Trotwaer. Jaargang 9
(1977)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 225]
| |||||||
Tr. Riemersma
| |||||||
[pagina 226]
| |||||||
jênst úthôre dot ut lyterêre vurk gin faitlekheden en gin veade-oardelen befettet, mar inkeld bleate retoryk is. Nimmen sil ek stelle do de lêzer ol syn vitten en veaden ferjit os ur him yn de vrôd fon ut bûk ferdjippet en óm sa te sezen mai un leeg ferstôn en un blank gevisse lêst. Isenberg dyt oan ut begin fon syn artykel oankundeget dot ur ut ekstreme stônpunt ynnimt ‘that beliefs and aesthetic experience are mutually irrelevant’ (dot beliefs en estetysk vjerfaren oer en ver yrillefont binne) (Isenberg 1967, 155), lit oer ut maispyljen fon de beliefs bij ut lêzen gin twivel bestean: ‘Does it make good sense to ask whether beliefs, considered as psychological states, should influence taste? They do; and that may well be the end of the matter!’ (Hat ut doel óm te freegjen ot beliefs, beskôge os psychologyske petroanen, de smaak beynfloedzje matte? Dot dógge se; en dot is de ain fon ut liet!) (Isenberg 1967, 156) De beswieren rjóchtsje har yn ut fwaste plak tsjin de oerskotting fon de rol fon de beliefs. Isenberg: ‘Each of us has millions of beliefs, not one of which is left behind when we go to the theater or open a volume of poems. But no work of art will impinge on more than a few of these beliefs.’ (Elk fon ús hat tûzenen beliefs, vêrt vij ginien fon túsbljowe litte os vij nai ut téater gónne of un bûk mai fessen iepenslagge. Mar gin kunstvurk sil óp mear os un hontsjefól fon dy beliefs ynspylje). (Isenberg 1967, 156). Un oar argument út de lêzersvjerfaring is, dot de lêzer blykber heel maklek syn beliefs oan kônt set, en fwar de tiid fon ut lêzen de beliefs fon ut lyterêre vurk oannimt. Nimmen ljoot dot beesten prate kenne of dot minsken ómtsjoend vurre yn pódden, doch hôre un soat minsken fon mearkesen se stjitte har net oan de dêryn fwarstelde faiten. Ginien ljoot dot de iede plot is, doch is dot gin behindering óm fon ôdere lyteratuer, vêrynt sóksoate fwarstellingen os vjirhyd brocht vurre, te genietsjen. Mun ken ut bibelbûk Job vedjerje, sónder yn God te ljowen. Dusse argúmenten maitsje de veade fon de beliefs net twiveleg, mar se twinge vól óm de rol fon de beliefs fwar ut begrypen en vedjerjen fon lyteratuer suptyler en mear núônsjerre te ómskrjowen. Ut kunstvurk is gin kopy fon de réalytijt, en dêróm ken mun net fervachtsje dot mun de ópfottingen oangeande faitlekhyd en oertsjûging, psychologyske akseptabelens en moralytijt út ut verkleke libben eksakt gelyk yn ut lyterêre vurk verómfyne sil. Ut kunstvurk hat oltyt vot fon ut fwarbeeld, fon de hypoteze: lit ús seze dot dut en dot is, en dot dy dingen barre, vot don? Ut kunstvurk eksperymentjerret, ‘bwattet’, mai moraal en oertsjûging, en sóms ek mai faitlekheden, lykos ut mearke en ut science-fiction ferhaal. Dot freget fon de lêzer dot ur un sekere sûppelens oer him hat; hij mat him per genre en per bûk ynstelle óp de ‘vrôd’ dyt him fwartsjoend vurt, hij mat besjen hókker beliefs ur aktúalysjerje mat, en hókker os ur réorganysjerje of negjerje mat. Mar dot betsjut net dot de lêzer him oerol yn ferpleatse ken en olles oannimt vot him fwarset vurt. De ‘vrôd’ fon ut lyterêre vurk mat plausybel vêze, de dingen dyt duryn barre, matte akseptabel vêze binnen de vetmjittegheden | |||||||
[pagina 227]
| |||||||
en spulregels - de beliefs - fon ut vurk sels. En óm de plausybelens en de akseptabelens fon de vrôd fon ut bûk te beoardeeljen, hat de lêzer gin oare tûtsstien os syn aigen vrôd en libben. Brooks: ‘In short, if the primary structural relationship in poetry is coherence and not correspondence, then our criterion for judging coherence becomes of first importance, and this is, I suggest, our basic pattern of human nature, not necessarily as reshaped by Freud of Adler, or as summarized in some textbook, but a living pattern actually experienced. For the coherence of parts in a literary work depends on our belief in the plausibility of certain human actions and reactions, responses and valuation.’ (Kwatsain: os de fwarnaamste struktúrele relaasje yn poësy gearhing is, en net oerienkómst, don vurt ús krytearyem fwar ut beoardelen fon de gearhing fon ut oldergrutste belang, en dot is, tinkt mij, ús grûnpetroan fon de minslike natuer, net needsaaklekervize os bevwaddere tróch Freud of Adler, of lykos gearfotte yn ien of oar learbûk, mar un libben petroan sat vij dot yn verklekhyd ópmurken havve. Von de gearhing fon patten yn un lyterêr vurk berêst óp ús ljowen yn de oannimlekens fon beskate minskleke aksjes en réaksjes, syn stellingnimmen en vedjerringen.) (Brooks 1958, 71). Ut is útsoate net sa, dot de lêzer olles vêrt ut bûk fon ferhellet, út ûnderfyning vitte of oan de lea ûnderfûn ha mat, dot ur fon deselde dingen hôre en fon deselde dingen bang vêze mat os de persoanen út ut ferhaal, dot ur deselde oertsjûgingen ha mat en óp deselde vize réagjerje os harren, óm ut bûk vedjerje te kennen. Ut gjit dur fólle mear óm dot de lêzer, óp grûn fon vot ur vit en tinkt fon ut libben, him yn de persoanen ferpleatse ken. Hij hûgt ut net mai har iens te vêzen, hij hûgt har net ferstonneg, net iens simpatyk te fynen, óm dochs mai begryp en mai ut tebekhôren fon un feroardeling, en mai un mjitte oan begienens mai harren hû don ek, har vrakselingen mai ut lot te fólgjen, ómdot en tanksij dot ur dingen út himsels yn harren verómfynt. Brooks sait jirfon: ‘What the author and the various readers of a work do need to hold in common, I would suggest, is not so much the same set of beliefs about the universe as the same set of general human responses. We can participate in the same piece of literature even though we may differ considerably in our philosophical positions.’ (Vot de skrjower en de ferskillende lêzers fon ut vurk mien havve matte, is, soe ik seze vólle, net sasear deselde rige oertsjûgingen, mar deselde rige olgemeenminskleke réaksjes. Vij kenne ús ferdjipje yn utselde stik lyteratuer, hûvólt vij slim ferskille maie yn ús fylosofyske stônpunten) (Brooks 1958, 70). Om ut kristleke bûk te begrypen en te vedjerjen hûgt de lêzer net yn God te ljowen, mar hij mat veet ha fon iensemhyd en fon langst nai ien dyt him yn olles begrypt, ut dógt un beróp óp syn gefoel fwar rjóchtfeadeghyd en ut rekket oan syn erflek sykjen óm ut doel fon ut libben. 2) Of óm un profaan fwarbeeld te neamen: ut spûûkferhaal ûnderstelt net dot de lêzer oan spûken ljoot, mar dot ur vit vot ut is òm bang te vêzen fon spûken. Ut blykt ek út de lêzersvjerfaring dot ut mooglek is óm un vurk út un oare kultuer of un oare kultuerperyoade te begrypen en te vedjerjen. Dot betsjut | |||||||
[pagina 228]
| |||||||
net, sait Aiken, dot de spesyfyke beliefs fon dy beskate mienskip of fon dot tiidrek, sat dy stôl krygen ha yn ut vurk, ónbelangryk binne: ‘Great works of art are usually capable of moving us on several levels, some of which are accessible to those who do not share the cultural beliefs they express, some only to those who do. When we cannot share the beliefs necessary for full appreciation on one level, we automatically fall back upon the purely sensuous qualities and the natural beliefs and accompanying ‘life-values’ that are embodied in a work; and because we are moved by them, we fancy that cultural beliefs are simply irrelevant. The proper question, therefore, is not whether we can appreciate the art and cultures other than our own, but rather in what degree and on which levels of significance. My contention is merely that there are levels of significance in works of art which cannot be enjoyed aesthetically merely by ‘understanding’ plus suspension of disbelief, and that the congruence between our own beliefs and those embodied in a work of art frequently give an intensity, depth, and stability to our response which makes all the difference between moderate enjoyment and profound delight.’ (Grutte kunstvurken kenne ús gevoanlek óp ferskillende nyvoos raitsje; gwódden dêrfon binne tagónklek fwar har dyt de kultúrele oertsjûgingen dyt se (dy kunstvurken) útdrukke, net ta harres rekkenje, gwódden olinneg fwar har dyt dot vól dógge. Os vij de oertsjûgingen misse dyt needsaaklek binne fwar ut fólslain genietsjen óp un beskaat nyvo, don fôle vij os fonsels veróm óp de súver gefoelsmjittege kwalytijten en de natuerleke oertsjûgingen en de begeliedende ‘libbensveaden’, dyt yn un vurk stôl krygen ha; en ómdot vij dêrtróch rekke vurre, miene vij dot kultúrele oertsjûgingen gevoan net ta de saak dógge. De fraag vêrt ut óp oankómt, is dêróm net ot vij deel havve kenne oan kunst en kultueren oas os ús aigen, mar fólle mear ta hókker hichte en óp hókker betsjuttingsnyvoos. Ut is myn óptotting, plonút sain, dot dur betsjuttingsnyvoos yn kunstvurken binne dyt net estetysk geniete vurre kenne olinneg mar tróch ‘begrypen’ en ut ópkearen fon ónljowe, en dot de oerienkómst tusken ús aigen oertsjûgingen en dyjingen dyt stôl krygen ha yn un kunstvurk, faak un intinzens, djipte en stabylens oan ús stellingnimmen jaut, dyt ferontvudlek is fwar ut grutte ferskil tusken un midsmjitteg plesier en un djip genietsjen.) (Aiken 1967, 148-149) Fonsels ken un minne lêzer miene dot syn fwaroardelen tróch ut bûk befêstege vurre, of hij ken him yn bijkómstegheden fêstbyte en de haadsaak oer de kop sjen. Fonsels is dot vier; mar óm de minne lêzer yn stelling te bringen os argúment tsjin ut belang fon de beliefs, lykos Isenberg dógt, lyket mij vól vot fier socht: ‘But now we should observe that the poem need not impinge directly on the belief or the belief respond to something directly stated in the poem. The reader may dissent from some idea that is, in any of thousand ways, “implied” by the poem. The tone of the poem may evoke in him the idea of a belief he dislikes. () The poem need not give offense for the belief to take offense.’ (No soenen vij dur lykvóls rus óp lette matte, dot ut | |||||||
[pagina 229]
| |||||||
fes net rjóchtstreeks hûgt te raitsjen oan ut belief of dot ut belief net hûgt te réagjerjen óp ut ien of oar dot mai safólle vudden yn ut fes stjit. De lêzer ken un ôvykende miening ha oer ut ien of oare ydee dot óp hókker vize ek tróch de tekst stôljûn vurt. De toan fon ut fes ken yn him ut ydee fon un belief ópróppe vêrt ur neat fon ha mat. () Ut belief ken oanstjit nimme, vylst ut fes gin oanstjit jaut.) (Isenberg 1967, 156) Fonsels ken mun un útfiering fon ut Frysk Orkest veadeloas neame ómdot mun argevaasje hôn hat fon ut sypeltsje yn de nekke fon de harpiste, en mun ken One flew over the cuckoo's nest un minne fillem fyne ómdot ut apsurd is óm yn de simmer un iis mwóts te dragen; sa ken mun ek un ferhaal vedjerje ómdot de haadpersoan deselde shag smookt os jun, of ek oltyten mai de jelve achten bus raizget. Mooij sait oan de ain fon syn artykel: ‘But of course beliefs can be misused, e.g. to misinterpret the work or to destroy its relative autonomy.’ (Mar fonsels, beliefs kenne misbrûkt vurre, bijfwarbeeld óm un vurk ferkead te ynterpretjerjen of de relatyve autonomy durfon ûnderstek te dwan.) (Mooij 1972, 148) Ut soe net noareg vêze matte óm sóks eksplysyt te maitsjen - mun ken yn de lyteratuervittenskip inkeld rekken hôre mai un bekwame en reevillege lêzer.
