Mar om nou ta myn doel to kommen: de standert hoecht om mij net foroare to wurden. Dan soene wij it probleem hawwe foar hokfoar standert we dan wer kieze moatte, mei alle strideraesje dy't dat yn Fryslân grif opleveret.
Om noch tichter ta myn doel to kommen: nim as foarbyld nou in Trinus Riemersma, foarfjochter fan staveringsforoaring... mar ek fan standertforoaring? Dat lêste moast hast wol, yn acht nimmende hwat er staveret yn syn eigen stavering. Ik ha in lyts listke makke fan wurden dy't er op in neffens mij fan de standertútspraek ôfwikende wize skriuwt, forl. hjirfoar it forhael ‘eksposysje’ yn Trotwaer 1976-3, de earste trije siden. Tusken heakjes folget de ympressionistysk oanjowne standertútspraek: moi (mai), frachtwijnen (-wainen), bljowe (bluwe), maitsje (frjemdernôch hjir wol de standert folge, fort. moi hjirboppe), sljo (sleau), ferklôiersklean (ferklaaiersklean), naist (wol standert!), loit (lait), sû (soe: twilûd), dwijl (dwail) - hoe sit it mei standertfrysk ai yn Trinus Riemersma syn dialekt? - sezen (sizzen), arege (adege), sjug (sjoch), ken (kin), stjit (stiet), deuze-dusse (disse), fingersijnen (-ainen), stonne (steane), vji (wie), rón (rûn, Holl. liep), hjinnen (hienen), varen (waden), nóm (naem), bljode (bleau), trijn (train), sêg (seach), vurren (wudden), loinen (lainen), dut (dit)... ensfh.
Nei oanleiding fan dizze list rize bij mij de folgjende fragen:
(1) | is Riemersma, of hwa dan ek fan de staveringsforoarders, it mei mij iens dat hjir fan de standert ôfwykt wurdt? |
(2) | as dat it gefal is, hwerom wurdt hjir fan de standert ôfwykt? Stiet dy to fier fan it sprutsen Frysk ôf, of hoe sit dat? |
(3) | hwat foar standert komt der dan foar yn it plak, en op hokker grounen? Hwerom bijgelyks bljowe en net bluwe, sljo en net sleau? |
(4) | of moat elk mar skriuwe sa't er praet? Hoecht der hielendal gjin standert to wêzen? |
(5) | is hij (of binne se) it mei mij iens dat de standertútspraek net sa lokael oandocht, boppe de dialekten stiet, omt er sa njonkelytsen histoarysk groeid is, en dat it gefaerlik is om in nije standert to ‘skeppen’, dy't wol lokael oandocht, fanwege de wjerstannen dy't dat oproppe kin? |
(6) | of ha ik finael de planke mis roaid mei de stelling dat der in standert is, dy't je wol net altyd prate, mar dêr't je je dan dochs nei rjochtsje kinne? |
(7) | en hat de eventuele stelling dat je sa folle mooglik staverje moatte sa't de minsken prate net as logyske konsekwinsje dat wij tonei net langer ‘kaei’ mar ‘sleutel’ skriuwe, net ‘ruft’ mar ‘luier’, net ‘noas’, mar ‘neus’, net ‘Harns’ mar ‘Harlingen’, net ‘Sleat’ mar ‘Sloten’, net ‘kjimme’ mar ‘kamme’, net ‘wurkje’ mar ‘werke’, net ‘fjochtsje’ mar ‘fechte’ of ‘fechtsje’, net ‘moanne’ mar ‘maand’, net ‘angel’ mar ‘hengel’, net ‘riem’ mar ‘roeispaan’, net ‘draek’ mar ‘vlieger’, net ‘nawle’ mar ‘navel’, net ‘bak’ mar ‘beskút’, net ‘libben’ mar ‘leven’, net ‘boppe’ mar ‘boven’, net ‘ûnder’ mar ‘beneden’, net ‘stjûr’ mar
|