Trotwaer. Jaargang 10
(1978)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 56]
| |
[pagina 57]
| |
en jouns en nei
safolle jounen
joegen wurden net
de polsslach fan
syn hert
waerd lûd net mear
bimongen yn 'e skreau
dy 't er hast liet
| |
[pagina 58]
| |
hy koe de nachten
oan har slaggen
en fielde dan har
klinkend tsjuster
sa djip forfoarme
yn dy mûle
fan dat mins
dat kiste waerd
| |
[pagina 59]
| |
ier doe 't in
nije dei en
gejeuzel wer oanboazen
is er út de trein stapt
sûnder noch to witten
hwer 't de swiere krêft
him dellei
naem er lûd en wurden mei
|
|