J.H. Brouwer
Friisk fees
Friisk fees. En antologii ütjden faan Volkert F. Faltings an Gemard Röper mä grafik faan Reinhard Bordel.
Otterndorf 1976. (Reihe: ‘Nordfriesland Literarisch’, Band I) Priis: 18 DM. To krijen by Nordfriisk Instituut to Bredstedt.
De minmachtige, en mín-machtige, Noardfriezen sette jin út en troch foar in forrassing. Koartby forskynde, by deselde printerij yn Otterndorf, de nije útjefte fan ‘Fan boppen en bedeeln. Halunder Faarsken en Feersnakkestekken fer Letjen en Grooten, nai apskrewwen fan James Packross med itklept Büln fan Fredi Janssen en Christa Panse’, in kostlik boek, ek troch de illustraesjes, en nou dit. ‘Friisk fees’, in blomlêzing fan poëzij út de ûnderskate Noardfryske dialekten, falt alderearst op troch syn moderne útfiering: it omslach, yn kleuren printe, en troch de teksten hinne gâns illustraesjes yn ûnderskate techniken (houtfiken, linoleumfiken, etsen, poatlead- en pentekeningen, ‘zeefdrukken’) dy't tige bisjen lije kinne, allegearre fan 'e hân fan Reinhard Bordel út Wyk op Föhr. Ek de typografyske forsoarging is yn oarder. Tekst en byld foarmje wol gjin ienheit en dochs ek wol wer, omdat fan beide Noardfryslân it motyf is. Dit is sûnder mis in útjefte dêr't Noardfryslân mei foar it ljocht komme kin.
De útjowers binne fan doel in twadde diel folgje to litten mei wiidweidige literaire bioardieling fan 'e teksten, mei wurdlisten ensafuorthinne. Dat liket my in skoan ding ta, foaral ek foar de Westerlauwerske Friezen, hwant ek as Jo miene Jo wol aerdich goed mei it Noardfrysk rêdde to kinnen fal it net ta de hjir beane lyryk yn alle bysûnderheden nei to kommen. Sa is it my alteas somtiden gien. En sa'n taljochtsjend diel soe ek in bêst ding wêze, as de hope fan 'e gearstallers opgean mocht dat it boek brûkt wurde sil as learmateriael foar de hegere klassen fan 'e middelbere skoallen. Dat soe moai wêze.
Noardfryslân hat, lyk as bikend wêze mei, gâns in rige dialekten, dy't inoar noch al hwat ûntrinne. Allegearre binne de hjir fortsjinwurdige, op Sylt nei. Dat bigryp ik net goed. It sil wol hjir yn sitte, dat de gearstallers in bondel moderne Noardfryske lyryk jaen woene, mar soene nou fersen lyk as Herm. Schmidt dy levere hat yn it Jahresbericht 1976 fan 'e ‘Söl'ring Foriining’ (ik bidoel ‘Sternen’ en ‘Aanin?’ yn ‘Friisk fees’ misstien hawwe? It wol my net oan. Ik wit wol, Herm. Schmidt heart ta de âlderein en hat syn eigen styl fan skriuwen, de measte skriuwers yn dit boek binne aerdich jonger (James Krüss, berne 1926 en Jap Ferlaat, 1931 rinne der hwat út, de oaren binne berne 1945, 1946, ien sels 1951) en der is fansels neat op tsjin, dat de jongere generaesje hjir oan bod komt, mar dat der gjin Sylter skriuwer yn 'e