De lêste út 'e rige is Trinus sels en de skriuwer biheint him derby ta formele saken, torjocht fansels, en lit foar it oare de ûnderskate kritisi oan it wurd. Ik wol hjir net wiidweidich myn miening oer Riemersma as forhaleskriuwer foar oer sette: by it lêzen fan syn forhalen wurd ik gauris (dat bitsjut dus wier net altiten) meast boeid troch syn eksperimintearjen mei sawol foarm as ynhâld, as troch it foltôge wurkstik an-und-für-sich, dêr't ik sa'n wurd om siz. Oars as by syn romans ûnderskied ik yn dy forhalen tusken dy twa, hoe moat ik it sizze, né, fasen?, ek net, manifestaesjes dan mar. Yn de romans falle forwurkliking en einrisseltaet gear, is de spanning fan kréearjen en kréaesje ien.
By it lêzen fan de forhalen bliuwt der soms oan 'e ein by my in lichte toloarstelling oer, net ûngelyk oan de gefoelens nei it lêzen fan it lêste part fan it boek ‘It koarte forhael’. It greate, earste part bin ik o sa wiis mei.
It boek is knap útjown troch de Koperative Utjowerij, Ljouwert (1977), it is nr. 19 fan de rige ‘Minsken en Boeken’, it is nr. 508 fan de Fryske Akademy. It is treflik korrigearre en dêrtroch falt it op dat it wurd printflater op side 151 (side 107 yn it tolve-tallich stelsel) ôfprinte is as prinflater. Dat kin gjin tafal wêze, mar it is fansels ek net mei opset sin bard. Dus hwat is it al?
Hwat moat ik mear fan it boek sizze? O ja, dat it net yn de Riemersma-stavering mar yn de tradysjonele útjown is. Ik wol der wol by sizze dat ik dêr bliid om bin. It laet net ôf fan de tekst en al is it lêzen fan de Trinus-stavering net ûnmooglik, ik bin to âld om my oars as strampeljend troch sa'n tekst to biwegen. Fansels is it it goed rjocht fan Riemersma en skriuw syn eigen-oanrette stavering, namsto mear om't dy goed trochtocht en radikael is. Beide gjin deiske dingen yn Fryslân, like min as in literair talint as dat fan Trinus Riemersma. It iennichste dér't Friezen gauris radikael yn binne is de driuw ta selsforneatiging. Nou kin men fansels tinke dat Riemersma syn staveringspraktiken dêr ek út fuortkomme, dat er him tokoart dwaen wol as Frysk skriuwer mei syn publyk hieltyd mear to biheinen, mar dat leau ik net. My tinkt, dat syn wize fan dwaen it radikale andert is fan in kunstner dy't sjocht hoe't kultuerbolsjewiken mei gâns foarsizzen fan kommend heil o sokke lytse loartjes draeije. Dit is hineininterpretieren, om it yn 'e tael fan Benno von Wiese c.s. to sizzen, mar ik leau dat ik gelyk haw, al soe de man sels (Trinus bidoel ik, net Benno) my swart op wyt biswarre dat it oars is.
Mar àl tink ik, en dat modifisearret it oardiel dochs wer hwat, dat Trinus sa njonkenlytsen in skriuwer sûnder yllúzjes is, in skriuwer dy't wit dat it Fryske Fryslân gjin gefoel hat foar kunst, dat it net radikael is en dat it net sjongt. En dat Frysk mear hwat is foar M.U.-stúdzje; al woe ik dan dat ophimmele (s. 10 = blykber Holl. opgehemeld) hwat forhimmele waerd ta opstrynt of sokssahwat. Ta dizze abbegaezje, dêr't ik sels fan tink ‘moat dat nou?’, kom ik mei't ik noch hieltiten net formoedsoene bin mei myn ûnbifredige wêzen mei de ein fan it boek.