Achter de lytsachting fon de rol fon de beliefs yn ut lêsproses, sat dy stôl kryt yn ópmerkingen dot beliefs maklek oan kônt skood en maklek fwar de tiid fon ut lêzen oannómmen vurre kenne, sit, lyket mij ta, de noed dot de belieftéory of dur fonút gjit, of dur óp oan vól, dot kunst en verklekhyd ien en mien binne, en dot bij ainslútten de lyteratuer metten en vedjerre vurre sil neffens syn verklekhydsgeholte of -graad; dot kwatsain de belieftéory de autonomens fon ut kunstvurk oantaast. Dy autonomens is meskyn vólrus vot te ekstreem formúljerre, os réaksje óp un lyteratuerskôging vêrynt de veade fon ut vurk ôhóng fon de dêryn útdrûgen morele, godstsjinstege of fylosofyske vjirheden, en dyt de ‘fwarrem’ vêrynt dy faitlekheden nai foaren brocht varen inkeld dekoraasje achte. Tsjin dy ópfotting fon ‘kunst os fersierde vjirhyd’ vaar du ut lyke apsolútistyske stônpunt ynnómmen dot kunst helendol neat mai vjirhyd en mai faitlekhyd, en mai de vrôd fon oldendai fon dwan hji, dot de ‘vrôd fon de kunst’ un apatte - autonome - vrôd naist údders vji en dot mun, óm fon dy vrôd te genietsjen, olles fon de aigen vrôd ferjitte mûst. Lyteratuer soe noch vier noch ónvier vêze, gin praktysk nut havve, net oansette ta beskate tinzen of dieden, mar inkeld emoasjonele veade ha. Ut genietsjen fon lyteratuer soe betsjutte un rêsteg, villoas en langstmeloas beskôgjen fon de mwaiens fon de lyterêre fwarrem, vêrt ut barren yn stôl kryt, os doel yn himsels. Dusse ópfotting vji lyke dúalistysk en lyke iensydeg, maidot no inkeld de ‘bwóttenkônt’, ut dekoratyve, de retoaryk vedjerre vaar, en de ‘ynhôrd’ lytsachte. Dot ôde dúalisme fon ‘ynhôrd-fwarrem’ vól óp ut stuit nimmen mear oan - ol ken mun de termen sóms min misse. Mar ut is net sa ienfôdeg óm sónder gefaar fon misbegryp te sezen hût ut vól sit. Oan de iene kônt is ut kunstvurk | |||||||
[pagina 230]
| |||||||
autonoom. De útteringen en tinzen fon de persoanen, de fwarfollen, de veaden en oertsjûgingen dyt stôl krije, matte binnen de gearhing fon ut vurk besjoen vurre. De lêzer mat, vot dur bart, net daleks beoardeelje neffens syn aigen nwarmen, mar neffens de oertsjûgingen, en ek ut vitten, de fermogens en ut aad fon de persoanen en neffens de hele sytevaasje. Hij mat ut fon olle kônten besjen, lykos un rjóchter dyt him yn de sytevaasje fon de delinkwent ynlibbet - of lit ús seze: os un ôd-rjóchter, dyt net needsake is óm un ainoardeel út te sprekken en fónnes te vizen. Ut vurk is ek yn dy sin autonoom dot ut net óp un oanviisbere faitlekhyd hûgt te slaan, vot ut beskaat vêzen nai tiid, plak en persoan oanbelanget. Ut vurk is ‘fiksjoneel’: ut hat gin sin óm nai te gean ot de persoanen vêrt fon ferhelle vurt yn verklekhyd bestien ha en ot de fwarfollen har vier sa ôspyle ha. Ek is ut vurk autonoom vot syn ‘taposberhyd’ of ‘learing’ oangjit; ut jaut gin poskleare óplossingen fwar de problemen fon de vrôd, ut jaut gin poskleare óplossingen fwar de problemen fon de vrôd, ut jaut gin fwarbeeld óm nái te libjen, ut set net oan ta striid of poletyke aksje, en de veade durfon vurt net beskaat tróch ut nuttege (propagondistyske) effekt. Oan de oare kônt stjit ut vurk net los fon de daistege réalytijt - de belangstelling fwar lyteratuer soe ónferkljerber vêze os de vrôd fon ut bûk neat, mar don ek neat mai de réele vrôd noareg hji. Ut lyterêre vurk gjit net óp yn syn fiksjonalytijt. De beskreone persoanen en fwarfollen maie ‘óptocht’ vêze, de persoanen har emoasjes, langstmen en eangsten, har noeden en swargen, ken de lêzer veróm út ut aigen libben. Hij soe de persoanen fon ut bûk net begrype, de vrôd fon ut bûk soe him frjemd bljowe, os ur út aigen ûnderfyning net vist vot teloarstelling, vot oergunst, vot fertriet is. De kennes fon de olgemene minskleke aigenskippen, fon ut minsklek hôren en dragen, fon de kultuer en fon de natuer en de deade dingen, fwarremt de brêge tusken réalytijt en lyteratuer. De persoanen en fwarfollen maie ‘óptocht’ vêze, dot betsjut net dot de lêzer vot dur him ôspylet ónbelangryk fynt. Hij libbet mai de persoanen mai, hij sit mai har yn noed en is mai har bliid of fertrjitlek. Ut sil him oandeare óm ien dyt ferdrukt vurt en hij soe de dogenjit vól oanfleane vólle. De lêzer is yntresjerre