| |
Tr. Riemersma
Goed en ferswarge Friesk
Ut is un goed ding dot Geart van der Meer de kwesje fon ut goede friesk, stondet en dyalekt us oan de vwadder steld hat. Trotwaer is, lyket mij ta, net ut east yn de beneaming kómmende tydskrift fwar un diskusje jiroer, mar ut fait lait dur ta dot taallju en skwalmasters, fwar vaat de súverens en de tigens fon de taal un easten noed is, ol jirren óm dusse hyte brij hinne rinne. Fwar skrjowers is de kwesje fon súver of minder súver friesk bijsaak. Net de brûkte taal, mar hût de brûkte taal brûkt vurt yn ut geheel fon kunstwurk, is fon belang; ut dógt dur net ta ot dy brûkte taal neffens ien of oare - net-lyterêre - nwarrem goed of bryk friesk is. Dot vij os skrjowers en krytysy
| |
| |
tagelyk (faak) taalvarders binne, is te vyten oan de beroede posysje fon ut friesk - gin mon en gin bûk ken mist vurre -, en kómt net fwót út ut fait dot lyterêre kréatyvytijt en taalbefwaddering twa kônten fon ien en deselde saak binne.
Dur is mar un bytsje skreon oer stondettaal en dyalekt. Ulkje Boersma en Tony Feitsma ha, óm 1959 hinne, yn De Pompeblêdden - dot vaar dû noch útjûn tróch Brandenburgh, vit jim vól? - us skreon dot de skwalmasters sûnnen mear rekken hôre mai ut dyalekt fon de bên. Dêr is bij myn vitten nóit un réaksje óp kómmen.
Un vichteg artykel is Goasse van der Woude syn Hwat is goed Frysk (De Pompeblêdden 1956, 49-55), dot ik elkenien oanriere ken óm te lêzen. Van der Woude syn kónklúzje is: ‘Hwer't it opoankomt is bynammen ditte: dat it fan it greatste bilang is, by jinsels in goed noarmbisef to ûntwikketjen. In noarmbisef, dat net boun is oan ien bipaeld Frysk dialekt, dat romte lit foar eigen-aerdich-heden en persoanlikheden, ma rdochs: in noarm.’
Van der Woude syn artykel Standaardtaal en dialekt in Friesland (Taal en tongval 12 (1960) 9-23) lyket mij fon minder belang.
Don is dur noch ut artykel fon D.A. Tamminga, It sprutsen en it skreaune Frysk (De Tsjerne 1966, 468-479), belangryk fwarol ómdot Tamminga de begrypen skrjotaal-sprektaal, stondet-dialekt, goed friesk - min friesk, mai de besteande stavering fleureg tróchenwar klutst - un skwalfwarbeeld dus fon de betiezing dyt dur vot dusse kwesjes oanbelanget bestjit.
Dot is ut don vól savot. Fjidders vurt dur net teöretysjerre, mar praktysjerre. Dur vurt bên en kar-friezen (sat ik de fon kómô net-friesktalegen mar neame sil) un beskaat soate friesk óptwóngen: eag (net êg), bûsse (net bwósse), giel (net geel).
| |
Vot is dyalekt - vot is stondettaal?
Ut lyket mij belangryk óm jir doch un pear wurden oer te sezen. Under dyalekt sû ik ferstean vólle: un taal dyt mai oare talen un mienskiplik kómô hat en dyt mai dy oare talen noch sa nau besibbe is, dot de praters fon dy talen enwar oer en ver ferstean kenne. Un stondettaal is ut dyalekt fon un befwarrjóchte klosse, dot de sprekkers fon de oare, besibbe, dyalekten os offysjele, echte en goede taal óplain vurt, verbijt don tagelyk dy oare dyalekten os krûm, nayf, ónsúver, boersk ôdien vurre. Mait dur nóit un frieskpratende elyte vest hat dyt syn taal de oare befólkingslagen óp lai, hat ut friesk gin echt stondet. En mij tinkt, dêr matte vij mar bliid óm vêze.
| |
Vot is stondetfriesk?
Dur bestjit yn ut friesk doch un soate fon offysjele taal, mar dy funksjonjerret olinneg os skrjotaal, óp ut sprutsene friesk hat ur amper of gin ynfloed. Dêróm tsjut ik dot stondetfriesk oan os ‘ut pepierene dyalekt’.
| |
| |
Ynsafiert dy skrjotaal doch ek os nwarrem fwar de sprektaal besocht vurt óp te lezen tróch elytêre fygueren (bevegingslju), en tróch dy fygueren sels ek os nwarrem praktysjerre vurt, rópt sóks vjerstonnen óp. Bij mij; bij un Josse de Haan, dyt dur ol us oer skreon hat yn de Ljauter Kronte.
Hûndet ier lyn pikten de minsken ut dot har un taal óplain vaar. Dy tiid is fwarbij. Sil dur yn ut friesk un echte stondettaal kómme, dyt akseptjerre vurt en funksjonjerret, don sil dy yn mienskiplek oerlees fêststeld vurre matte.
| |
Is stondetfriesk better Friesk?
