?) wearde yn alle gefallen nul-komma-nul-ien wêze. Dat de gearstallers fan dizze útjefte har ek noch forliede liften hawwe en publiesearje brieven hweryn't leafdesforklearrings dien wurde, hat mei it literair-histoaryske fansels al lang neat mear to krijen. Breuker har dêr sels ek wol muoite mei: ‘De fraech nei it moarele rjocht fan de útjefte fan brieven kin net twingender wêze as yn dit gefal.’ Dat er dan lykwols oan 'e ein fan syn bisprek dizze útjefte dochs goed krije kin (en mear as dat), fyn ik nuver, en ynkonsekwint boppedat. As steld wurdt dat it weet-hawwen fan it libben fan in skriuwer in oantrún ta de stúdzje fan it wurk fan dy skriuwer wêze soe, komt men op gefaerlik terrein. It hâldt ommers yn dat allehande omstannichheden dy't de skriuwer parten spilen fan bilang wêze kinne (of yn alle getallen meispylje meije) foar de lêzer by de konfrontaesje mei it literaire produkt. En kin dy lêzer dan syn wurdearring noch wol ûnôfhinklik hâlde fan hwat er ôfwit fan de skriuwer? Miskyn wol, mar it sit der ek dik yn dat er him liede lit troch allehande kritykforsêfters as, bygelyks: ‘dat ien yn sa'n sitewaesje noch sa skriuwe koe’ of ‘hja wit hwer't hja oer skriuwt, hja hat it meimakke’ of ‘dy man hat slim siik west, dat jowt oan dizze fersen dochs mear ynhâld’ of, yn it earste stadium by wize fan oantrún: ‘sa'n minske fortsjinnet dochs om lêzen to wurden! It literaire
produkt mei, nei myn bitinken, noait biwiis en bifêstiging wurde fan de persoanlike en spesifike omstannichheden dêr't de skriuwer fan dat produkt yn siet. En in lêzer dy't dêr weet fan hat sil altyd fan it wurk út weromlêze wolle nei de persoan fan de skriuwer ta.
Breuker syn opmerking dat de beide skriuwers ús ek as minsken nei wurden binne, fyn ik mislik. Dat soks ek noch yn ‘Trotwaer’ stean kin, fyn ik noch misliker. Dat dy beide skriuwers ek noch minsken wiene, hoe bistiet it. Dat hja noch leafhawwe koene ek, is 't net raer. Dat hja likegoed as wy har swakheden hiene, hwa hie dat tocht. Mar wy steane op itselde nivo, wy en in skriuwer, gelyk, dat ik dit noch meimeitsje mei. Us laech en skriuwers, né, dit is tofolle. In skriuwer moat ek poepe! Dat it noch stjonkt ek, dêr is fansels de ein fan wei. Dêr bouwe wy in feestje op. Lykwols, forskil moat der bliuwe. By him op 't húske hinget in blockje 100 fel houtfrij, linejeard skriuwpapier. ‘Hat domené ek in pimeltsje. mem?’ ‘Né leave, in krús.’
De brieven, foar de kennis fan de persoanlikheden jowe se wol safolle. Dêr hie Breuker, fyn ik, syn konsekwinsjes út lûke moatten. As ik lêze moat dat it har (Kloosterman) grif net lang pleage hat dat se wer ‘Jy’ ynsté fan ‘dû’ skreau, dan kin ik wol spuije. As dan al fan oantrún praet wurde moat, dan is der foar my inkeld oantrún ta gjin inkelde stúdzje fan it wurk fan beide skriuwers. Harrekrammele krimenélis, né.