yn de dingen dyt barre en syn oertsjûgingen en syn oardelen vurre aktyvjerre. Mar syn kónklúzjes en syn posysjekiezen bljowe keppele oan de yn ut vurk stôljûnne sytevaasjes. Os ut bûk út is, don nimt de lêzer dy kónklúzjes dyt ur lutsen hat, net mai nai ut verkleke libben. Hij hellet gin ‘learing’ út ut vurk fwar ut libben; de ‘moraal’, os dy dur is, is bûn oan de typyske, únyke sytevaasje. Brooks: ‘A poem focuses itself on a concrete situation en does not issue in an ethical generalization. The evaluation is there, but to borrow a term from the archaeologists, it is there in situ and can no more easily than the quick-to-crumble artifact be removed by a process of abstraction. At least one must be gentle and cautious.’ (Ut fes kónsintrjerret him óm un kónkrete sytevaasje en rint net út óp un etyske generalysjerring. Ut veade-oardeel is dur vól, mar, óm un útdrukking út de argéology te lienen, dy is dur óp ut plak | |||||||
[pagina 231]
| |||||||
vêrt ur fún vurt, en óm dy durút vai te heljen tróch un proses fon apstraksje is lyke slim os ut ópnimmen fon ut stik ark dot samar útenwar fôlt. Yn olle gefollen mat mun hoeden en fersichteg te vurk gean). (Brooks 1958, 75)
De lêzer hat net olinneg ollerhonde ydeeën en mieningen oangeande de verklekhyd, mar ek vot ut kunstvurk sels betreft. Oer dusse beliefs, tróch Aiken ópspjolte yn ‘generic aesthetic beliefs’ en ‘specific aesthetic beliefs’ vól ik ut no viidvaideger havve. Myn yndeling fon de estetyske beliefs rint vot de easte skiften betreft lykóp mai Aiken synent: a) De olgemene estetyske ynstelling óp ut vurk os fiksjoneel geheel, dot útsoate fya ollerhonde skemas en petroanen ferbûn is oan de réalytijt, mar yn syn únyke presintaasje fon persoanen, faiten en tastonnen autonoom is. Ut ôskieden fon un stik ynformaasje fon de rest fon de verklekhyd, óm dot pat ta fwarverp fon estetysk vedjerjen te maitsjen, vurt yn ut ingelske taalgebiet ‘framing’ neamd. Aiken: ‘Framing is not just the absence of belief; it is, rather, something which happens to another belief which prevents the latter from issuing forth into overt behaviour which would convert the response into practical activity. Without it, the aesthetic response to representational art simply could not occur.’ (Framing is perfwast net de ôvêzeghyd fon belief; ut is krektoasóm: eat vot bart oan un oar belief, eat vot behindert dot dot oare belief útrint óp dúdlek gedrach, vot ut estetysk vjerfaren ómsette soe yn praktyske aktyvytijt. Sónder framing soe ut estetysk réagjerjen óp kunst dyt de verklekhyd útbyldet deagevoan ónmooglek vêze.) (Aiken 1967, 150) Framing vurt Ondersteld bij teksten dyt spesjaal makke binne óm estetysk vjerfean te vurren, mar ut ferskiinsel fon de framing behaint him dêr net ta; ek oare teksten kenne ôskaat vurre fon de réalytijt en ópjekt fon estetysk vjerfaren vurre. Un fwarbeeld - un persoanleken, vont mun fynt sóks net yn de lyteratuer -: ik ha rus un grutte slûf krygen fon de dichter Jaep de Jong mai os ynhôrd ut manúskript fon un fessebóndel. Dy slûf hji grif east vot oas yn sitten, olteast dur stie óp printe Wij maken zelf een schilderij Uitknippen, inschuiven en vasthechten Het resultaat is een fleurige plaat van Afrika, getekend door E.J. Saal-Steenbeek Om ien of oare reden, vjirskynlek hat dot ‘fleurige’ it him dien, haf ik de tekst losmakke fon syn achtergrûn, en yn un nije relaasje set, te vitten ta dy fon de rosdiskrymynaasje yn SúdAfryka. Ut vaar fwar mij un nochol navront ‘gedicht’. Un tsjinfwarbeeld, dot un fiksjonele tekst net framed vurt mar relatjerre oan de réalytijt, is ut sezen fon immen tsjin mij, ut vji vól vot fier gien mai ut Anne Wadman syn De smearlappen, dot Wadman vji vól vot fier gien mai ut skrjowen oer de oerhoer fon de frau fon un bwótterfebryksdyrekteor: sókken vjinnen dur mar un fjitteg yn Fryslôn en mun koe dus hast naigean vaat ut vest hji! | |||||||
[pagina 232]
| |||||||