Maidot ut stondetfriesk vinlek olinneg bestjit os skrjotaal en amper nwarrem is fwar de sprektaal, vylst dêrfwaroer de dyalekten sprutsen, mar amper of net skreon vurre, ken der net goed fergelyke vurre. Yn de dyalekten, de ferskillende soaten sprutsen friesk, sit un soat ónront, mar dot ónront ken dur útsúvere vurre en don hôrt mun neffens mij goed friesk oer. Nammes ek yn de skrjotaal sat dy tapost vurt sit un soat ôjet.
Fergelyket mun de skrjotaal vud fwar vud mai de dyalekten, don kómt mun ta de kónklúzje dot de skrjotaal fwar ut grutste pat lykóp rint mai de dyalekten, en dot ur fwar un oar pat don us un vud út dut dyalekt ópnimt en don ver us ien út dot. Fon un beskate regelmjittegens yn dot útkiezen en fersmyten is neat te femimmen. Vêrómt bijgelyks ‘eag’ befwarrjóchte vurt boppe ‘eeg’ en ‘êg’ is net dúdlek. Vêrómt kreupelfwarmen os ‘ik bin kómd’ of ‘ik bin kaam’ fleureg brûkt vurre maie naist ‘ik bin kómmen’, mar lûûdsóntjauingen sónder vryt of slyt lykos ‘ik rón’ en ‘bwósse’ net tastien binne, dot is un mystearje.
Ut ut dyalekt vai sjoen is ut stondetfriesk grif net better of súverder; ut is un ynkónsekwent gearmjuksel fon ûnderskate dyalekten.
| |
Myn taalgebrûk
Van der Meer hat ljo ik vot un núver ydee fon myn taalgebrûk fon ut lêste ier. ‘Moi’, ‘frachtwijnen’, ‘bljowe’ binne bij him gin stondetfriesk; ‘maitsje’ en ‘naist’ binne ut vól. Beholven dot ur net dúdlek makket vêrómt ‘moi’ ensfh. gín stondet is en ‘naist’ ensfh. vól - mar dot nim ik him net kwea, vont dur is gin mins óp iede dyt dot dúdlek maitsje ken -, lyket ur te bevearen dot ik stondetfrieske en net-stondetfrieske vudfwarmen tróchenwar griem. Dot mat ik doch rjóchtsette.
Yn ut begin, dût ik mai un ienfôdeger stavering útain sette, haf ik vól dyalekten tróchenwar griemd. Vot mat mun? Un stavering os ‘bliuwe’ suggerjerret neffens mij de útspraak ‘bljûwe’ (sjug ek Sipma, Ta it Frysk), mar nimmen sait ‘bljûwe’, teminsten, ik haf it nóit heard. Dot dû haf ik naityd mar ‘bljowe’ skreon, dot yn olle gefollen vól bestjit. Ik hji ek de útspraak fon un oar dyalekt kieze kennen, mar ut vji deagevoan faileger óm
| |
| |
mij oan myn aigen dyalekt te hôren, vont dot beheaskje ik ut bêste. En bóppedot, vêróm sû ik frjemd bóppe aigen kieze?
Dût dusse gefollen har ópsteapelen, en ek oaren fon myn skrjowsels sainen dot ik nochol vot dyalektfwarmen brûkte, haf ik mij óp de saak beret en ik bin te riere vurren óm mij tenai mar kónsekwent oan myn aigen dyalekt te hôren, vont oas rón ik ut gefaar óm fon myn taalgebrûk krekt san rotsooitsje te maitsjen os ut tsjintvurrig saneamde stondetfriesk.
Ut is, óm krekt te vêzen, net helendol myn aigen dyalekt, ut is ut ydyolekt fon ús mem vêrt ik mij óp basjerje. Dy praat de taal un mooi stik súverder os mij. Dur sitte vól vudden yn dyt ónfriesk lykje, mar dot matte don ol tige ôde ynslûpsels vêze, bijfwarbeeld ‘keuze’, ‘geboaren’, ‘gebeord’. Lykegoed sû besocht vurre kenne óm dy vudden te ferfangen tróch argaïsmen os ‘kar’, ‘benne’, ‘bard’. Fon oare vudden dyt ôvykje fon ut stondetfriesk, bijfwarbeeld ‘kwaam’, ‘hat’ (dútsk Herz) bin ik net vis ot se ónfriesk binne. Is ut perfwast ónmooglek dot dy ‘w’ fon ‘kwaam’ út ut ôdgermaansk vai bevarre bleon is? Os ien mij dot bevize ken, sil ik him net ver skrjowe.
Ik besykje ek - mar noch net yn ut ferhaal vêrt Van der Meer óp kómt - óm beskate ynkónsekwinsjes óp te rûmjen. Un núver gefol is dy ai-ij. Dur rint grif un taalgrins tróch myn betteplak dot vij ‘hait’ naist ‘gijt’ seze, ‘sain’ naist ‘slijn’ - of ljevver, de ôdere generaasje sai dot; mynes hat olle ai's ferfóngen tróch oi's, dyt bij de ôderen olinneg fwarkómt os faryont fon al yn iepen vudlid.
