Trotwaer. Jaargang 9(1977)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 127] [p. 127] Bouke Oldenhof Hjerst De sinne stoarret klomsk de bosk yn, it wâld andert mei har blêdden toar en sûnder libben, wurch allinne wurch en sûnder moed sykj' ik nei in heger nij biwâld. Mar sjoch! Flucht der in fûgel oer de wrâld, fortelt er it de wolkens? En ûnder, lústert net de wyn fan sé? Dêr, wûnder: in streamke sjongt yn stimmen tûzenfâld! Yn in wolken: swijend stiet hja dêr. Beammen bidde, it wetter langet. Yn stilte is hja. Dan floeit hja, sjongt yn wetters maet it streamke yn. Ik langje, it eanget my: in to skerp ljocht wiist my it paed. Vorige Volgende