Oan dyselde romon is nammens noch un pracht eksimpel fon net-framing demónstrjerre, dot sels de kronte helle hat: genealogen lieten yn har gearkómst vitte dot Wadman hji un ferkead ydee fon harsoate lju! Aiken hat oer dusse kwesje ópmurken: ‘There is no characteristic of the aesthetic object, considered simply as such, which clearly distinguishes it as aesthetic, and none which distinguishes un unaesthetic object as unaesthetic; anything whatever to which we can direct attention may become aesthetic if responded to in a certain way, and any may become unaesthetic if the center of attention shifts and our interest reverts to the “practical” or “problem-solving” level.’ (Dur is gin karakteristyk fon ut estetysk ópjekt, simpel os sadaneg beskôge, dot dot ópjekt dúdlek os estetysk ûnderskaat, en lykemin ien dyt un ónestetysk ópjekt os ónestetysk kenmerkt; olles vêrt vij ús oandacht óp rjóchtsje kenne, ken estetysk vurre, os vij dur óp un beskate menier óp réagjerje, en olles ken ónestetysk vurre os ut midpunt fon de oandacht ferskoot en ús niget verómkeart nai ut ‘praktyske’ of ‘probleemoplossende’ nyvo.) (Aiken 1967, 144) Ut fait dot mun ek teksten frame en estetysk vjerfare ken dyt dêr net fwar ónjerre binne, tsjut duróp dot ‘ut estetyske’ net yn ut fwaste plak un kwesje fon besónder taalgebrûk is, mar dot ut gjit óm ut apèl dot de tekst dógt óp de lêzer os moreel vêzen. Ut besykjen óm ut lyterêre fon un tekst yn taalkundege kategoryen te beskrjowen, óm un ‘poëtysk model’ te maitsjen dot ûnderskaat tusken poëtysk en net-poëtysk taalgebrûk, of rûmmer nómmen tusken estetysk en net-estetysk taalgebrûk, mat don ek óp un misljerring útrinne. 3) Jirmai vól net sain vêze dot de lingwistyk neat bijdrage ken ta ut beskrjowen fon un lyterêre tekst, voneart dy ienkear os lyterêre tekst oanmurken is. De lingwistyk biert un ynstrementaryem oan óm bijgelyks persoanstekst en fertellerstekst fon elkwar te ûnderskieden, óm ollerhonde rymfwarmen en klankpetroanen te beskrjowen. Mar fwar ut lûkken fon de skiedgrins tusken ut lyterêre en ut net-lyterêre taalgebruk sjit de lingwistyk tekwat. Ut grutte gefaar bij ut annelysjerjen fon un lyterêre tekst óp bazes fon de lingwistyk is, dot olinneg de retoaryk oan ut ljocht brocht vurt, dot vól seze: ta kónfinsje vurren lyterêre útdrukkingsmiddels. b) De estetyske ynstelling óp ut genre, dyt un spesjale hôring fon de lêzer easket en spesjale ôspraken ûnderstelt. Tróch de olgemene estetyske ynstelling vurt un kunstvurk un autonoom geheel dot yn un beskate ferhôring ta de verklekhyd stjit, mar dêr gin tróchslag fon is; de genreynstelling makket de lêzer ree ta ut begrypen en ut óp priis stellen fon vot ut genre aigen is, syn spesjale ferhôring ta de réalytijt, syn spesjale útbyldingsmooglekheden en útdrukkingsmiddelen. Ut mearke easket fon de lêzer dot ur fwarfollen ‘ljoot’ dyt yn striid binne mai syn ópfottingen fon de verklekhyd, dot beesten prate, bjemmen fon gaud binne, un swud ût himsels slagt: dot ur tefreden is mai, en sels nocht oan stereoypy, en ut óntbrekken fon olle psychologyske vjirskyniekhyd. | |||||||
[pagina 233]
| |||||||
De sêge, lykos ut spûkferhaal, easket fon de lêzer dot ur de húver fwar ‘de oare vrôd’, út munsterachtege, ut grauélege ken, en dot ur moetingen tusken persoanen út dusse en de oare vrôd ‘fwar mooglek hôrt’. Ut gedicht freget fon de lêzer dot ur ôsjen ken fon syn behûfte oan ‘un ferhaaltsje’, dot him yn sponning hôrt en dot ur dêrfwaroer un beskôgjende hôring ópbringe ken, en dot ur syn gefoelens en veaden ynbringe dwar. Ut fes easket ek plesier yn de grafyske fwarremjauing. Os de lêzer ut nut fon dy kwatte rygeltsjes en ynterlynys net ynsjugt, mar dot vinlek pepierfergriemen fynt; os ur óp un enjambement réagjerret mai: ‘Dy oare rygel hji dur ómmes noch bêst achter kennen,’ don mist ur de typyske estetyske ynstelling óp dut genre. Dot lyket un hautaine bevearing, mar ut ken net oas sain vurre. Fwar gwón fessen vurt de lêzer ek ûndersteld areghyd te havven oan rym en metrem, hûvólt un normaal minske fonsels net metrysk en rymjend tinkt en praat - de lêzer vurt dus achte dy ôvyking fon de verklekhyd ynskikke en vedjerje te kennen. De psychologysk-réalistyske romon en ut kwatte ferhaal freegje fon de lêzer niget oan ut ynderlek barren bij de persoanen, méár os oan de avventoeren. De lêzer vurt achte beskate ópfottingen oer vot un libben bij ainslútten is, dus sees mar un beskate fylosofyske ynstelling, aktúalysjerje te kennen. De avventoereromon (plysje- en detectiveromon) freget