Op de grins fon dyalekten kenne har fonsels núvere dingen fwardwan. Sels haf ik oltyt sain fon ‘mwóts’, ‘mwóthûn’,vot ús mem sai, mar dêrnaist ‘bûthûs’, ‘bûltsjeblaze’ vot ús hait syn útspraak vji. Ik brûk naistenwar ‘fûûl’ (ut is lang!) en ‘fwól’. ‘Dy kearel is fûûl’ betsjut: ut is un fanatyken; ‘Dy kearel is ‘fwól’ betsjut: hij hat neat fwar un oar oer. En fonsels: un aai is ‘fwól’, net ‘fûûl’.
Ik bin mij dur vól fon bevust dot de bazes fon myn taalgebrûk smel is en dot dur vól taalfwarmen yn sitte kenne dyt nochol persoanlek en/of nochol tafolleg binne. Mar ik haf deagewoan de tiid net óm mai un bônópnimmerke un pear tûzen ôde autochtoanen bijlôns te raizgjen.
| |
Mat dur un stondetfriesk vêze?
Mun mat besykje óm goed friesk te brûkken en óm juns taal te ferswargjen, dot yn olle gefollen. Ot dur dêrnaist ek noch un soate fon ‘karfriesk’ bestean mat, dot him basjerret óp ut mienskiplek fon de dyalekten en fjidders jir en dêr un taast dógt út de faryonten dyt de dyalekten maienwar ópsmyte, ik vit net. Vot nut hat sóks? Fwar de states fon ut friesk? Ut friesk is fwar mij un taal vêrt ik yn libje ken, net un prónkstik fwar óp de skwastjemontel.
Fwar ut leger ûnderviis hûgt dur yn olle gefollen gin stondet te kómmen;
| |
| |
de skwallen matte oanslútte bij de taal fon de streek. Fwar de lyteratuer hûgt ut ek net.
Ut lyket mij vinlek ta dot stondetfriesk olinneg mar noareg is fwar minsken dyt har dur graag óp fwarstean litte dot se goed friesk prate, en har dêrmai ûnderskiede fon ut gevoane fólk. Mar meskyn fersin ik mij.
| |
De ópbau fon ut stondetfriesk
Os ut vier noareg is dot dur un stondetfriesk kómt, don sû dot neffens mij sa ópbaud vurre matte:
1. | dur kómt un ynfentarysaasje fon:
a. | olle vudden dyt rûnóm yn Fryslon gelyk fwarkómme (de, ik, par) |
b. | olle vudden dyt oer un behaind gebiet fwarkómme (mof, jilstrôt) |
c. | olle vudden dyt mai lytse faryaasjes fwarkómme (rjappel, jirpel) |
d. | olle argaïsmen en neölogismen dyt (sa goed os) olinneg yn de lyteratuer fwarkómme. |
|
2. | dur vurre útskifte:
a. | olle vudden dyt ónfriesk binne en vêrfwart ut aigen of yn oarmons dyalekt un goedfriesk vud bestjit (ut hollonisme útteraad vurt ferfóngen tróch Dongeradeelster útsoate) |
b. | olle ónfrieske vudden vêrfwart mai kôns óp súkses un argaïsme of un neölogisme yn ut plak set vurre ken |
c. | olle ‘vylde’ annelogyfwarmen os: ik ha dient, ut begûng, hij skôp (dut spilet bynammen bij de tiidvudden) |
d. | olle ‘oerstollege’ faryaasjes dyt net bijdraagt ta de aigenhyd fon ut dyalekt en/of ta de rykdóm fon ut friesk yn ut olgemeen. Fon un rychje os aanstóns, aansens, aansent, aanst soe de bêste fwarrem útkoazen vurre matte |
|
3. | ut stondet sû don bestean út naikómmende lagen:
I. | un korpes vudden dot oer heel Fryslon gelyk is, jirbij yn begrepen vudden dyt oarsprónklek ta un lytse kryte behaind vjinnen, argaïsmen en neölogismen dyt yn ut plak fon hollonske ynslûpsels set binne |
II. | un pwasje dûbletten dyt net sa tige dyalekt-bûn binne, en dyt dus sónder beswier naist en tróchenwar brûkt vurre kenne, bijfwarbeeld aigentlek en vinlek |
III. | un rige dyalekt-bûnne faryaasjes dyt net tróchenwar brûkt vurre kenne (vaat kiel sait mait mat ek giel seze; vaat êg sait hûgt net bwósse te sezen; mar vaat bwósse sait mat vól êg seze) |
|
Dut is fonsels net yn un flók en un skeet klear; jir mat oan arbaide vurre tróch un plûg minsken dyt goed óp de hichte binne mai ut ôdfriesk, ut midfriesk en ut nijfriesk, sees mar un stik of tsien Bumas, un stik of ien Feitsma, en un stik of tólve Tjepkemas.
|
|