It soe hielendal net frjemd wêze as dizze bisprekker op groun fan syn skriuwûnderfinings-as-dichter ta in oerdreaun posityf oardiel komt oer syn fers. En dan praet ik allinne noch mar fan dy nuver-loksillige gefoelens dy't har by it meitsjen fan in fers oppenearje kinne. Hwant der komt mear.
Ik kin ek sa wêze dat de persoan as bisprekker in fers tige posityf bioardielet inkeld op groun fan it feit, dat er der yn 'e persoan as dichter sa'n soad wurk fan hawn hat. Tiid, muoite en inket dy't oan it fers bistege wurden binne, wurde dan ta faktor makke, dy't dit fers ta in treflik fers meitsje. Yn sa'n gefal binne de skeppingsmuoiten rjocht evenredich oan de kwaliteit fan it fers.
Oarsom kin it ek. Dan komt de persoan as bisprekker ta in posityf oardiel inkeld op groun fan it feit, dat in fers yndertiid troch de persoan as dichter yn ien kear delskreaun wurden is. Skeppingsflottens liedt dan, al of net forhaspele mei falske authentisiteit, automatysk ta kwaliteit. krekt as soe foar-'t-faderlân-wei-skriuwen altyd goeije poëzij garandearje. Krekt as soe, yn it earste gefal, bealgjen-en-bihoffenjen altyd pûrbêste fersen opsmite.
Faeks binne dit ekstremen en ûnderskat ik it objektifearjend formogen fan de persoan as bisprekker. Kin bêst sa wêze, mar ik bliuw derby dat de persoan as bisprekker him nea net folslein losmeitsje kin fan de persoan as dichter. Hwat greater it tiidrek tusken skriuwen en bisprekken fan it fers, hwat greater it formogen om to objektifearjen, dat wol, mat der sil altyd eat bliuwe fan weromkommen, fan réferearen-oan. It wol my net oan dat in dichter by it lêzen fan syn eigen fers dit fers as folslein nij ûndergiet, lykas soks it gefal is by de ûnôfhinklike bisprekker.
Boppedat, de dichter hat it krityske stadium al hawn, nammentlik by it skriuwen fan it fers en binammen by de gearstalling fan de bondel: dit wol, dat net. Dêr hat er him, yn sa fierhinne soks mooglik is, al manifesteard as kritikus. As er dan nei it forskinen fan de bondel de fersen nochris hifkje moat, komt soks yn feite del op in forantwurdzjen fan dy eigen kar. En it kin hast net oars, dat dan de fersen ûndergeskikt makke wurde oan de fordigening fan dy kar.
En nou praet ik noch net iens oer de sosjale kant fan de saek. Hwant dizze bisprekker hat fansels altyd gelyk. Hwat in oare kritikus ek seit of skriuwt, dizze kritikus hat it lêste wurd. Hy wit ommers krekt hwat de dichter wol of net bidoeld hat mei dit en mei dat. Dêr falt net oer to praten.
En nou praet ik ek noch net iens oer de literaire kant fan de saek. Hwant it fers sels hat fansels ek neat yn to bringen. Hwat is fers ek seit, de dichter, of leaver: dizze bisprekker wit it better. Ja, yn feite jowt dizze bisprekker himsels as dichter in klap foar de kop. Krekt as koe dy syn fers himsels net rêdde en hie it sa'n forlet fan in oanfoljend en forbetterjend kommentaer.
It mei gjin oanwenst wurde dat dichters harren eigen fersen bisprekke. De poëzij koe dan wolris oan kwaliteit en klearens forlieze om 't de dichter to maklik syn bisprekkerskip ynkalkulearje. Hy hat dan de krityk efter de hân om to sizzen hwat it fers net seit, mar winliken al sizze moast.