dêrfwaroer ut akkoart gean mai typjerring jedder os karakterysjerring, mai un sekere genre-aigene tafolleghyd en mai avventoeren en fwarfollen dyt óp ut kontsje ô besteanberen vjirskynlek binne. c) De estetyske ynstelling óp de pearyoade, vot seze vól dot de lêzer achte vurt êg te havven fwar ut feroarjende fon de lyteratuer, en dot ur dy feroaring óp priis stelle ken, olteast dot ur him yn syn estetysk vedjerjen net fêstlait óp ien beskate pearyoade en olle jeddere en lettere útteringen fon kunst lytsachtet. De lêzer mat vedjerring ópbringe kenne fwar ut fait dot de skrjowers nije gebieten fon ut libben yn de kunst behelje en hij mat iepen stean fwar de nije útdrukkingsmiddels dyt de skrjower brûkt óm ôde dingen nij te sezen. Ut gjit dur yn lyteratuer no ienrus net óm óm de dingen fon ut libben mooi te sezen, en dy mooisaine dingen netsjes te printsjen en yn te bynen, dot de lêzer ver un mooi bûkje óp de planke hat, mar ut gjit yn lyteratuer óm de efalúaasje fon (un pat fon) ut libben, óm un miening oer ut libben. ‘The poem,’ sait Brooks - en vij sille dut fwar olle lyteratuer jilde litte maie -, ‘is a portion of the world of experience as viewed and valued by a human being.’ (Ut fes is un pat fon de ûnderfiningsvrôd, sat dy tróch un minske sjoen en vedjerre vurt.) (Brooks 1958, 69) Om dy oare aigen vedjerring fon de vrôd kenber te maitsjen, hat de skrjower ferlet fon nije lyterêre middels, un nije styl, nije ynformaasjekenalen, nije ûnderverpen ek. De bevende lyteratuer - útsain don de tige grutte kunstvurken - dógt hast gin apèl mear óp de lêzer. Lyteratuer mat himsels hyltyten ver ferfrjemdzje fon de aigen formalysjerre, ta kónfinsje vurren, útdrukkingsf warmen, sil ut lûûd fon de skrjower heard vurre. Vaat sweart bij ien pearyoade, en ol ut oare ta | |||||||
[pagina 234]
| |||||||
vaismyten keard achtet, hat vinlek olinneg mar vedjerring fwar de retoaryske middels fon dy pearyoade - en net fwar lyteratuer. d) Njónken de olgemene estetyske ynstelling en de spesjale ynstellingen vot ut genre en de pearyoade betreft, dyt ut betingst binne fwar ut estetysk vjerfaren überhaupt, of yn olle gefollen fwar ut estetysk vjerfaren dot óp mear os un behainde grûp letterkundege vurken betrekking hat, binne dur beskate ôspraken tusken skrjower en lêzer, lyterêre kónfinsjes ken mun se neame, dyt ut genre-aigene noch ver mear ferbesónderje en ek ut pearyoadeaigene un beskate ynhôrd jaue. Dy ôspraken binne jildeg fwar fiervai de measte lêzers en yn de regel fwar mear os ien pearyoade. Vurre de ôspraken tróch ien of mear skrjowers tróch oaren ferfóngen, don laat dot net daleks ta un brek tusken de generaasjes, ta un nije pearyoade dus, mar ta un ferbreding fon ut genre en/of eventúeel ta ut óntstean fon un sup-genre. Ik jau un monneg fwarbeelden dyt benammen óp de romon betrekking ha: 1. De ôspraak dot de ferteller fon ut ferhaal ferskillende, sóms gôns, dingen vit. De ferteller hûgt net mai te delen hût ur oan dy vittenskip kómt. Yn de gefollen dot ur syn vitten ferkljerret - hij hat bijfwarbeeld un ôd manúskript fûn, of ut ferhaal fwar vier fertellen heard -, ljoot de lêzer net oan de vjirhyd fon dy ferkljerring. Yn gwón gefollen is ut vitten fon de ferteller nammes óp gin inkele menier te ferkljerjen, voneart ur bijgelyks verjaut vot immen dyt un autoóngemak oerkómt de lêste momenten fwar syn dea tinkt. De lêzer syket yn san gefol net óm un ferkljerring fon de ferteller syn kennes. 2. De ôspraak dot un lyterêr vurk un ôrûnne beeld jaut fon un beskaat gefol of un honlingsferrin. De ferteller mat safólle maidele dot de lêzer him oer de ferskillende aspekten fon ut barren un miening fwarremje ken, en dot ur de gearhing tusken de delen sjugt. De ferteller mat him dêróm oan de iene kônt ta de saak behaine, dot vól seze gin ynformaasje jan dyt neat mai de saak noareg hat en dyt de lêzer óp dwylvegen laat; oan de oare kônt mat ur dur fwar swargje dot syn ynformaasje fólslain is, of yn olle gefollen sa viidvaideg is dot de lêzer de rest riere ken. 3. De ôspraak dot beskate epysoaden, dyt net sa tige fon belang binne, oerslain vurre. Yn de verklekhyd mat un persoan sóms vyken en mwannen fon tiid tróch, jert dur ferfólg kómt óp un honlingstried; yn de lyteratuer vurre sókke tiidrekken gevoan oerslain. Ut ferhaal ken yn un pear syden jirren gearfotsje, vylst ut lyke fólle of mear syden besteget oan de vichtege oeren yn de haadpersoan syn libben. 