Om mei van Hijum's earste biswier útein to setten.
Van Hijum is it net iens mei myn útliz fan it wurd Deadeboek. Hy forliket it mei it bigryp berneboek. Ik sitear van Hijum: ‘Miskien hie Willem der better oan dien as er bisocht hie fêst to stellen hwat de bitsjutting fan it wurd deadeboek wêze kin. Nei myn bitinken binne der twa mooglikheden:
1. boek oer deaden.
2. boek foar deaden.
In wurdforklearring dy't analooch is oan de wurdforklearring fan bygelyks berneboek.’
Nou grypt van Hijum nei it wurdboek as it om it wurd charlatan giet dat ik doch dat ek mar nou't it om it wurd deadeboek giet. Ik nim lyk as van Hijum die de greate van Dale der by: ‘Dodenboek: geschrift dat de oude Egyptenaren hun afgestorvenen meegaven, bevattende heilige formules en gebeden’. Dat is alles hwat myn twadielige van Dale der fan seit.
Om van Hijum to wille to wêzen nim ik it wurdboek dat ik al earder oantúgd hie de ‘Koenen-Endepols’. It wurd deadeboek stiet der net yn.
Nou ek noch mar eefkes myn Larousse encyclopedy:
‘Egypt. oudh. Reeks voorstellingen die een geheel vormen en die men daarom boek noemt. Het dodenboek werd van de 18de dynastie af op de muren van de graven of op de wanden van de sarcofagen afgebeeld. De voorstellingen die ook papyrussen bekend zijn gaven de tocht van de zon in de nachtelijke uren weer en hadden ten doel de wedergeboorte van de overledene - oorspronkelijk alleen die van de overleden farao - te bewerkstelligen’.
Soene wy út it feit dat it wurd deadeboek net yn alle wurdboeken foarkomt konkludearje kinne dat it wurd syn eigen spesifike godtsjinsthistoaryske bitsjutting en funksje nat? As dat sa is, dan sil it wurd stean moatte yn de greate dútske encyclopedy fan de godtsjinsten de R.G.G.: Die Religon in Geschichte und Gegenwart’.
R.G.G.: Agypten II, 114: ‘Die texte, die sich aus den Pyramidentexten weiterentwickelt haben, finden wir nun auf den Sargwänden der Vornehmen und schlieszlich auf Papyrusrollen geschrieben, dem Toten auf den Sarg gelegt oder gar in die Mumienbinden gewickelt(:Totenbuch)’.
Hiel bûnt makket van Hijum it as er deadeboek en berneboek yn syn wurdforklearring fan beide forliket. Is in berneboek wol in boek oer bern? Ik sykje it wurd kinderboek op yn van Dale: ‘boek voor kinderen geschreven of geschikt’.
Koenen-Endepols: boek geschikt of bestemd voor kinderen.
Larousse: boek dat voor kinderen geschikt en bestemd is.
Van Hijum mei om my rêstich wurden in rommere bitsjutting jaen as de wurdboeken dogge. Ik hâld my leaver oan de wurdboekbitsjuttings. Tink ris yn dat in willekeurich boek oer bern in berneboek hjitte soe. It komt wierskynlik faker net as wol foar dat boeken oer bern berneboeken binne. Dat Jan Wybenga in ûneigenlik gebrûk makket fan it wurd deadeboek moat