Trotwaer. Jaargang 9(1977)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 240] [p. 240] Mayke Sakis Bernsk woarn de stilte sjocht har eagen nei de tinzen lizze oer de flier it sykjen nei 't begjin is oer dit is in libbenslang gerjocht de drokte stekt har holle oer de sûker kreaket op 'e groun har bern sil komme fan 'e moarn (der wurdt sein hy is al jierren dea) de dei die falt har út de hân de sliep op 't kastje neist har bêd forvaret yn in swarte kûle mar der is gjin ontkommen oan [pagina 241] [p. 241] Âld wurde it tafelkleed leit altyd rjocht hja sykje net mear om 'e skjirre de bern bin troud it hû wurdt rom de ein komt tichterby it wetter út de kraen foroaret stadichoan yn gloor [pagina 242] [p. 242] Skoalle doe't ik siik wie kaem master mei twa grouwe jaffa's hielendal op de fiets troch de kjeld - foar dy fanke- mar nou't ik better bin skopt er my nei de gong yn de kjeld - dêr dêr fanke- [pagina 243] [p. 243] Mestte och kealtsjes dy't berne wurde as jim boltsjes binnen meije jim tretsjen wiken jim bealch útsette litte om dan yn 'e koelhûzen to lizzen yn smelle stikjes (och sok wyt fleis) wy moatte god tankje dat jimme memmen der gjin weet fan ha Vorige Volgende