4. De ôspraak dot un ferhaal ta un útdragen saak kómt. De ferteller mai net lakonyk maidele dot de haadpersoan oan un hartferlamming stoan is, en dot dêrmai ut kónflikt fon de baan is. Ol bart sóks yn de verklekhyd fonsels faak genôch, yn de lyteratuer mai ut net; dêr mat un persoan de oanfotte honling ta un ain bringe. De ferteller hat un persoan stôljûn en de spulregels bekend makke, en don mat dur spyle vurre, neffens dy spulregels, oan de ain ta. De spulregels maie ûndertusken net vizege vurre en de spylders maie net óp hôre | |||||||
[pagina 235]
| |||||||
(deagean, emygreare, of har bekeare). Bart sóks ol, erft immen dyt óp ut punt stjit óm syn bwórom te fermwadzjen ynienen un heal meljoen, sadot de moad net tróchgjit, don hyt sóks un deus ex machina, te sezen un yngreep fon bwóttenô yn de ferhaalverklekhyd. e) Os lêste skift fon de estetyske beliefs fotsje ik un grûp fervachtingen gear dyt lêzers fon letterkundege vurken havve kenne, mar dyt grif net olgemeen binne en vêrt lykemin tróch olle kunstvurken oan fóldien vurt. Op ut mêd fon dusse beliefs spylet de ‘lyterêre striid’ him ô, tusken yndyvydúen en grûpjerringen; jirre bótse vrôdskôging en kunstsinnege ynstelling. Inkelde fwarbeelden fon dy fervachtingen: 1. Lyteratuer mat hondelje oer de ienfôdege, daistege dingen. De lêzer syket yn de lyteratuer de net-yndyvydúele emoasjes, de stéréotype útteringen, de behainde, óplosbere probleemkes. Hij vól syn aigen vrôdsje befêstege fyne. Hy vól net yn de kunde kómme mai ollerhonde aakleke dingen dyt him twivelriedeg maitsje - ut libben is ol kómplysjerre genôch. 2. Lyteratuer mat de verklekhyd óp un verkenbere menier verjan. De persoanen en saken matte réalistysk beskreon vurre, sat dot oltyt dien is. Ollerhonde ekspearymenten yn de styl, ympresjonisme, ekspresjonisme, ekspearymentalisme, benimme de lêzer ut sicht óp de verklekhyd. 3. Lyteratuer mat maklek tagónklek vêze. Ovykingen fon de kronologyske ferteltront, fon ut statyske point of view, fon de bevende kómposysje maitsje ut lêzen fjistedreeg. 4. Lyteratuer mat vinsken ferfólje, vêrt ut libben dot net dógt. De lêzer freget fon lyteratuer aventoeren dyt ur sels nóit belibje sil, ut lók dot net fwar him vailain is. Lyteratuer mat de mooglekhyd biede óm ut de sleor fon ut libben te flechtsjen. 5. Lyteratuer mat problemen óplosse. Ut bûk mai ferhelje fon tige swiere problematyk en fon óntsettende kónflikten yn un minskelibben, mar ut mai de lêzer net mai de problematyk sitte litte. De problemen matte óplost vurre, dot de lêzer bemoedege vurt óm ek de kónflikten yn syn aigen libben ta un útdragen saak te bringen. 6. Lyteratuer mat un miening fertolkje. De skrjower mai syn lêzers net yn ut ónvisse litte oer vot him fon ut gefol tinkt. De lêzer mat vitte vêrt ur mai de skrjower oan ta is; dy mat dúdlek merke litte hût ut de hôren en dragen fon de persoanen sels vedjerret. 7. Lyteratuer mat ópbauend vêze. De skrjower mat de lêzer ut goede fwarhôre. Yn un ferhaal jert ut kweade straft en ut goede beljenne te vurren. Ek os ut óp ut êg lyket dot ut kweade ta vóltier laat en ut goede ta de ûndergóng, mat de lêzer de hoop jûn vurre dot ienrus, hû don ek, ut goede ta syn doel kómt. 8. Lyteratuer mat beskate ûnderverpen mije. Saken dyt yn ut libben fwar kómme, en dur net út vai te tinken binne, mar dyt mear destruktyf os kónstruktyf binne, dyt de ienzens fersteore, of de mienskip sat dy bestjit bedriigje en dyt óm de leave frede better negjerre vurre kenne, of dyt net ta | |||||||
[pagina 236]
| |||||||
de goede smaak jerre, matte yn de lyteratuer net oan bod kómme. 9. Lyteratuer mat mooi fon taal vêze. Oer de fertelde patten mat un poëtysk vaas leze, en de praters matte ut mooi formúljerje. Lyteratuertaal mat him ûnderskiede fon de gevoane ómgóngstaal, ek yn dy sin dot de taal korrekt brûkt vurt. 10. Lyteratuer mat krytysk vêze. Lyteratuer mat de minne steden yn de maatskippij oanvize, de lêzer bevust maitsje fon syn fwaroardelen, en de lêzer oansette ta un krytyske libbenshôring.
De bóppesteande ópsómming is net fólslain, dur soe vól mear te neamen vêze. Vól lyket ut mij ta dot de fiif skiften a) oant en mai e) ut hele fjiid fon moogleke estetyske beliefs beslagge. Fonsels binne dur gin strenge grinzen tusken de ferskillende skiften te lûkken; ut doel vji ek benammen óm ut kómpleks fon estetyske beliefs oersichtiek te maitsjen, en dot gjit no ienkear ut bêste oan de hôn fon un yndeling, dyt oltyten vot kunstmjittegs oer him hat. Voneart un lêzer oan un bûk oanstjit nimt, ómdot ut net oan ien fon syn fervachtingen fóldógt, don stonne daleks olle estetyske beliefs yn diskusje, dot lyket mij dúdlek; ut iene aspekt is net los te tinken fon ut oare. De fervachtingen dyt lêzers fon lyteratuer ha kenne, sat dy jirbóppe ópsómd binne, lykje faaks óp ut easte êg nochol nayf - inkeld lêzers sónder ynsjug yn de lyteratuer soenen sóks fervachtsje -, mar dot ydee is don grif te vyten oan myn menier fon formúljerjen. Olle lêzers havve dutsoate fervachtingen; se vurre meskyn de iene kear vot minder nayf ûnder vuden brocht os de oare kear. Un Brecht fervachtet fon lyteratuer de ferbettering fon de vrôd: ‘Es ist sicher dasz wir heute eine realistische Kunst brauchen. Dat ist eine Kunst, welche die Wirklichkeit wiedergeben und sie zugleich beeinflussen, veränderen, für die breiten Massen der Bevölkerung verbessenern will. Aus dem letzteren geht hervor, dasz sie sozialistisch sein musz. Das ist natürlich, das ist selbstverständlich.’ (Ut is vis dot vij joettedai un réalistyke kunst noareg havve. Dot is un kunst dyt de verklekhyd verjan en tagelyk beynfloedzje, feroarje, fwar de brede klybers fon de befólking ferbetterje vól. Ut dot lêste fólget dot ur soasjalistysk vêze mat. Dot is natuerlek, dot sait himsels.) (Brecht 1974, 114-115). Un Kayser, doch ek net de easte de bêste, mient dot de romon yn un kryzes rekke is, tróchdot de ferteller helendol ferdwûn is: ‘Der Tod des Erzählers ist der Tod des Romans.’ (Kayser 1955, 34) Weimann hat him yn deselde geast úttere. (Weimann 1962, 416) Ut lyket oerstolleg óm fwarbeelden te jan fon lêzers dyt mwóite havve mai ekspearymentele poësy. Fwar gôns lêzers jilde de vudden fon Aiken: ‘The emotional dispositions of every person are normally conditioned by a certain expectations. And by the age of maturity these connections are largely fixed. For most individuals within a given culture, therefore, there are likely to be attitudes and emotions which either cannot be aroused at all or else cannot be aroused to the proper degree unless the artist sees to it that the necessary cognitive cues are introduced.’ (Ut gefoelsmjitteg réagjerjen | |||||||
[pagina 237]
| |||||||
hinget gevoanlek bij olle minsken ô fon beskate fervachtingen. En bij fólvûksenen leze dy ferbonnen fierhinne fêst. Fwar de measten yn un beskate kultuer binne dur sadwande hôringen en gefoelens dyt helendol net, of mar fwar un pat ópróppen vurre kenne, of de kunstner mat duróm tinke dot de noarege verkenbere fingervizingen ynbrocht vurre.) (Aiken 1967, 144) Marxisten ferketterje ut mearke ómdot ut oer koaningen en prinsen gjit en net oer arbaiders (sytjerre bij Lüthi 1974, 89-91)
De fragen vêrómt gwón lêzers ferskillende fervachtingen fon un lyterêr vurk havve, en vêróm yn ferskillende tiden ferskillende fervachtingen, vêrómt ek de skrjowers oare temas, ûnderverpen, points of view en kómposysjefwarmen kieze, ut hele probleem fon de pearyoaden, binne net út ut ferskiinsel lyteratuer sels vai ôdwande de beöntvudzjen. Lyteratuer stjit net los fon ut libben en de mienskip, fon ut tinken yn de mienskip, de fylosofyske hoarysónten. Vot un technyske aspekt os ut point of view betreft, hat Weimann dot vól dúdlek makke (Weimann 1962). Mai de neamde fragen kómt mun óp ut terain fon de lyteratuersoasjology, dyt faaks ol befredegjender(r) ontvudden ken. Ik lit dot fjidder vêze. Ut is dúdlek dot de bóppeneamde fervachtingen yn kónflikt kómme mai de olgemene en spesjale estetyske ynstellingen. Om ut kónflikt óp te lossen soe mun fon de lêzers freegje kenne óm sóksoate fervachtingen don mar net te aktúalysjerjen. Mar ut lyket net goed mooglek óm fon lêzers un belangloaze belangstelling te freegjen, en ut lyket noch minder vinsklek óm san hôring tsjinoer de lyteratuer nai te stribjen, vont ut soe útrinne óp un kôd estetysisme. De fervachtingen fon de lêzer, hû kónfliktskrêfteg ek, binne no ienkear de bazes fwar de belangstelling fwar lyteratuer, en ut binne dyselde fervachtingen vêrt elk nij lyterêr vurk óp ynspylet. De estetyske ynsteliing vurt dêrmai net ta un farce makke. Dy ynstelling hôrt syn veade os ‘poal’, vêrt de lêzer him oan oryentjerret, en os ‘opdracht’, vêrt de lêzer oan besyket te fóldwan. Yn ut bótsen en yn de sponning tusken de estetyske ynstelling en de lêzer syn fervachtingen lait un vêzentlek moment fon ut estetysk vjerfaren.
| |||||||
[pagina 238]
| |||||||
| |||||||
Lyteratuer:
| |||||||
[pagina 239]
| |||||||
|